Dea fan Nadab en Abihû
1Nadab en Abihû, soannen fan Aäron, namen elk har eigen fjoerpanne en dêr dienen se fjoer yn en leinen dêr rookwurk op. Sa brochten se frjemd fjoer foar de eagen fan de Heare, wylst Er har dat net hjitten hie. 2Doe gong der fjoer fan de Heare út, dat har fertarde en sa stoaren se foar de eagen fan de Heare. 3Doe sei Mozes tsjin Aäron: Dit is it wat de Heare sprutsen hat:
By dy’t My nei steane kom Ik ta myn hillichheid
en foar de eagen fan it hiele folk ta myn hearlikheid.
Mar Aäron hâlde him stil. 4Dêrop rôp Mozes Misjaël en Elsafan, soannen fan Oezziël, Aäron syn omke en hy sei tsjin har: Kom hjir, draach jim famyljeleden foar it hillichdom wei, it legerkamp út. 5En hja kamen en droegen se yn har ûnderklean bûten it legerkamp, sa’t Mozes it sein hie.
6Mozes sei tsjin Aäron en tsjin syn soannen Eleäzar en Itamar: Lit jim hier net los om ’e holle hingje en teskuor jim de klean net, dat jim net stjerre en Hy lilk wurde soe op ’e hiele mienskip. Jim folksgenoaten lykwols, it hiele folk Israel, sille skrieme oer de brân, dy’t de Heare oanstutsen hat. 7Mar jimme meie net ta de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting útkomme. Dan soenen jimme stjerre, want de salvingsoalje fan de Heare is op jim! En hja dienen neffens Mozes’ wurd.
Wyn en sterke drank ferbean
8De Heare sei tsjin Aäron: 9As jimme – do of dyn soannen – de tinte fan ’e moeting yn geane, meie jimme gjin wyn of sterke drank drinke. It soe jim dea wêze. Dat is in altydduorjend foarskrift foar jim neigeslachten, 10dat jimme it ûnderskie witte tusken it hillige en it net-hillige, tusken it ûnreine en it reine, 11en dat jimme de Israeliten ûnderrjocht jaan kinne oer alle foarskriften, dy’t de Heare jim troch bemiddeling fan Mozes opdroegen hat.
It oandiel fan ’e prysters yn ’e offers
12Mozes sei tsjin Aäron en tsjin Eleäzar en Itamar, de soannen dy’t him oerbleaun wienen: Jim kinne it moaloffer dat oerbleaun is fan ’e fjoeroffers fan de Heare nimme en dat njonken it alter opite as ûnsuorre breaën, want it is heechhillich. 13Jimme moatte it op in hillich plak ite, want it is it part dat dij en dyn soannen takomt fan ’e fjoeroffers fan de Heare. Sa is it my opdroegen. 14Mar it boarst dat hinne-en-wer en de bout dy’t op-en-del beweegd is, moatte jim op in rein plak ite, dosels mei dyn soannen en dochters, want dat is it diel fan ’e frede-offers fan de Heare, dat dij en dyn bern fan rjochten takomt. 15De bout dy’t op-en-del en it boarst dat hinne-en-wer beweegd wurdt, moat by de fjoeroffers fan ’e stikken fet dien wurde om dy hinne-en-wer te bewegen foar de eagen fan de Heare as in beweechoffer. Dat is in foarskrift foar altyd foar dij mei dyn soannen, sa’t de Heare hjitten hat.
16Mozes socht alles ôf om de bok fan it sûnde-offer, mar it die bliken, dat dy opbaarnd wie. Doe waard Mozes lilk op Eleäzar en Itamar, de oerbleaune soannen fan Aäron en hy sei: 17Wêrom hawwe jim it sûnde-offer net opiten op in hillich plak? It wie ommers heechhillich! En Hy hat it jimme dochs jûn om de sûnde fan ’e mienskip te dragen en sa foar de eagen fan de Heare fersoening oer har te bewurkjen? 18It bloed dêrfan is ommers net binnen yn it hillichdom brocht, dat jimme hienen it yn alle gefal yn it hillichdom ite moatten, lykas ik hjitten haw. 19Mar Aäron sei tsjin Mozes: Sjoch, hjoed ha se har sûnde-offer en har brânoffer brocht en no is my soks oerkommen. As ik hjoed it sûnde-offer iten hie, soe de Heare dat dan goedfûn ha? 20Doe’t Mozes dat heard hie, wie it him goed.