De ljochter en de toanbreaën
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Hjit de Israeliten, dat se dy foar de ferljochting suvere olive-oalje bringe fan fynstampte oliven, dat de lampe altyd troch baarne kin. 3Bûten it foarkleed fan ’e ferbûnsakte, yn ’e tinte fan ’e moeting foar de eagen fan de Heare moat Aäron der altydtroch fan ’e jûn oant ’e moarns foar soargje. It is in altydduorjend foarskrift foar jim geslachten. 4Op ’e ljochter fan suver goud moat er altydtroch de lampen foar de eagen fan de Heare yn oarder hâlde. 5Dan moatst fyn moal krije en dêr tolve koeken fan bakke. Twa tsiende efa moal foar ien koeke. 6Dan moatst dy koeken op twa steapels, seis op in steapel, lizze op ’e tafel fan suver goud, foar de eagen fan de Heare. 7En by elke steapel moatst suvere wijreek lizze en dat sil by it brea tsjinje as oantinkensoffer, in fjoeroffer foar de Heare. 8Elke sabbatdei alweroan moatte se klearmakke wurde foar de eagen fan de Heare, as in altydduorjend ferbûn fan ’e kant fan de Israeliten. 9It sil foar Aäron en syn soannen wêze. Hja moatte it opite op in hillich plak, want it is heechhillich. It is foar altyd syn oandiel yn ’e fjoeroffers fan de Heare.
In flokker straft
10De soan fan in Israelityske frou – it wie de soan fan in Egyptysk man – wie yn it fermidden fan ’e Israeliten meigien. En yn it kamp rekke de soan fan dy Israelityske frou slaande deilis mei in Israelitysk man. 11Doe ferwinske de soan fan ’e Israelityske frou de Namme en flokte, dat se brochten him by Mozes. Syn mem har namme wie Sjelomyt, in dochter fan Dibry, út ’e stam Dan. 12En se setten him yn bewar, dat de Heare sels útslútsel oer him jaan soe.
13Doe sei de Heare tsjin Mozes: 14Bring de flokker it kamp út en allegearre dy’t it heard hawwe moatte him de hannen op ’e holle lizze en dan moat de hiele mienskip him stiennigje. 15Sis dan tsjin ’e Israeliten: Alleman dy’t syn God flokt, moat syn sûnde drage, 16mar dy’t de namme fan de Heare ferwinsket moat wis stjerre. De hiele mienskip moat him stiennigje. De frjemdling likegoed as de lânsman moat stjerre, as er de Namme ferwinsket.
De wet fan ’e ferjilding
17Elk dy’t in minske, wa dan ek, deaslacht, moat wis stjerre. 18Wa’t in stik fee deaslacht, moat it fergoedzje, libben foar libben. 19En as ien syn folksgenoat oan it lichem skeint, dan moat mei him dien wurde, sa’t hy dien hat: 20breuk foar breuk, each foar each, tosk foar tosk. Sa’t hy in minske skeind hat, dat moat him ek oandien wurde. 21Dy’t in stik fee deaslacht, dy moat it fergoedzje, mar dy’t in minske deaslacht, dy moat stjerre. 22Ien en deselde rjochtsregel sil foar jimme jilde, foar de frjemdling likegoed as foar de lânsman.
23En Mozes sei dat tsjin ’e Israeliten, dat se brochten de flokker it kamp út en stiennigen him. De Israeliten dienen, sa’t de Heare Mozes hjitten hie.