Leviticus 3
It frede-offer
1As ien syn offer in frede-offer is en as er it fan ’e kij bringt, it mei in manlik of froulik dier wêze, dan moat er in geef dier foar de Heare bringe. 2Hy moat de hân op ’e kop fan syn offerjefte lizze en it dan slachtsje by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. De soannen fan Aäron moatte dan it bloed oan alle kanten tsjin it alter sprinkelje. 3Hy moat fan dat frede-offer as in fjoeroffer foar de Heare, it fet dat oer it yngewant leit bringe en it fet dat oan it yngewant sit. 4En de beide nieren mei it fet dat dêroan sit en dat oan ’e siden sit. De leverkwabbe sil er mei de nieren weinimme. 5Dan moatte de soannen fan Aäron dat op it alter yn reek opgean litte by it brânoffer dat al op it hout boppe op it fjoer leit, as in swietrook foar de Heare.
6As syn offerjefte foar in frede-offer foar de Heare út in stik lytsfee bestiet, dan moat er in geef manlik of froulik dier offerje. 7Is it in skiep dat er as offerjefte bringt, dan moat er it foar de eagen fan de Heare bringe. 8Hy moat de hân op ’e kop fan syn offerjefte lizze en it slachtsje foar de tinte fan ’e moeting. De soannen fan Aäron moatte it bloed dêrfan oan alle kanten tsjin it alter sprinkelje. 9Hy offeret it fet fan syn frede-offer, de hiele sturt, dy’t er oan ’e rêchbonke ta weinimme moat, it fet dat it yngewant bedekt en alle fet dat oan it yngewant sit, as in fjoeroffer foar de Heare 10en ek de beide nieren mei it fet dêroan en dat oan ’e siden sit. De leverkwabben sil er mei de nieren weinimme. 11De pryster sil dat op it alter yn reek opgean litte as fjoerofferspize foar de Heare.
12As syn offerjefte in geit is, dan sil er dy foar de eagen fan de Heare bringe. 13Hy sil syn hân op ’e kop fan it dier lizze en dat slachtsje foar de tinte fan ’e moeting. De soannen fan Aäron sille it bloed dêrfan oan alle kanten tsjin it alter sprinkelje. 14Hy bringt as syn offerjefte de Heare dêr as fjoeroffer fan: it fet dat it yngewant bedekt en alle fet dat oan it yngewant sit 15en ek de beide nieren mei it fet dat dêroan en dat oan ’e siden sit. De leverkwabbe sil er mei de nieren weinimme. 16De pryster sil dat op it alter yn reek opgean litte as fjoerofferspize ta in swietrook; alle fet is de Heare sines. 17It sil foar jimme geslachten troch, wêr’t jimme ek wenje, in altydduorjend foarskrift wêze: Gjin fet en gjin bloed meie jim ite.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap