Strafbepalings
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Do moatst tsjin ’e Israeliten sizze: Alle man fan ’e Israeliten of fan ’e frjemdlingen dy’t yn Israel wenje, dy’t ien fan syn bern oan ’e Moloch jout, sil wis deade wurde. It folk fan it lân moat him stiennigje. 3Iksels sil tsjin sa’n man fanwegen komme en Ik sil him út it fermidden fan syn folk útroegje, omdat er fan syn bern oan ’e Moloch jûn hat en dêrtroch myn hillichdom ûntreinige en Myn hillige namme ûntwijd hat. 4As it folk fan it lân de eagen tichtknipe soe foar sa’n man dy’t fan syn bern oan ’e Moloch jout en se soenen him net deadzje, 5dan sil Iksels fanwegen komme tsjin dy man en syn famylje. En allegearre dy’t syn sûndich foarbyld folgje en achter de Moloch oanhuorkje, dy sil Ik útroegje út it fermidden fan har folk. 6En de persoan dy’t de geasten fan ferstoarnen of de wiersizzende geasten rieplachtet en dêr achteroanhuorket, tsjin dy persoan sil Ik fanwegen komme en him út it fermidden fan syn folk útroegje. 7Tink der om, dat jim hillich binne. Wês hillich, want Ik bin de Heare, jim God.
8Jimme moatte jim oan myn foarskriften hâlde en dêrneffens dwaan. Ik bin de Heare, dy’t jim hilliget. 9As der ien is, dy’t syn heit en syn mem ferflokt, dy sil wis stjerre. Hy hat syn heit en syn mem ferflokt, dat hy hat syn dea oan himsels te witen.
10As in man troubrek bedreaun hat mei in oar syn frou, dan sil de man, dy’t troubrek bedreaun hat mei de frou fan syn neiste, wis stjerre. De troubrekker likegoed as de troubrekster. 11In man dy’t syn heite frou besliept, hat de skamte fan syn heit bleat makke. Hja sille allebeide stjerre. Hja hawwe har dea oan harsels te witen. 12As in man syn skoandochter besliept, dan moatte se beide stjerre. Hja hawwe har oan ûntaarding skuldich makke. Hja hawwe har dea oan harsels te witen. 13As in man in manspersoan besliept, sa’t in frou besliept wurdt, dan hawwe se beide in grouwel dien. Hja moatte stjerre. Hja hawwe har dea oan harsels te witen. 14As in man trout mei in frou en mei har mem, dan is dat ûntucht. Hja sille him en de froulju ferbaarne. Der mei gjin ûntucht ûnder jim wêze. 15In man dy’t seksuele mienskip hat mei in bist, moat wis stjerre. Ek it bist moatte jim deameitsje. 16In frou dy’t by ien of oar bist komt om dêrmei te pearjen, dy frou moatst deadzje en it bist ek. Hja sille wis stjerre. Hja hawwe har dea oan harsels te witen. 17In man dy’t trout mei syn suster, de dochter fan syn heit of fan syn mem en hy sjocht har skamte en hja sjocht syn skamte, dan is dat in skandlike died. Hja sille foar de eagen fan har folksgenoaten útroege wurde. Hy hat de skamte fan syn suster bleat makke. Syn skuld sil er drage. 18In man dy’t by in frou sliept, dy’t de regels hat en har skamte bleat makket en de klean fan har floeiing weinimt, en hja makket sels har bloedfloeiing bleat – dy sille beide út it fermidden fan har folk útroege wurde. 19De skamte fan dyn heite suster en fan dyn memme suster meist net bleat meitsje. Hy dy’t dat docht, hat ommers syn neistbesteande útklaaid. Hja moatte har skuld drage. 20De man dy’t syn muoike besliept, hat de skamte fan syn omke bleat makke. Hja moatte har misstap drage. Sûnder bern sille se stjerre. 21As in man trout mei de frou fan syn broer, dan is dat bloedskande. Hy hat de skamte fan syn broer bleat makke. Hja sille gjin bern krije.
22Jimme moatte al myn foarskriften en rjochtsregels ûnderhâlde en dêrneffens dwaan, dat it lân, dêr’t Ik jim hinnebring om dêr te wenjen, jim net útspuit. 23Hâld en draach jim dan net neffens de gewoanten fan it folk dat Ik foar jimme ferjei, want sokke dingen allegearre hawwe hja dien en Ik haw in wjeraksel yn har krige. 24Mar tsjin jim haw Ik sein: Nim har grûn yn besit. Iksels jou it jimme ek yn besit, in lân dat oerrint fan molke en hunich. Ik bin de Heare jim God, dy’t ûnderskied makke haw tusken jim en de oare folken.
25En jim moatte ûnderskied meitsje tusken it reine en it ûnreine fee en tusken de ûnreine en de reine fûgels. Meitsje net in ôfgriis fan jimsels mei fee of fûgels of mei alles dat oer de grûn krûpt, dat Ik fan jimme ôfsûndere haw, troch it ûnrein te ferklearjen. 26Jimme moatte My hillich wêze, want Ik, de Heare, bin hillich. En Ik haw jim ôfsûndere fan alle folken, dat jim fan My wêze soenen.
27In man of in frou dêr’t in geast fan in ferstoarne of in wiersizzende geast yn is, moat wis stjerre. Hja moatte stiennige wurde. Hja hawwe har dea oan harsels te witen.