De hilliging fan it libben
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sprek de hiele mienskip fan ’e Israeliten ta en sis tsjin har: Wês hillich, want Ik, de Heare jimme God, bin hillich. 3Elk fan jimme moat ûntsach hawwe foar syn mem en syn heit en oan myn sabbatdagen moatte jimme jim hâlde. Ik bin de Heare, jim God. 4Jou jim net mei de ôfgoaden ôf en meitsje jim gjin getten goaden. Ik bin de Heare, jim God. 5As jimme foar de Heare in frede-offer slachtsje, dan moatte jim it sa dwaan, dat Hy jim tagedien wêze mei. 6De deis dat jim offerje en de deis dêroan moat it iten wurde. Wat der de tredde deis noch fan oerbleaun is, moat opbaarnd wurde. 7As der de tredde deis dochs noch wat fan iten wurde soe, dan is dat wat skandliks; it sil net gefallich wêze. 8Hy dy’t it yt, dy moat syn skuld drage, want wat oan de Heare wijd wie, hat hy ûntwijd. Sa’n persoan sil út syn folksgenoaten útroege wurde.
9As jimme de rispinge fan jim lân ynhelje, dan sille jimme it net oan ’e einen en kanten fan it fjild ta ôfsichtsje en wat der fan lizzen bleaun is, meie jimme net opfandelje. 10Ek dyn druvehôf meist net nochris neigean en wat ôffallen is yn dyn druvehôf meist net opfandelje. Foar de earme en de frjemdling moatst it oerlitte. Ik bin de Heare, dyn God. 11Jimme meie net stelle en net lige en gjinien mei syn meiminske bedrage. 12Jim meie by myn Namme gjin falske eed dwaan en sa de Namme fan jim God ûnthilligje. Ik bin de Heare. 13Do meist dyn neiste net ôfsette en do meist net roovje. It lean fan in deihierarbeider meist nachts net by dy hâlde oant de oare moarns ta. 14In dove meist net ferflokke en foar in bline meist neat dellizze dêr’t er oer stroffelje kin. Do silst earbied ha foar dyn God. Ik bin de Heare. 15Jim meie gjin ûnrjocht dwaan by de rjochtspraak. De mindere man silst net foarlûke en in grut man net nei de eagen sjen. Dyn meiminske silst earlik berjochtsje. 16Do meist gjin falske praatsjes rûnstruie ûnder dyn meiminsken. Do meist net op dyn neiste syn bloed út wêze. Ik bin de Heare.
17Do meist de argewaasje oer dyn meiminske net yn dysels besmoare, mar do moatst dyn folksgenoat earnstich fermoanje, dat it net dyn skuld is as er him misgiet. 18Do meist gjin wraak nimme en net wrokje tsjin ’e soannen fan dyn folk, mar do moatst dyn neiste leafhawwe sast dysels leafhast. Ik bin de Heare.
19Myn foarskriften moatst dy oan hâlde. Do meist gjin twa soarten fee mei-inoar pearje litte. In stik lân fan dines meist net mei twa soarten sied ynsiedzje. En in stik klean, fan twa stoffen weefd, meist net oanlûke.
20As in man in frou besliept hat en hja is in slavinne, tasein oan in oare man, en der is foar har noch gjin losjild betelle en hja is ek net frijlitten, dan moat der skeafergoeding jûn wurde. Hja sille lykwols net deade wurde, want se wie net frijlitten. 21Hy moat de Heare syn skuldoffer bringe by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting: in skuldofferraam. 22Dan sil de pryster foar de eagen fan de Heare fersoening foar him bewurkje mei de raam fan it skuldoffer, foar de misstap dy’t er begien hat. En de misstap dy’t er begien hat, sil him ferjûn wurde.
23As jimme yn it lân kommen binne en jim hawwe alle soarten fan fruchtbeammen plante, dan sil de frucht dêrfan foar jimme ûnrein wêze. Trije jier lang sille se foar jim ferbean wêze. Hja meie net iten wurde. 24En yn it fjirde jier sille alle fruchten dêrfan hillich wêze, in jubelfeest foar de Heare. 25Earst it fyfte jiers meie jimme de frucht dêrfan ite. Sa sille jimme in gruttere opbringst dêrfan krije. Ik bin de Heare, jimme God.
26Jim meie neat ite mei it bloed der noch yn. Doch net oan beswarderij of wolkeskôgerij. 27Jimme meie jim de holle oan ’e siden net rûn skeare en de side fan dyn burd meist net ôfsnije. 28Jim meie jim net om in deade yn it lichem snije. Jim meie jim net tatoe-earje. Ik bin de Heare. 29Do meist dyn dochter net ûntwije troch har foar hoer spylje te litten, dat it lân net ta huorkjen komt en fol fan ûntucht wurdt. 30Myn sabbatdagen moatte jimme ûnderhâlde en foar myn hillichdom moatte jim earbied hawwe. Ik bin de Heare. 31Rieplachtsje gjin geasten fan ferstoarnen en gjin wiersizzende geasten. Sykje dy net, dat jimme dêr net ûnrein fan wurde. Ik bin de Heare, jim God.
32Foar de grize hierren moatst oerein gean, in âld man moatst earje en foar dyn God ûntsach hawwe. Ik bin de Heare. 33As der by dy yn jimme lân in frjemdling wennet, dan meie jim him it libben net soer meitsje. 34As in lânsman, as ien fan jim eigen folk, sa sil de frjemdling dy’t by jimme wennet, foar jim wêze en do silst him leafhawwe sast dysels leafhast. Jimme hawwe ommers sels frjemdlingen west yn Egypte. Ik bin de Heare, jimme God. 35Do silst net ûnearlik wêze yn it rjochtsferkear, net mei langtemjitten, noch mei wichten of mei ynhâldsmjitten. 36Jim moatte suvere skealjes en wichten hawwe en in suvere efa en in suvere hyn. Ik bin de Heare, jimme God, dy’t jim út Egypte helle haw. 37Jim moatte jim oan al myn foarskriften en rjochtsregels hâlde en dêrneffens dwaan. Ik bin de Heare.