It sabbatsjier
1De Heare sei tsjin Mozes op ’e berch Sinai: 2Sprek de Israeliten ta en sis tsjin harren: As jimme komme yn it lân dat Ik jim jou, dan moat it lân in sabbat fiere foar de Heare. 3Seis jier meist dyn fjild ynsiedzje en seis jier dyn druvehôf snoeie en de opbringst dêrfan ynhelje. 4Mar it sânde jier sil foar it lân in folsleine sabbat wêze, in sabbat foar de Heare. Dan meist dyn fjild net ynsiedzje en dyn druvehôf net snoeie. 5Wat fansels woeksen is fan dyn rispinge, meist net rispje en de druven fan dyn net-snoeide druvebeam meist net ôfsykje. It sil foar it lân in jier fan rêst wêze. 6De sabbatsopbringst fan it lân sil iten foar jim wêze, foar dysels, foar dyn slaaf en slavinne, foar dyn arbeider en foar dy’t by dy as frjemdling wennet, 7en ek foar dyn fee en foar de wylde dieren yn dyn lân sil de hiele opbringst fan it lân wêze om te iten.
It jubeljier
8Do moatst sân kear sân wiken fan sân jier rekkenje. De tiid fan sân jierwiken is dus njoggenenfjirtich jier. 9Dan moatst it lûd fan de rammehoarn rûngean litte op ’e tsiende fan ’e sânde moanne. Op ’e fersoendei moatst de rammehoarn rûngean litte troch dyn hiele lân. 10It fyftichste jier moatte jim hilligje en jim moatte frijheid oer it lân útroppe foar al syn bewenners. In jubeljier sil it foar jim wêze. Elk sil nei syn besitting weromgean en elk sil by syn eigen famylje weromkomme. 11Dat fyftichste jier sil foar jim in jubeljier wêze. Jim sille net siedzje, wat út himsels waakst net rispje en jim net-snoeide druvebeam net ôfsykje. 12It is ommers in jubeljier. Dat sil jim hillich wêze. Wat it fjild opjout meie jim ite. 13Yn dat jubeljier sil elk weromgean nei syn besitting.
14As jimme wat ferkeapje oan in folksgenoat of jim keapje wat fan him, dan mei de iene de oare net ôfsette. 15Neigeraden der jierren nei it jubeljier ferrûn binne, silst it fan dyn folksgenoat keapje en neffens de jierren dat der noch in opbringst komt, sil er it dy ferkeapje. 16Wat mear jierren, wat heger ast de priis sette silst en wat minder jierren, wat leger ast de priis sette silst. Hy ferkeapet dy ommers it tal rispingen. 17Jim meie inoar net ôfsette, mar do silst ûntsach hawwe foar dyn God, want Ik bin de Heare, jim God.
18Jimme moatte myn foarskriften neikomme en oan myn rjochtsregels moatte jim jim hâlde en dy neikomme. Dan sille jim feilich wenje yn it lân. 19It lân sil syn frucht jaan. Jimme sille jim sêd ite kinne en dêr feilich wenje. 20En as jim sizze: Wat moatte wy it sânde jiers ite, as wy net siedzje meie en de opbringst net ynhelje? 21dan sil Ik yn it sechste jier myn segen oer jim gebiede, dat it in opbringst foar trije jier jout. 22It achtste jier sille jim wer siedzje, mar fan de âlde rispinge noch ite, oan it njoggende jier ta. Oan ’e nije rispinge ta sille jim dan noch ite fan de âlde.
Lossing fan it lân
23It lân mei net foar altyd ferkocht wurde, want it lân is Mines. Jimme binne ommers mar frjemdlingen en bywenners by My. 24Yn it hiele lân, dat yn jimme besit is, moatte jim lossing fan lân tastean. 25As dyn broer ferearmet, en hy moat fan syn besit ferkeapje, dan moat syn losser, dy’t him it neist bestiet, fanwegen komme en weromkeapje wat syn famyljelid ferkocht hat. 26Mar as in minske gjinien hie, dy’t it foar him loskocht, en it mei him wer barre – hy hat dus genôch oerwûn foar de lospriis – 27dan moat er de jierren dy’t sûnt de ferkeap ferrûn binne, derôf rekkenje en it ferskil weromjaan oan de man, oan wa’t er it ferkocht hat, en dan giet er nei syn besit werom. 28Mar as er net genôch oerwûn hat om him dat werom te jaan, dan bliuwt it ferkochte oan it jubeljier ta eigendom fan ’e keaper. Mar yn it jubeljier komt it wer frij en kriget er syn besit werom.
Lossing fan huzen
29As ien in wenhûs yn in bemuorre stêd ferkocht hat, dan sil der in lossingsrjocht bestean oan in jier nei de ferkeap ta. In fol jier sil syn lossingsrjocht bestean. 30Mar as it net lost wurdt ear’t in fol jier om is, dan bliuwt it hûs yn in stêd-mei-muorren foar altyd fan ’e keaper en syn neigeslacht. It komt yn it jubeljier net frij. 31Mar de huzen fan ’e doarpen dêr’t gjin muorre omhinne is, wurde by it plattelân rekkene. Dêr bestiet it lossingsrjocht en yn it jubeljier komt it wer frij.
32Wat de stêden fan ’e Leviten, de huzen yn ’e stêden, dy’t har besit binne, oanbelanget: De Leviten hawwe in altydduorjend lossingsrjocht. 33As ien fan ’e Leviten sa’n hûs dat ferkocht wie, loskeapet, dan komt dat hûs, as it yn in stêd stiet, dy’t by har besitting heart, yn it jubeljier wer frij. De huzen yn ’e stêden fan ’e Leviten foarmje ommers har besit ûnder de Israeliten. 34It weidlân by har stêden mei net ferkocht wurde, want dat is har besit foar altyd.
Soarch foar de earmen
35As dyn broer ferearmet en it net mear oprêde kin, dan moatst him helpe, dat er lykas in frjemdling en bywenner by dy it libben hâldt.
36Do meist gjin rinte of winst fan him nimme, mar do silst ûntsach hawwe foar dyn God, dat dyn broer by dy yn it libben bliuwt. 37Do meist him dyn jild net op rinte jaan en dyn iten meist net foar winst jaan. 38Ik bin de Heare, jim God, dy’t jim út Egypte helle hat om jim it lân Kanaän te jaan, dat Ik God foar jim wêze soe.
39As dyn broer by dy ferearmet en himsels oan dy ferkeapet, dan meist him gjin slavewurk dwaan litte. 40As in deihierarbeider, as in bywenner sil er foar dy wêze. Oan it jubeljier ta sil er by dy arbeidzje. 41Dan sil er mei syn bern by dy weigean en weromgean nei syn famylje. Op âldfaars erf sil er weromkomme. 42Hja binne ommers myn tsjinstfeinten dy’t Ik út Egypte helle haw, en hja meie net ferkocht wurde krektsa’t in slaaf ferkocht wurdt. 43Do meist net wreed oer him hearskje, mar do silst ûntsach hawwe foar dyn God.
Oer slaven
44Dyn slaaf of slavinne dyst hâlde silst, dy moatte fan ’e folken om jim hinne wêze. Fan dyën meist in slaaf of slavinne keapje. 45Ek út ’e bern fan ’e bywenners dy’t as frjemdling by dy tahâlde, dêrút meie jim keapje en út har geslachten, dy’t se by jim, yn jimme lân krige hawwe. Dy meie jim yn besit hawwe. 46Do meist har oan dyn bern nei dy as erfskip neilitte, dat dy har yn besit krije. Foar altyd meist har arbeidzje litte. Mar ûnder jimme bruorren, de Israeliten, mei de iene net wreed oer de oare hearskje.
47As in frjemdling of in bywenner by dij it goed dwaan kin, wylst in broer fan dij by him ferearmet en him oan in frjemdling of bywenner ferkeapet of oan ien út it neigeslacht fan in frjemdling, 48dan sil er, nei’t er himsels ferkocht hat, it lossingsrjocht hawwe. Ien fan syn bruorren moat him loskeapje, 49of syn omke, of syn neef, of ien fan syn neiste famylje, dus ien út syn eigen geslacht, moat him loskeapje. Of, as it him wer barre mei, dan moat er himsels loskeapje. 50Hy sil dan mei de man dy’t him kocht hat, rekkenje fan it jier ôf dat er himsels ferkocht hat oan it jubeljier ta en de keappriis wurdt dan fêststeld neffens it tal jierren dat er noch by him yn leantsjinst west hawwe soe. 51Binne der noch hiel wat jierren oer, dan sil it part fan ’e keappriis dat er as syn losjild weromjout, dêrneffens fêststeld wurde. 52En as der noch mar inkelde jierren oer binne oan it jubeljier ta, dan moat er in berekkening meitsje en neffens dy jierren it losjild weromjaan. 53As in deihierarbeider sil er fan jier op jier by him wêze en hy sil ûnder syn eagen net strang oer him hearskje. 54As er net op dy wize loskocht wurde kin, dan sil er yn it jubeljier frij fuortgean, hysels mei syn bern. 55Want de Israeliten binne myn tsjinstfeinten. Myn tsjinstfeinten binne it, dy’t Ik út Egypte helle haw. Ik bin de Heare, jim God.