Leviticus 2
It moaloffer
1As immen de Heare as offerjefte in moaloffer bringt, dan moat syn offerjefte fan fyn moal wêze en hy moat dêr oalje oer jitte en wijreek der by dwaan. 2Dan moat er dat bringe by de soannen fan Aäron, de prysters, en hy moat dêr in hanfol fan nimme, fan it fine moal en fan ’e oalje, met alle wijreek en dan sil de pryster dat part as in oantinkensoffer op it alter yn reek opgean litte as in fjoeroffer, in swietrook foar de Heare. 3Wat der fan it moaloffer oerbleaun is, dat sil foar Aäron en syn soannen wêze. It is fan ’e fjoeroffers fan de Heare, it heechhillige.
4En ast as offerjefte in moaloffer bringst dat yn ’e oven bakt is, dan moatte dat ûnsuorre koeken wêze fan fyn moal, oanmongen mei oalje, of ûnsuorre platte koeken, dy’t mei oalje bestrutsen binne.
5As dyn offerjefte in moaloffer is fan in bakplaat, dan moat dat ûnsuorre wêze, fan fyn moal, oanmongen mei oalje. 6Brek dat dan yn stikken en jit dêr oalje oer. It is in moaloffer.
7En as dyn offerjefte in moaloffer út ’e panne is, dan moatst it mei oalje klearmeitsje. 8It moaloffer dat op ien fan dy wizen klearmakke is, moatst nei de Heare tabringe. It wurdt dan de pryster oanrikt en dy draacht it nei it alter ta. 9De pryster sil út it moaloffer it oantinkensoffer helje en dat op it alter yn reek opgean litte as in swietrokich fjoeroffer foar de Heare. 10Wat der fan it moaloffer oerbleaun is, dat sil foar Aäron en syn soannen wêze. It is fan ’e fjoeroffers fan de Heare, it heechhillige.
11Gjin inkeld moaloffer dat jimme de Heare bringe, meie jim klearmeitsje fan wat riisd is. Neat fan soerdaai of fan hunich sille jimme as in fjoeroffer foar de Heare yn reek opgean litte. 12As offerjefte fan ’e earstelingen meie jim dat oan de Heare bringe, mar op it alter meie se net opstige as in swietrook foar de Heare. 13Alle offerjeften fan dyn moaloffer moatst sâlt yn dwaan. Do meist it sâlt fan it ferbûn fan dyn God der net út weilitte. Al dyn offerjeften moat dus sâlt by.
14En asto de Heare in moaloffer fan ’e earste fruchten bringst, dan moatte dat ieren wêze, dy’t yn it fjoer roastere binne. As fynstampte farske nôtkerlen, sa moatst it moaloffer fan dyn earste fruchten bringe. 15Dan moatst der oalje by dwaan en dêr wijreek oerhinne lizze. It is in moaloffer. 16En de pryster sil it oantinkensoffer fan ’e fynstampte nôtkerlen mei alle wijreek yn reek opgean litte as in fjoeroffer foar de Heare.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap