De prysters geane har amt oan
1De achtste deis rôp Mozes Aäron mei syn soannen en de âldsten fan Israel. 2Hy sei tsjin Aäron: Nim foar dysels in bollekeal foar in sûnde-offer en in raam foar in brânoffer, geve bisten en bring se foar de eagen fan de Heare. 3En sis tsjin ’e Israeliten: Nim in geitebok foar in sûnde-offer en in keal en in skiep, beide fan in jier en sûnder skeel, foar in brânoffer. 4Fierders in bolle en in raam foar in frede-offer, om dy foar de eagen fan de Heare te offerjen en in moaloffer oanmongen mei oalje, want hjoed sil de Heare jimme ferskine.
5Doe namen se alles wat Mozes hjitten hie mei nei de foarkant fan ’e tinte fan ’e moeting en de hiele mienskip kaam neier en stelde him op foar de Heare. 6Mozes sei: Dit is it wat de Heare jim hjitten hat te dwaan, dat de hearlikheid fan de Heare jim ferskine mei. 7En tsjin Aäron sei Mozes: Gean nei it alter ta en meitsje dyn sûnde-offer en dyn brânoffer klear en bewurkje fersoening foar dysels en foar it folk. Meitsje ek de offerjefte fan it folk klear en bewurkje fersoening foar har, lykas de Heare hjitten hat.
8Doe gong Aäron nei it alter ta en slachte syn eigen keal as in sûnde-offer. 9En de soannen fan Aäron brochten him it bloed; hy dipte de finger yn it bloed en striek dat oan ’e hoarnen fan it alter en it oare bloed geat er út oan ’e foet fan it alter. 10It fet, de nieren en de leverkwabbe fan it sûnde-offer liet er op it alter yn reek opgean, lykas de Heare Mozes hjitten hie. 11It fleis en de hûd lykwols baarnde er op bûten it legerkamp.
12Doe slachte er it brânoffer en de soannen fan Aäron rikten him it bloed oan en hy sprinkele dat oan alle kanten tsjin it alter. 13Dêrop rikten se him it brânoffer yn stikken oan en ek de kop en hy liet dat op it alter yn reek opgean. 14Doe wosk er it yngewant en de poaten en hy liet dat op it alter boppe op it brânoffer yn reek opgean.
15Dêrnei brocht er de offerjefte fan it folk. Hy naam de geitebok foar it sûnde-offer, dy’t foar it folk wie, slachte him en brocht him as sûnde-offer, lykas it earste dier. 16Doe brocht er it brânoffer en die dêrmei neffens it foarskrift. 17Dêrop brocht er it moaloffer. Hy naam dêr in hanfol fan en liet dat op it alter yn reek opgean, bûten it moarnsbrânoffer om.
18Doe slachte er de bolle en de raam foar it frede-offer fan it folk. De soannen fan Aäron rikten him it bloed oan en hy sprinkele dat oan alle kanten tsjin it alter. 19Mar de stikken fet fan ’e bolle en fan ’e raam, de sturt en it net, de nieren en de leverkwabbe, 20dy stikken fet leinen se by de boarststikken en doe liet er dy stikken fet yn reek opgean. 21De boarststikken mei de rjochterbout beweegde Aäron as in beweechoffer foar de eagen fan de Heare hinne-en-wer, sa’t Mozes hjitten hie. 22Doe heve Aäron de hannen op nei it folk ta en segene har. Dêrop gong er wer nei ûnderen, nei’t er mei it bringen fan it sûnde-offer, it brânoffer en it frede-offer klear wie.
23En Mozes en Aäron gongen yn ’e tinte fan ’e moeting. Doe’t se dêr wer útkamen en it folk segenen, ferskynde de hearlikheid fan de Heare oan it hiele folk. 24En der gong in fjoer fan de Heare út. Dat fertarde it brânoffer mei de stikken fet op it alter. Doe’t it hiele folk it seach, jubelen se it út en lieten har foaroer falle.