De jefte fan ’e widdo
1Hy seach, hoe’t de rike minsken har jeften yn ’e offerkiste stoarten. 2Hy seach ek, hoe’t in earme widdo der twa sinten yn die. 3Doe sei Er: Wier, Ik sis jimme, dy earme widdo hat der it measte fan allegearre yn dien. 4Al dy oaren ommers hawwe wat offere fan har rykdom, mar sij hat der fan har earmoed alles yn dien, wat se hie om fan te libjen.
De ferwoesting fan ’e timpel foarsein
5Doe’t guon it deroer hienen, hoe prachtich de timpel wie mei syn moaie stiennen en wijjeften, sei Er: 6Der komt in tiid dat der fan al wat jimme sjogge, gjin stien op ’e oare litten wurdt. It giet allegear yn pún.
Tekens en ferfolgingen
7Doe fregen se Him: Master, wannear sil dat wêze? en: Hok teken kinne wy oan sjen dat it begjint? 8Hy sei: Tink derom, dat jimme net op ’e doele reitsje. Der sille hiel wat komme, dy’t ûnder myn namme sizze: Ik bin it, en: De tiid is kommen. Rin sokken net achternei. 9Reitsje net fan ’e wize, as jimme hearre fan oarloggen en revolúsjes, want dat moat earst allegear komme. Mar dêrom is de ein der fuort noch net.
10Doe sei Er tsjin harren: Folk sil tsjin folk stean en keninkryk tsjin keninkryk. 11Der sille swiere ierdskokken wêze en pest en hongersneed, no hjirre, dan dêre. Bjusterbaarlike dingen sille der barre. Oan ’e loft komme grutte tekens. 12Mar ear’t dat allegearre safier is, sille se jimme oanpakke en ferfolgje, se sille jimme oerleverje oan ’e synagogen, achter ’t slot sette en jimme opbringe foar keningen en steedhâlders, omdat jimme My folgje. 13Dan wurdt it getugen foar jimme! 14Tink derom, dat jim net yn ’t foar jim ferdigening tariede. 15Want Ik sil jimme wurden yn ’e mûle jaan en wysheid dêr’t gjinien fan jimme tsjinstanners tsjin opwoeksen is en ek mar wat tsjinyn bringe kin.
16Ja, jimme sille útlevere wurde troch jim eigen âlden, bruorren en susters, famylje en freonen. Guon fan jimme sille se deadzje 17en elkenien sil jimme haatsje om myn namme. 18Mar net in hier fan ’e holle sille jim dêrtroch kwytreitsje. 19Troch út te hâlden winne jimme jim libben.
De ferwoesting fan Jeruzalem foarsein
20As jimme om hiele Jeruzalem hinne legers sjogge, rekkenje der dan mar op, dat de ferwoesting fan ’e stêd neioan is. 21Dan moatte de lju yn Judéa ûntwyk sykje it berchlân yn. Dy’t yn ’e stêd binne, moatte besykje om derút te kommen. Dy’t bûtenút tahâlde, moatte de stêd net yngean, 22want dagen fan wraak sille it wêze, as alles útkomt wat yn ’e Skrift stiet.
23Earme froulju, dy’t yn dy dagen yn ferwachting binne of in bern oan it boarst hawwe, want grutte need sil der oer it lân komme en dit folk sil Gods grime fiele. 24Guon sille falle troch it skerpe swurd, oaren as kriichsgefangenen weifierd wurde nei de lannen fan alle folken. Jeruzalem sil troch de heidens fertrape wurde, oant de tiid fan ’e heidens ek om is.
It kommen fan de Minskesoan
25Der sille frjemde dingen barre mei de sinne, de moanne en de stjerren. Op ierde sille de folken yn grutte noed sitte en net witte, hoe’t se ûntkomme moatte oan ’e bolderjende en skomjende see. 26De minsken sille it bestjerre fan eangst en spanning om wat der oer de wrâld komme sil, want it stjerreleger sil yn ûntstjoer reitsje.
27Dan sille se de Minskesoan kommen sjen op in wolk mei grutte macht en majesteit. 28Wannear’t dat allegearre begjint, kom dan oerein en stek de holle op, want jimme ferlossing is neioan.
Wat de figebeam jin leare kin
29Hy fertelde harren in gelikenis. Sjoch ris nei de figebeam en alle oare beammen. 30Sagau’t jim dy útrinnen sjogge, witte jimme út jimsels, dat it hast simmer is. 31Sa moatte jimme ek witte: As jimme dy dingen barren sjogge, dan is Gods ryk neioan. 32Ja, Ik sis jimme: De minsken fan no sille dat allegearre noch belibje. 33Himel en ierde sille foarbygean, mar myn wurden sille net foarbygean.
Oantrún om op te passen
34Pas op, dat jim net yn ’e sûs reitsje troch in los libben, dronkenskip en de soargen om it bestean, en dat dy dei jimme net oer it mad komt. 35Want as in net sil dy dei falle oer allegearre, wêr’t se op ierde ek wenje.
36Wês dan ek altyd wach en bid dat jimme de krêft hawwe meie om te ûntkommen oan al wat der wankt, en te bestean foar de Minskesoan.
37Deis joech Er ûnderrjocht yn ’e timpel; jûns gong Er de stêd út en oernachte dan op ’e berch dy’t de Oliveberch neamd wurdt. 38Moarns betiid kaam al it folk dan by Him yn ’e timpel om Him te hearren.