De feesten
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sprek de Israeliten ta en sis tsjin harren: De feesttiden fan de Heare, dêr’t jimme in hillige gearkomste foar útroppe moatte, dat binne myn feesttiden. 3Seis dagen mei der wurk dien wurde, mar de sânde dei moat in folsleine rêstdei wêze, in hillige gearkomste. Gjin inkeld wurk meie jim dan dwaan. It is in sabbat foar de Heare oeral dêr’t jim wenje.
4Dit binne de feesttiden foar de Heare, dêr’t jimme op ’e stelde tiden in hillige gearkomste foar útroppe moatte: 5De fjirtjinde dei fan ’e earste moanne, yn it jûnsskoft, is it Peaske foar de Heare. 6En de fyftjinde fan dy moanne is it it feest fan ’e ûnsuorre breaën foar de Heare. Sân dagen moatte jim ûnsuorre breaën ite.
7De earste dei sil der foar jim in hillige gearkomste wêze. Jimme meie dan hielendal net arbeidzje. 8Sân dagen lang moatte jim dan de Heare fjoeroffers bringe. De sânde deis sil der in hillige gearkomste wêze. Jim meie dan hielendal gjin slaafske arbeid dwaan.
9De Heare sei tsjin Mozes: 10Sprek de Israeliten ta en sis tsjin harren: As jimme yn it lân kommen binne, dat Ik jim jou, en jim hawwe de rispinge ynhelle, dan moatte jim de earste skeaf fan jim rispinge by de pryster bringe. 11Dy sil de skeaf foar de eagen fan de Heare hinne-en-wer bewege, dat it foar jimme goedgeunstich oannommen wurde mei. De deis nei de sabbat sil de pryster de beweging útfiere. 12Ek moatte jim de deis dat jimme de skeaf hinne-en-wer bewege, in geef skiep fan in jier klear meitsje as brânoffer foar de Heare, 13mei it moaloffer dat derby heart fan twa tsiende efa fyn moal, oanmongen mei oalje, as in fjoeroffer, in swietrook foar de Heare, en ek in drankoffer fan in fjirde hyn wyn. 14Brea noch roastere of farsk nôt meie jimme foar dy eigenste dei ite, ear’t jimme de offerjefte fan jimme God brocht hawwe. Dat is in altydduorjend foarskrift foar jim geslachten yn al jim wenplakken.
15Dan rekkenje jim fan ’e dei nei dy sabbat ôf, fan ’e dei dat jimme de skeaf dy’t hinne-en-wer beweegd is, brocht hawwe. Sân folle wiken moatte it wêze. 16Oan ’e dei nei de sânde sabbat ta, sille jim dan fyftich dagen telle. Dan moatte jim de Heare in nij moaloffer bringe. 17Ut jim wenplakken wei moatte jim twa beweechbreaën oanbringe. Dy moatte fan twa-tsiende efa fyn moal makke wêze, mei soerdaai bakt as earstelingen foar de Heare. 18En by dat brea moatte jim sân geve skiep offerje fan in jier âld, ien jonge bolle en twa rammen. Hja sille in brânoffer foar de Heare wêze mei it moaloffer en de drankoffers dy’t dêr by hearre, as in fjoeroffer, in swietrook foar de Heare.
19Dan moatte jim ien geitebok klear meitsje foar in sûnde-offer en twa skiep fan in jier âld foar in frede-offer. 20Dan beweecht de pryster dy mei it brea fan de earstelingen hinne-en-wer foar de eagen fan de Heare, mei de beide skiep. Alhoewol oan de Heare wijd, binne se foar de pryster.
21Dy eigenste deis moatte jim útroppe, dat jim in hillige gearkomste hâlde sille. Jimme meie dan hielendal net arbeidzje. It is in altydduorjend foarskrift foar jim geslachten, yn al jim wenplakken.
22As jimme de rispinge fan jim lân helje, dan meie jim net oan ’e einen en kanten fan it fjild ta rispje en wat dêrfan lizzen bleaun is, meie jim net opfandelje. Foar de earme en de frjemdling moatte jim it lizze litte. Ik bin de Heare jim God.
23De Heare sei tsjin Mozes: 24Sis tsjin ’e Israeliten: De earste dei fan ’e sânde moanne sil foar jimme in rêstdei wêze, in betinkingsdei mei hoarnmuzyk en in hillige gearkomste. 25Jimme meie hielendal net arbeidzje en jimme moatte de Heare in fjoeroffer bringe.
26De Heare sei tsjin Mozes: 27Mar dan – op de tsiende dei fan dyselde sânde moanne, is it de dei fan fersoening. Dan moatte jim in hillige gearkomste hâlde. Jimme moatte dan jimsels fernederje en de Heare in fjoeroffer bringe. 28Jimme meie dy eigenste deis gjin slach dwaan, want it is in dei fan fersoening. Dan sil der fersoening foar jim bewurke wurde by de Heare, jim God. 29Ja, elk persoan dy’t him dy eigenste deis net fernederje sil, dy sil út syn folksgenoaten útroege wurde. 30En elk persoan dy’t dy eigenste deis ek mar in slach wurk docht, dy persoan sil Ik út it midden fan syn folk ferdylgje. 31Jimme meie gjin slach dwaan. It is in altydduorjend foarskrift foar jim geslachten yn al jim wenplakken. 32Dat sil in folsleine rêstdei foar jim wêze. Jim moatte jimsels fernederje. De njoggende fan ’e moanne, de jûns, sille jim sabbat fiere fan jûn oant jûn.
33De Heare sei tsjin Mozes: 34Sis tsjin ’e Israeliten: Fan ’e fyftjinde fan dyselde sânde moanne ôf sil it sân dagen lang huttefeest foar de Heare wêze. 35De earste deis sil der in hillige gearkomste wêze. Jimme meie dan hielendal net oan it wurk gean. 36Sân dagen lang moatte jim de Heare in fjoeroffer bringe. Op ’e achtste dei moatte jim in hillige gearkomste hâlde. Dat is de útsetter fan it feest. Jimme meie dan hielendal net arbeidzje.
37Dat binne de fêststelde feesten fan de Heare, dêr’t jimme hillige gearkomsten op útroppe sille om de Heare in fjoeroffer te bringen as brânoffer, moaloffer, fleisoffer en drankoffer. Elke dei wat op dy dei foarskreaun is, 38de sabbatten fan de Heare net meirekkene en ek net jimme offerjeften, likemin as alle gelofte-offers en alle frijwillige offers dy’t jim de Heare jouwe.
39Mar op de fyftjinde fan ’e sânde moanne, as jimme de opbringst fan it lân ynhelje, dan moatte jimme sân dagen lang it feest fan de Heare fiere. De earste dei is in rêstdei en de achtste dei is ek in rêstdei. 40Op ’e earste dei moatte jim fruchten fan mânske beammen, palmtûken, twigen fan leafbeammen en wetterwylgen krije en dan moatte jim fleurich wêze foar de eagen fan de Heare, jim God, sân dagen lang. 41Sân dagen yn it jier moatte jim dat fiere as in feest foar de Heare. It is in altydduorjend foarskrift foar jim geslachten. Yn ’e sânde moanne moatte jim it fiere. 42Sân dagen lang moatte jim yn hutten wenje. Allegearre dy’t yn Israel berne binne moatte yn hutten wenje. 43Dat jim neigeslachten witte sille, dat Ik de Israeliten yn hutten wenje litten haw, doe’t Ik har út Egypte gean litten hie. Ik bin de Heare, jimme God. 44Sa hat Mozes de Israeliten de fêste feestdagen fan de Heare oankundige.