Nochris it skuldoffer
1Dit is de wet op it skuldoffer. It is heechhillich. 2Op it plak dêr’t se it brânoffer slachtsje, moatte se ek it skuldoffer slachtsje en it bloed dêrfan oan alle kanten tsjin it alter sprinkelje. 3Alle fet dêrfan moat er offerje: de sturt en it fet dat it yngewant bedekt, 4mei de beide nieren en it fet dat dêroan sit, dat oan ’e siden fêstsit. De leverkwabbe moat er mei de nieren weinimme. 5Dan sil de pryster dat de Heare op it alter as in fjoeroffer yn reek opgean litte. It is in skuldoffer. 6Alle manlju ûnder de prysters meie dêrfan ite; op in hillich plak moat it iten wurde. It is heechhillich.
7Foar it sûnde-offer en it skuldoffer jildt ien en deselde wet: It komt de pryster ta, dy’t dêr fersoening mei bewurket. 8As de pryster foar immen in brânoffer opdraacht, dan is de hûd fan it brânoffer dat er brocht hat, foar de pryster. 9Alle moaloffers dy’t yn ’e oven bakt wurde, en alles dat klearmakke wurdt yn ’e panne of op ’e bakplaat, sille foar de pryster wêze, dy’t dat offeret. 10En alle moaloffers dy’t mei oalje oanmongen binne, of dy’t droech binne, sille foar alle soannen fan Aäron wêze, foar de iene likegoed as foar de oare.
Nochris it frede-offer
11En dit is de wet op it frede-offer dat de Heare brocht wurde sil. 12As it by in tanksizzing offere wurdt, dan moatte by it tankoffer noch ûnsuorre koeken offere wurde, mei oalje oanmongen en ûnsuorre platte koeken mei oalje bestrutsen en besleek foar koeken, oanmongen mei oalje. 13As ien út tankberens in frede-offer bringt, dan moat er syn offerjefte bringe mei koeken fan riisd brea derby. 14Fan elke offerjefte sil er ien de Heare as wijjefte offerje. Dy sil foar de pryster wêze, dy’t it bloed fan it frede-offer sprinkelet. 15It fleis fan it út tankberheid brochte frede-offer moat deselde deis dat it offere is, noch opiten wurde. Der mei neat fan oerstean bliuwe oan de oare moarns ta.
16As syn offerjefte in gelofte-offer of in frijwillich offer is, dan moat syn offer op ’e dei dat er it offeret, iten wurde. Wat der oer is, mei de oare deis noch iten wurde. 17Mar wat der dan fan it fleis fan it fleisoffer noch oer is, dat moat op ’e tredde dei opbaarnd wurde. 18As der lykwols de tredde deis dochs noch wat fan it fleis fan syn frede-offer iten wurde soe, dan sil it net gefallich wêze; it sil foar him dy’t it offere hat, net rekkene wurde; it sil wat skandliks wêze. De persoan dy’t dêrfan yt moat syn skuld drage.
19It fleis dat ek mar wat ûnreins oanrekke hat, mei net iten wurde, mar it moat opbaarnd wurde. Mar wat it oare fleis oanbelanget, alle man dy’t rein is, mei dat ite. 20In persoan lykwols dy’t fleis yt fan it frede-offer dat de Heare brocht is, wylst er ûnrein is, dy persoan moat útroege wurde út syn folk. 21Ek in persoan dy’t wat ek mar oanrekket dat ûnrein is, it mei de ûnreinens fan in minske, ûnrein fee of ien of oar ûnrein walchlik dier wêze, en dochs yt fan it fleis fan it frede-offer dat de Heare brocht is, dy persoan moat útroege wurde út syn folk.
Gjin fet en gjin bloed ite
22De Heare sei tsjin Mozes: 23Sis tsjin ’e Israeliten: Gjin fet fan kou, skiep of geit meie jim ite. 24It fet fan in stoarn of ferskuord dier mei foar alle wurk brûkt wurde, mar ite meie jim it yn gjin gefal. 25Want elk dy’t fet yt fan fee dêr’t de Heare in fjoeroffer fan brocht wurdt – de persoan dy’t dat yt, moat útroege wurde út syn folk. 26Jimme meie út-noch-yn gjin bloed ite wêr’t jim ek wenje, net fan fûgels en net fan fee. 27Elk-en-ien dy’t fan wat foar bloed ek mar yt, dy persoan moat útroege wurde út syn folk.
It part fan ’e prysters yn ’e frede-offers
28De Heare sei tsjin Mozes: 29Sis tsjin ’e Israeliten: Wa’t syn frede-offer oan de Heare bringt, dy moat dêrfan it offerdiel by de Heare bringe. 30Eigenhandich moat er de fjoeroffers bringe, dy’t de Heare sines binne. It fet mei it boarst moat er bringe. It boarst, om dat as beweechoffer foar de eagen fan de Heare hinne-en-wer te bewegen. 31De pryster moat it fet op it alter yn reek opgean litte, mar it boarst sil foar Aäron en foar syn soannen wêze. 32En fan jimme frede-offers sille jim de rjochterbout de pryster as in wijgeskink jaan.
33Wa’t fan ’e soannen fan Aäron it bloed en it fet fan it frede-offer offeret, dy sil as syn part de rjochterbout krije. 34Want it boarst dat hinne-en-wer en de bout dy’t op-en-del beweegd is, haw Ik út ’e frede-offers fan ’e Israeliten nommen en Ik jou dy oan Aäron en syn soannen. It is in part foar altyd dat hja fan ’e Israeliten krije. 35Dat is it oandiel fan Aäron en fan syn soannen yn ’e fjoeroffers fan de Heare, de deis dat Er har komme liet om de Heare as pryster te tsjinjen. 36De Heare hat opdroegen, dat de Israeliten har dat de deis fan har salving jaan moasten. It is in altydduorjend foarskrift har geslachten troch. 37Dat is de wet op it brânoffer, it moaloffer, it sûnde-offer, it skuldoffer, it ynwijingsoffer en it frede-offer, 38dy’t de Heare Mozes opdroegen hat op ’e berch Sinai, de deis dat Er de Israeliten opdroech de Heare har offerjeften te bringen yn ’e woestyn Sinai.