Hilligingswetten foar de prysters
1De Heare sei tsjin Mozes: Praat mei de prysters, de soannen fan Aäron en sis tsjin har: Oan in deade folksgenoat mei gjinien fan har him ferûntreinigje, 2of it moast in neistbesteande fan him wêze: syn mem of heit, syn soan of dochter, syn broer 3of suster dy’t noch faam is en him nei stiet en noch gjin man hat. Oan harren mei er him ferûntreinigje. 4As foaroansteand man ûnder syn folk mei er him net ferûntreinigje en himsels ûntwije.
5Hja meie har gjin keal plak op ’e holle knippe en har burd net oan ’e râne ôfskeare. Yn har lichem meie se gjin ynsnijingen meitsje. 6Hja moatte hillich wêze foar har God en de Namme fan har God meie se net ûntwije. Hja moatte ommers de fjoeroffers fan de Heare, de spize fan har God, offerje, dat se moatte hillich wêze. 7Hja meie net trouwe mei in hoer of mei in frou dy’t har eare kwyt is. Ek meie se net trouwe mei in frou dy’t troch har man ferstjitten is. De pryster is ommers hillich foar syn God. 8Do moatst him foar hillich hâlde, want hy moat de spize fan dyn God offerje. Hy sil foar jimme hillich wêze, want hillich bin Ik, de Heare, dy’t jimme hilliget. 9As de dochter fan in pryster harsels ûntwijt troch te huorkjen, dan ûntwijt se har heit. Hja moat ferbaarnd wurde.
10De pryster, dy’t heger stiet as syn amtsbruorren, mei’t oer syn holle de salvingsoalje útgetten is en dy’t oansteld is, doe’t se him de amtsklean oandien ha, mei it hier net los om ’e holle hingje litte en him de klean net stikken skuorre. 11By gjin inkeld lyk mei er komme. Oan syn heit en mem mei er him net ferûntreinigje, 12en hy mei net út it hillichdom komme. It hillichdom fan syn God mei er net ûntwije, want de wijde salvingsoalje fan syn God is op him. Ik bin de Heare. 13Hy moat mei in frou trouwe, dy’t noch faam is. 14In widdo, in ferstjittene, in ûntwijde of in hoer, mei sokken mei er net trouwe, mar allinne in faam út syn folk mei er as frou nimme. 15Oars soed er syn neigeslacht ûnder syn folk ûntwije. Ik, de Heare bin it ommers, dy’t him hilliget.
16De Heare sei tsjin Mozes: 17Sis tsjin Aäron: In man út dyn neigeslacht – ek út dyn fierdere geslachten – dy’t wat oan syn lichem hat, mei de spize fan syn God net offerje. 18Want gjin man dy’t wat oan syn lichem hat, mei neierkomme, gjin bline, lamme of mei in skeind gesicht of in kreupele, 19gjinien dy’t in skonk of earm brutsen hat, 20gjinien mei in rûne rêch, gjin dwerch, gjinien mei in eachkwaal of mei útslach, gjinien dy’t in sykte op it fel hat of kniesde ballen.
21Gjinien út it geslacht fan ’e pryster Aäron, dy’t wat oan syn lichem hat mei neier komme om de fjoeroffers fan de Heare te offerjen. Hy hat wat oan syn lichem, dat hy mei de spize fan syn God net neier bringe om dy te offerjen. 22De spize fan syn God, it alderhillichste, likegoed as it hillige, mei er wol fan ite. 23Mar by it foarkleed mei er net komme en nei it alter mei er net tagean, want hy hat wat oan syn lichem en hy mei myn hillichdommen net ûntwije. Ik bin ommers de Heare, dy’t har hilliget. 24En sa hat Mozes sprutsen mei Aäron en syn soannen en mei alle Israeliten.