It sûnde-offer foar de hegepryster
1De Heare spriek mei Mozes en sei: 2Sis tsjin ’e Israeliten: As immen him sûnder euvelmoed misgien hat tsjin ien fan ’e geboaden fan de Heare en in ding dien hat dat men net dwaan mei, dan jildt dit: 3As it de salve pryster is, dy’t him misgien hat en sa skuld oer it folk brocht, dan moat er foar de misslach dy’t er begien hat, de Heare in geve interbolle as sûnde-offer offerje. 4Hy moat de interbolle by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting foar de Heare bringe. De hân sil er op ’e kop fan ’e interbolle lizze en dy slachtsje foar de eagen fan de Heare. 5Dan moat de salve pryster wat fan it bloed fan ’e interbolle nimme en dat nei de tinte fan ’e moeting bringe. 6En de pryster sil de finger dippe yn it bloed en fan dat bloed sân kear wat sprinkelje foar de eagen fan de Heare, flak foar it foarkleed fan it hillige. 7Ek sil de pryster foar de Heare fan it bloed wat strike op ’e hoarnen fan it alter foar de swietrokige krûden dat yn ’e tinte fan ’e moeting is. Al it oare bloed fan ’e interbolle sil er útjitte oan ’e foet fan it brânofferalter dat by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting stiet.
8Al it fet fan ’e interbolle foar it sûnde-offer sil er dêr útnimme: it fet dat it yngewant bedekt en al it fet dat oan it yngewant sit, 9en ek de beide nieren mei it fet dat dêrop sit, en dat oan ’e siden sit. De leverkwabbe moat er mei de nieren weinimme, 10krekt sa’t it by it hoarnbist foar it frede-offer derút nommen wurdt. De pryster lit dat op it brânofferalter yn reek opgean. 11Mar de hûd fan ’e interbolle, syn fleis en de kop en de poaten, it yngewant en de dong, 12dus de hiele interbolle bringt er bûten it legerkamp, nei in rein plak, nei de jiskebult en hy sil dy opbaarne op it hout dat op it fjoer leit. Op ’e jiskebult wurdt er opbaarnd.
It sûnde-offer foar de hiele gemeente
13As de hiele mienskip fan Israel ôfdwaalt en de gemeente hat der sels gjin euvelmoed yn, dat se wat dien hawwe dat tsjin ien fan ’e geboaden fan de Heare yngiet, ien fan ’e dingen, dy’t men net dwaan mei en hja ha sadwaande skuld op har laden, 14en hja wurde har bewust fan de misslach dy’t se dien hawwe, dan moat de gemeente as sûnde-offer in interbolle offerje en dy foar de tinte fan ’e moeting bringe. 15Dan moatte foar de eagen fan de Heare de âldsten fan ’e mienskip de hannen op ’e kop fan ’e interbolle lizze en dan sil ien de interbolle foar de Heare slachtsje. 16Dan moat de salve pryster wat fan it bloed fan ’e interbolle nei de tinte fan ’e moeting bringe. 17De pryster sil syn finger dippe yn it bloed en it sân kear foar de Heare, flak foar it foarkleed fan it hillige, sprinkelje. 18Ek sil er wat fan it bloed strike op ’e hoarnen fan it alter dat foar de Heare yn ’e tinte fan ’e moeting stiet. Al it oare bloed sil er útjitte oan ’e foet fan it brânofferalter dat by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting stiet. 19Al it fet sil er dêr úthelje en dat op it alter yn reek opgean litte. 20Sa’t er mei de interbolle foar it sûnde-offer dien hat, sa moat er ek mei dizze interbolle dwaan, krektallyk moat er dêrmei dwaan. Sa sil de pryster fersoening oer har dwaan en it sil har ferjûn wurde. 21Mar de interbolle sil er bûten it legerkamp bringe en dy ferbaarne lykas er dy earste bolle ferbaarnd hat. It is in sûnde-offer fan ’e gemeente.
It sûnde-offer foar in foarman
22As in foarman him sûnder euvelmoed misgien hat, – hy hat wat dien tsjin ien fan ’e geboaden fan de Heare syn God, wat dat men net dwaan mei en hy sadwaande skuldich stiet, 23en hy wurdt him dan fan ’e misslach dy’t er begien hat, bewust, dan moat er as syn offerjefte in geitebok bringe, in geef manlik dier. 24Hy sil de hân op ’e kop fan ’e bok lizze en dy slachtsje op it plak foar de Heare, dêr’t it brânoffer slachte wurdt. It is in sûnde-offer. 25De pryster nimt dan mei syn finger wat fan it bloed fan it sûnde-offer en strykt dat op ’e hoarnen fan it brânofferalter. It oare bloed jit er út oan ’e foet fan it brânofferalter. 26Mar al it fet dêrfan lit er op it alter yn reek opgean, lykas it fet fan it frede-offer. En sa sil de pryster fersoening oer him bewurkje foar syn sûnde en it sil him ferjûn wurde.
It sûnde-offer foar in gemeentelid
27As ien of oare persoan út it folk fan it lân him sûnder euvelmoed misgien hat, mei’t er wat dien hat dat tsjin ien fan ’e geboaden fan de Heare yngiet, en dat men net dwaan mei, en hy sadwaande skuldich stiet, 28en as er him dan fan syn misslach, dy’t er dien hat, bewust wurdt, dan moat er foar de misslach dy’t er begien hat as syn offerjefte in geit bringe, in geef froulik dier. 29Hy sil de hân op ’e kop fan it sûnde-offer lizze en dat sûnde-offer slachtsje op it plak fan it brânoffer. 30De pryster sil dan mei de finger wat bloed dêrfan nimme en stryk dat op ’e hoarnen fan it brânofferalter. Al it oare bloed dêrfan sil er útjitte oan ’e foet fan it alter. 31Al it fet dêrfan lykwols sil er weinimme, krekt sa’t it fet fan it frede-offer weinommen wurdt en de pryster sil dat op it alter yn reek opgean litte as in swietrook foar de Heare. Sa sil de pryster fersoening oer him bewurkje en it sil him ferjûn wurde.
32As er foar syn sûnde-offer in skiep as syn offerjefte bringt, dan moat wat er bringt in geef froulik dier wêze. 33Hy sil de hân op ’e kop fan it sûnde-offer lizze en dat slachtsje as sûnde-offer op itselde plak, dêr’t it brânoffer slachte wurdt. 34En de pryster sil dan mei de finger wat fan it bloed fan it sûnde-offer nimme en dat oan ’e hoarnen fan it brânofferalter strike. Al it oare bloed dêrfan sil er útjitte oan ’e foet fan it alter. 35Mar al it fet dêrfan sil er weinimme, krektsa’t it fet fan in skiep fan it frede-offer weinommen wurdt. De pryster sil dat op it alter op de fjoeroffers foar de Heare yn reek opgean litte. Sa sil de pryster oer him fersoening bewurkje foar syn misstap en it sil him ferjûn wurde.