It hillichhâlden fan ’e offers
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin Aäron en syn soannen, dat se hoeden omgean moatte mei de hillige jeften, dy’t de Israeliten My wijd hawwe en dat se myn hillige Namme net ûntwije. Ik bin de Heare. 3Sis tsjin har: Dit jildt foar jimme geslachten: Alle man út jim hiele geslacht, dy’t wylst er ûnrein is, by de wijde jeften komt, dy’t de Israeliten de Heare wijd hawwe, dy persoan sil út syn amt ûntset en deade wurde. Ik bin de Heare. 4Alle man út it geslacht fan Aäron dy’t melaatsk is, of dy’t in floeiing hat, mei fan it hillige net ite salang’t er net wer rein is. Dat jildt ek foar wa’t wat oanrekket dat troch in lyk ûnrein is, of wa’t it sied ôfgien is, 5of dy’t ien of oar krûpend dier oanrekket dat him ûnrein makket, of ek in minske dy’t him ûnrein makket, hokker ûnreinheid dy ek mar hat. 6De persoan dy’t soks oanrekket, sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. Hy mei net fan ’e hillige jeften ite, salang’t er syn lichem net yn wetter baaid hat. 7As de sinne ûndergien is, sil er wer rein wêze en dêrnei mei er fan ’e hillige jeften ite, want dat is syn iten. 8In bist dat deagien of ferskuord is, mei er net ite. Hy soe dêrtroch ûnrein wurde. Ik bin de Heare.
9Hja moatte har hâlde oan myn opdracht en gjin sûnde op har lade en dêrom stjerre, omdat se dy ûntwijd hawwe. Ik bin de Heare, dy’t har hilliget. 10Ien dy’t dêr gjin foech ta hat, dy mei it hillige net ite, likemin as dy’t by de pryster ynwennet of by him yn tsjinst is. 11Mar as de pryster immen mei eigen jild keapet as syn eigendom, dan mei dy der wol fan ite. Ek dy’t yn syn hûs berne binne, meie fan syn iten mei-ite. 12De dochter fan in pryster dy’t mei in net-pryster troud is, mei net ite fan it prysterpart fan ’e wijde jeften. 13Mar de dochter fan in pryster dy’t widdo wurden is of dy’t ferstjitten is, wylst hja noch gjin bern hat en dy’t weromkommen is yn har heite hûs, lyk as yn har jonge jierren, dy mei wol fan har heite iten mei ite. Elk dy’t dêr gjin foech ta hat, mei dêr lykwols net fan ite.
14Ien dy’t by fersin fan it hillige iten hat, moat dêr in fyfte part bydwaan en sa de pryster it hillige weromjaan. 15Hja meie de wijde jeften fan ’e Israeliten, dy’t se de Heare opdroegen hawwe, net ûnthilligje. 16Dan soenen se strafbere skuld oer it folk helje, trochdat dy har wijde jeften ite soenen; want Ik bin de Heare, dy’t har hilliget.
De offerbisten moatte geef wêze
17De Heare sei tsjin Mozes: 18Sprek Aäron en syn soannen en alle Israeliten ta en sis tsjin har: Alle man út it folk Israel en út ’e frjemdlingen yn Israel dy’t syn offerjefte bringe wol, omdat er dat ûnthjitten hat, of omdat er it frijwillich docht en hy bringt dat de Heare as brânoffer, 19dan moat it, sil it goedgeunstich foar jim oannommen wurde, in geef manlik dier wêze fan kij, skiep of geiten. 20Neat dêr’t wat oan skeelt, meie jim offerje, want it soe net goedgeunstich foar jim oannommen wurde.
21En as ien de Heare in frede-offer bringt om in gelofte yn te lossen of as in frijwillich offer, dan moatte, sil it goedgeunstich oannommen wurde, it geve bisten wêze fan kij of fan lytsfee. Der mei neat oan skele. 22Wat blyn is, of dêr’t wat oan brutsen is, wat skeind is of swolms hat, of wat útslach of hûdsykte hat, dat meie jimme de Heare net offerje. Neat mei jim dêrfan nimme en bring dat de Heare as in fjoeroffer op it alter. 23Kij of skiep dy’t te heech of te leech op ’e poaten steane, meie jim wol foar in frijwillige jefte brûke, mar as gelofte-offer wurdt it net oannommen. 24Wat troch kniezen, stompen, skuorren of snijen lobbe is, meie jim de Heare net offerje. Soks meie jim yn jim lân net dwaan. 25Ek út hannen fan in bûtenlanner meie jim neat fan dat alles jimme God as spize offerje, want soks is skeind, der skeelt wat oan. It sil net goedgeunstich oannommen wurde.
Noch inkelde foarskriften
26De Heare sei tsjin Mozes: 27As der in keal, in laam of in geitsje kommen is, dan moat dat sân dagen by de mem bliuwe, mar neitiid, fan ’e achtste dei ôf, sil it gefallich wêze as jefte foar in fjoeroffer foar de Heare. 28In kobist of in stik lytsfee meist net op deselde dei slachtsje as it eigen jong.
29As jimme de Heare in tankoffer bringe, dan moatte jimme it sa bringe, dat it goedgeunstich foar jim oannommen wurdt. 30Dyselde deis moat it iten wurde. Jimme meie dêr net fan oerhâlde oant ’e oare moarns. Ik bin de Heare. 31Jimme moatte jim oan myn geboaden hâlde en dêrneffens dwaan. Ik bin de Heare. 32Jimme meie myn hillige namme net ûntwije: Ik moat hillich hâlden wurde ûnder de Israeliten. Ik bin de Heare, dy’t jim hilliget, 33dy’t jimme út Egypte gean litten hat, dat Ik God foar jim wêze soe. Ik bin de Heare.