Wijing fan Aäron en syn soannen
1De Heare spriek mei Mozes en sei: 2Nim Aäron en mei him syn soannen, de salvingsoalje, de interbolle foar it sûnde-offer, de beide rammen en de koer mei de ûnsuorre breaën, 3en rop de hiele mienskip byinoar by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting.
4En Mozes die krekt sa’t de Heare him opdroegen hie. De mienskip waard byinoarroppen by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 5Doe sei Mozes tsjin ’e gemeente: Dit is de saak dy’t de Heare my opdroegen hat om te dwaan. 6En doe liet Mozes Aäron en syn soannen neier komme en hy wosk har mei wetter. 7Hy die Aäron it ûnderkleed oan en bûn him de mulbân om. Doe klaaide er him yn ’e mantel en dêr die er de efod oerhinne. Dêr die er de mulrime foar de efod om en bûn dy dêrmei fêst. 8Dêr die er it boarstskyld oerhinne en yn it boarstskyld die er de Oerim en de Tûmmim. 9Doe sette er him de tulbân op ’e holle en op ’e tulbân sette er oan ’e foarkant de gouden plaat, de hillige kroane, lykas de Heare Mozes hjitten hie.
10Doe naam Mozes de salvingsoalje en salve de wenning mei alles dat dêryn wie en hillige it. 11Hy sprinkele ek sân kear dêr wat fan oer it alter en salve it alter mei alle gerei en it waskfet mei it fuotstik, om se te hilligjen. 12Ek geat er Aäron wat fan de salvingsoalje oer de holle en salve him sa om him te hilligjen. 13Doe liet Mozes de soannen fan Aäron neier komme en hy klaaide har yn ’e ûnderklean, die har de mulbân om en bûn har de kappen om, lykas de Heare Mozes hjitten hie.
14Hy liet de interbolle foar it sûnde-offer foarbringe en Aäron en syn soannen leinen de hannen op ’e kop fan ’e interbolle foar it sûnde-offer. 15Doe slachte Mozes dy en naam it bloed en striek dat mei de finger yn it rûnom oan ’e hoarnen fan it alter en sa ûntsûndige er it alter. It oare bloed geat er út oan ’e foet fan it alter. Sa hillige er dat om dêr fersoening oer te bewurkjen. 16Hy naam al it fet dat oan it yngewant sit, de leverkwabbe en de beide nieren mei it fet dat dêroan sit en Mozes liet dat op it alter yn reek opgean. 17Mar de interbolle mei de hûd, it fleis en de dong baarnde er bûten it legerkamp op, sa’t de Heare Mozes hjitten hie.
18Dêrop liet er de raam foar it brânoffer komme en Aäron en syn soannen leinen de hannen op ’e kop fan ’e raam. 19Doe slachte Mozes him en sprinkele it bloed oan alle kanten tsjin it alter oan. 20Doe dielde er de raam yn stikken en Mozes liet de kop, de stikken en it fet yn reek opgean. 21It yngewant en de poaten wosk er mei wetter en Mozes liet de hiele raam op it alter yn reek opgean. It wie in brânoffer ta in swietrook, it wie in fjoeroffer foar de Heare, sa’t de Heare Mozes hjitten hie.
22Doe liet er de twadde raam komme, de raam foar de ynwijing, en Aäron en syn soannen leinen de hannen op ’e kop fan ’e raam. 23Mozes slachte him en doe naam Mozes wat fan it bloed en dat die er Aäron op it rjochter earlapke, op ’e rjochter tomme en op ’e rjochter grutte tean.
24Dêrop liet er Aäron syn soannen neier komme en Mozes die har ek wat fan it bloed op it rjochter earlapke, op ’e rjochter tomme en op ’e rjochter grutte tean. Doe sprinkele Mozes it bloed oan alle kanten tsjin it alter oan. 25Hy naam it fet en de sturt en alle fet dat oan it yngewant sit, de leverkwabbe en de beide nieren mei it fet derby en de rjochter bout. 26En út ’e koer mei de ûnsuorre breaën dy’t foar de Heare stie, naam er ien ûnsuorre koeke, ien brea mei oalje oanmongen en ien platte koeke en hy lei dy op ’e stikken fet en op de rjochterbout. 27Dat allegearre joech er Aäron en syn soannen yn ’e hannen en hy beweegde dat hinne-en-wer as beweechoffer foar de Heare. 28Doe naam Mozes it har út ’e hannen en liet it op it brânoffer op it alter yn reek opgean. It wie in swietrokich ynwijingsoffer, in fjoeroffer foar de Heare. 29Dêrop naam Mozes it boarst en beweegde dat as beweechoffer hinne-en-wer foar de Heare. It wie Mozes syn diel fan ’e ynwijingsraam, sa’t de Heare Mozes hjitten hie.
30Doe naam Mozes wat fan ’e salvingsoalje en fan it bloed dat op it alter wie en sprinkele dat op Aäron en syn klean en ek op syn soannen en op dy har klean. Sa hillige er Aäron en syn klean en ek dy syn soannen en har klean.
31Mozes sei tsjin Aäron en tsjin syn soannen: Sied it fleis by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting en dêr moatte jimme it ek opite mei it brea dat yn ’e koer fan it ynwijingsoffer is, lykas ik hjitten haw mei de wurden: Aäron en syn soannen moatte it opite. 32Wat der fan it fleis en it brea oerbliuwt, dat moatte jimme opbaarne. 33Jimme meie sân dagen oanien net by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting weigean, oant de deis dat de dagen fan jim ynwijing om binne, want sân dagen sil jimme ynwijing duorje. 34Lykas it hjoed dien wurdt, sa hat de Heare hjitten, moat it tenei ek dien wurde, om fersoening oer jim te dwaan. 35Sân dagen oanien moatte jimme nacht en dei by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting bliuwe en de taak, troch de Heare opdroegen, waarnimme, dat jimme net stjerre, want sa is it my hjitten.
36En Aäron en syn soannen dienen alles dat de Heare troch bemiddeling fan Mozes hjitten hie.