Inkelde gefallen dêr’t in sûnde-offer nedich is
1As in persoan him misgiet: Hy hat in iepenlike beswarring en hy is getuge, hy hat it sjoen, of hy wit dêrfan en dochs jout er it net oan, dan moat er foar syn sûnde stean. 2Of in persoan hat ien of oar dat ûnrein is, oanrekke, it ies fan in ûnrein wyld dier, of fan in ûnrein stik fee of fan in ûnrein krûpend dier en hy hat der gjin erch yn, dan is er ûnrein en skuldich. 3Of as er sûnder erch wat ûnreins fan in minske oanrekke hat, ien of oare ûnreinheid dêr’t er sels ûnrein fan wurdt, en dan komt it him yn ’t sin, dan is er skuldich.
4Of as in persoan ûnbetochtsum in eed docht: der komt samar wat oer syn lippen, oft it no is om goed of om kwea te dwaan, wat in minske der ek samar mei in eed hinne sizze kin, en dan komt it him yn ’t sin, dan is er skuldich oan ien fan dy dingen. 5As er him oan ien fan dy dingen skuldich makke hat, dan moat er belide wêr’t er him yn misgien hat. 6En dan sil er de Heare as syn skuldoffer in froulik dier, skiep of geit bringe; dat moat in sûnde-offer wêze foar de misstap dy’t er begien hat, en de pryster sil fersoening oer him bewurkje foar syn misstap.
It offer fan ’e earmen
7Mar as in laam him net barre mei, dan sil er foar wat er misdien hat, de Heare as skuldoffer twa toarteldowen of twa jonge dowen bringe, ien foar in sûnde-offer en ien foar in brânoffer. 8Hy sil se by de pryster bringe en dy sil earst de do foar it sûnde-offer offerje. Dy moat de kop der by de nekke om’t ôf ôfknipe, mar dy der net hielendal ôfhelje. 9Dan sil er fan it bloed fan it sûnde-offer tsjin ’e kant fan it alter sprinkelje en it oerbleaune bloed moat útknypt wurde tsjin ’e foet fan it alter. It is in sûnde-offer. 10En de twadde moat er behannelje as brânoffer, neffens foarskrift. Sa sil de pryster fersoening foar him bewurkje foar syn misstap en it sil him ferjûn wurde.
11As twa toarteldowen of twa jonge dowen him ek net barre meie, dan sil er as offerjefte foar wat er misdien hat in tsiende efa fyn moal bringe, as in sûnde-offer. Hy mei der gjin oalje oer jitte en dêr ek gjin wijreek by dwaan. It is ommers in sûnde-offer. 12Dan sil er it by de pryster bringe en de pryster sil der in hanfol útnimme, it oantinkingsoffer, en dat op it alter op de fjoeroffers fan de Heare yn reek opgean litte. It is in sûnde-offer. 13Sa sil de pryster fersoening foar him bewurkje oer de misstap dy’t er yn ien fan de neamde gefallen begien hat en it sil him ferjûn wurde. Foar de pryster lykwols sil it as in moaloffer wêze.
It skuldoffer
14De Heare sei tsjin Mozes: 15As in persoan him besûndige hat, mei’t er him sûnder euvelmoed misgien hat oan ien fan ’e dingen dy’t de Heare tawijd binne, dan sil er de Heare as syn skuldoffer bringe in geve raam fan it lytsfee nei wat er neffens dyn skatting ferskuldige is oan sulveren sikkels neffens de hillige sikkel. 16Wat er misdien hat tsjin it hillichdom, dat moat er fergoedzje en dêr in fyfte part noch oerhinne dwaan en dat de pryster jaan. En de pryster sil fersoening oer him bewurkje mei de raam fan it skuldoffer en it sil him ferjûn wurde.
17As in persoan him misgien hat en wat tsjin ien fan ’e geboaden fan de Heare dien hat, dat men net dwaan mei, mar hy hat der sels gjin erch yn, dan is er likegoed skuldich en moat er foar syn sûnde stean. 18Hy moat dan in geve raam fan it lytsfee, neffens dyn skatting, foar in skuldoffer by de pryster bringe. De pryster bewurket dan oer him fersoening foar de dwaling dêr’t er sels gjin erch yn hie, en it sil him ferjûn wurde. 19It is in skuldoffer. Hy stie sûnder mis kuldich foar de Heare.
Oare gefallen dat der in skuldoffer komme moat
20De Heare sei tsjin Mozes: 21As in persoan him misgien hat en him besûndige tsjin de Heare: hy hat it syn folksgenoat ligen hjitten dat him wat tabetroud of yn bewar jûn is, of dat hy it tellen hat, of hy hat syn meiminske wat ôfset, 22of hy hat wat fûn dat weitôge wie en hat dat ligen hjitten en hy docht in falske eed foar ien fan ’e dingen dêr’t in minske him allegearre yn isgean kin – 23en as er him dan misgien hat en skuldich wurden is, dan moat er wat er stellen hat of ôfset, of wat him tabetroud wie, of wat weitôge wie en dat er fûn hat, weromjaan.
24Ek alles dêr’t er in falske eed foar dien hat. Hy moat it folslein fergoedzje en dêr noch in fyfte part oerhinne jaan. De deis fan it skuldoffer moat er it jaan oan wa’t it takomt. 25En foar syn skuld sil er de Heare in geve raam fan it lytsfee, neffens dyn skatting, ta in skuldoffer by de pryster bringe. 26Dan sil de pryster oer him fersoening bewurkje foar de Heare en wêr’t er him ek mar oan skuldich makke hat, it sil him ferjûn wurde.