It plan om Jezus om te bringen
1It feest fan it ûnsuorre brea, dat Peaske hjit, kaam neieroan. 2De hegeprysters en de wetlearaars, bang as se wienen foar it folk, sochten nei in middel om Him út ’e wei te krijen.
3Doe foer de Satan yn Judas, dy’t Iskariot neamd waard, ien fan de tolve. 4Hy stapte nei de hegeprysters en de kommandanten fan ’e timpelwacht en lei mei harren oer, hoe’t er Him oan harren oerleverje soe. 5Dy wienen dêr wol mei ynnommen en seinen him jild ta. 6Hy gong derop yn en seach út nei in gaadlike gelegenheid om Him sûnder opskuor oan harren oer te leverjen.
De tarissing fan it peaskemiel
7Doe kaam de dei fan it ûnsuorre brea, de dei dat it peaskelaam slachte wurde moast. 8Jezus stjoerde Petrus en Johannes derop út mei de wurden: Gean jimme foarút en meitsje alles ree foar ús peaskemiel. 9Hja seinen tsjin Him: Wêr wolle Jo, dat wy it reemeitsje?
10Hy antwurde: As jimme de stêd yn geane, sil jimme in man temjitte komme mei in krûk wetter. Gean mei him it hûs yn, dêr’t hy yn giet. 11Tsjin de eigener fan dat hûs moatte jim sizze: De Master freget: Wêr is de seal dêr’t Ik mei myn learlingen it peaskemiel ite kin? 12Hy sil jimme dan in grutte boppeseal wize, dy’t dêrta ynrjochte is. Dêr moatte jimme alles klear sette.
13Hja gongen op stap, fûnen alles sa’t Er sein hie, en makken it peaskemiel klear.
De ynstelling fan it hillich miel
14Doe’t it tiid wie, gong Er mei de apostels oan tafel. 15Hy sei tsjin harren: Ik haw der mei langst nei útsjoen om foar myn lijen dit peaskemiel mei jimme te iten, 16want Ik sis jimme: Ik sil it net wer ite, oant it syn bekroaning krige hat yn Gods keninkryk.
17Doe naam Er in beker, tanke en sei: Nim dizze beker, lit him ûnder jimme omgean en drink der allegearre út, 18want Ik sis jimme, fan no ôf oan sil Ik net mear drinke fan wat de wynstok jout, oant Gods ryk kommen is.
19Doe naam Er brea, tanke, briek it yn stikken en joech it harren mei de wurden: Dit is myn lichem, [dat foar jimme jûn wurdt. Doch it altiten, My ta oantinken.
20Sa naam Er nei it miel ek de beker en sei: Dizze beker is it nije ferbûn troch it bloed dat foar jimme útstoart wurdt]. 21Mar sjoch, de hân fan ’e man dy’t My ferret, leit hjir mei mines op ’e tafel. 22Wis, de Minskesoan giet hinne sa’t it beskikt is, mar ûngelokkich de man troch wa’t Er ferret wurdt.
23Doe krigen se mei-inoar strideraasje oer de fraach wa fan harren it dan wêze soe, dy’t dat yn it sin hie.
Wa is de foarnaamste?
24Se rekken ek mei-inoar oan it tsieren oer de fraach wa fan harren as de foarnaamste jilde koe. 25Doe sei Er tsjin harren: By oare folken binne de keningen hear oer har lju. Dy’t by harren de macht hawwe, litte harsels folksfreonen neame. 26Mar sa moat it by jimme net! Nee, de foarnaamste ûnder jimme moat him hâlde en drage as wie er de jongste, en de lieder as ien dy’t tsjinnet.
27Ommers, wa is de foarnaamste, dy’t oansit of dy’t betsjinnet? Dy’t oansit, netwier? Mar Ik bin yn jimme fermidden as ien dy’t betsjinnet. 28Jimme binne it, dy’t My altyd trou bleaun binne, as it der foar My slim op oankaam. 29Dêrom meitsje Ik fan myn kant jimme de keninklike macht ta, lykas myn Heit dy My tamakke hat. 30Dan kinne jimme ite en drinke by myn tafel yn myn keninkryk en op troanen sitte as rjochters oer de tolve stammen fan Israel.
Petrus syn ûntrou foarsein
31Simon, Simon, tink derom, de satan hat jim opeaske om jimme te siljen as weet. 32Mar Ik haw foar dy bidden, dat dyn leauwen him net bejaan mei. En biste sels ta ynkear kommen, wês dan in stipe foar dyn bruorren.
33Mar Hear, sei Petrus tsjin Him, ik bin ree om mei Jo te gean oant yn gefangenis en dea. 34Jezus antwurde: Ik sis dy, Petrus, eardat de hoanne fannacht kraait, silsto trije kear sein hawwe, datst My net kenste.
Ponge, reissek en swurd
35Hy sei ek tsjin harren: Doe’t Ik jimme útstjoerd haw sûnder jildpong, reissek en sandalen, hawwe jim doe soms fan ’t ien of oar te min hân? Se seinen: Nee, hielendal net. 36Doe sei Er tsjin harren: Mar no is it oars: wa’t in ponge mei jild hat, moat dy meinimme en de reissek ek. Wa’t gjin swurd hat, moat syn mantel ferkeapje en dêr in swurd foar oantuge. 37Want Ik sis jimme: Oan My moat wiermakke wurde, wat de Skrift seit: ‘En hy is by de misdiedigers rekkene.’ Wat oer My beskikt is, krijt ommers syn ein. 38Sjoch Hear, seinen se, hjir binne twa swurden. Mar Hy sei tsjin harren: Sa kin it wol ta.
It gebed op ’e Oliveberch
39Hy gong de stêd út, nei de Oliveberch, sa’t Er wend wie. De learlingen gongen mei. 40Doe’t Er dêr kommen wie, sei Er tsjin harren: Bid dat jimme net yn gefaar fan sûnde reitsje.
41Hy gong in foech ein fierderop, likernôch safier as men in stien smite kin. Dêr foel Er op ’e knibbels en bidde: 42Heit, as it Jo beleavet, besparje My dizze beker, mar net wat Ik wol, moat barre, mar wat Jo wolle.
43Doe ferskynde Him in ingel út ’e himel, dy’t Him sterke. 44En yn uterste benaudheid bidde Er mei noch mear ynmoed. Syn swit foel as drippen bloed op ’e grûn.
45Nei it bidden gong Er oerein, en doe’t Er by de learlingen kaam, seach Er, dat se fan fertriet yn ’e sliep fallen wienen. 46Hy sei tsjin harren: Hoe kinne jimme no sliepe? Kom oerein en bid dochs, dat jimme net yn gefaar fan sûnde reitsje.
Jezus ferret en oanhâlden
47Mei’t Er dat sei, wie der al in macht folk, en ien fan de tolve, de man dy’t Judas hiet, rûn foarop. Dy kaam op Jezus ta en joech Him in tút. 48Mar Jezus sei tsjin him: Judas, wolsto de Minskesoan ferriede mei in tút? 49Doe’t syn meistanners seagen, wêr’t it op tagong, seinen se: Hear, sille wy der mei it swurd op ynslaan? 50Ien fan harren houde al op ’e feint fan ’e hegepryster yn en sloech him it rjochterear ôf. 51Mar Jezus kaam tuskenbeiden en sei: Sa kin it wol ta. Hy rekke it ear oan en makke de man wer better.
52Doe sei Jezus tsjin de hegeprysters, kommandanten fan ’e timpelwacht en âldsten, dy’t op Him ôfkommen wienen: As tsjin in rover binne jimme derop útgien mei swurden en stokken? 53Dei oan dei wie Ik by jimme yn ’e timpel en doe hawwe jimme gjin hân nei My útstutsen. Mar dit is jimme oere, dit is de macht fan ’e tsjusternis.
Petrus seit dat er Jezus net ken
54Se griepen Him, namen Him mei en brochten Him yn it hûs fan ’e hegepryster. Petrus folge harren op in distânsje. 55Doe’t se midden yn it foarhôf in fjoer oanset hienen en dêr omhinne sitten gien wienen, siet Petrus tusken harren yn. 56By it ljocht fan it fjoer seach in tsjinstfamke him dêr sitten. Se naam him skerp op en sei: Dy dêr wie ek by Him. 57Petrus ûntstried it har en sei: Mins, ik ken Him net.
58Efkes letter waard in oarenien him gewaar en sei: Jo binne ek ien fan harren. Mar Petrus sei: Man, ikke net.
59Sawat in oere neitiid wie der wer ien dy’t stiif en strak úthâlde: wis en wrychtich, dizze man wie ek by Him. It is ommers in Galileeër. 60Petrus sei lykwols: Man, ik wit net, wêr’t jo it oer hawwe. En ynienen, mei’t er dat sei, kraaide der in hoanne.
61Doe kearde de Hear him om en seach Petrus oan. En Petrus kaam it yn ’t sin, hoe’t de Hear tsjin him sein hie: Eardat de hoanne fannacht kraait, silsto trije kear sein hawwe, datst My net kenste. 62Doe rûn Petrus derút en begûn bitter te skriemen.
Jezus wurdt bespot en slein
63De mannen dy’t de wacht hienen by Jezus, stutsen Him de gek oan. 64Se dienen Him in doek om ’e holle, sloegen Him en fregen: Sis ris, profeet, wa is it dy’t dy slein hat? 65En noch folle mear skandlik praat sloegen se der tsjin Him út.
Jezus foar de Hege Rie
66Doe’t it dei wurden wie, kamen de âldsten fan it folk, de hegeprysters en de wetlearaars byinoar en lieten Him yn har gearkomste bringe. 67Se seinen: As Jo de Kristus binne, sis it ús dan. Hy sei tsjin harren: As Ik it jim sis, leauwe jim My dochs net. 68En as Ik fragen doch, jouwe jim My dochs gjin antwurd. 69Mar fan no ôf oan sil de Minskesoan sitte oan ’e rjochterhân fan de Almachtige God.
70Doe seinen se allegearre: Jo binne dus de Soan fan God? En Hy antwurde: Sa’t jim sizze, dat bin Ik. 71Hja seinen: Wêrfoar soenen wy noch mear bewiis hawwe moatte? Wy hawwe it no ommers sels út syn eigen mûle heard.