Leviticus 1
It brânoffer
1Ut ’e tinte fan ’e moeting wei rôp de Heare Mozes en sei tsjin him: 2Sprek de Israeliten ta en sis tsjin har: As ien fan jimme de Heare in offerjefte bringe wol, dan moatte jimme jim offerjefte bringe fan it fee, fan ’e kij of fan it lytsfee.
3As syn offerjefte in brânoffer is fan ’e kij, dan moat er in geve bolle offerje. By de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting moat er dy foar de Heare bringe, dat Dy him goedgeunstich wêze mei. 4Hy moat de hân op ’e kop fan it brânoffer lizze, dan sil it foar him goedgeunstich oannommen wurde en der sil fersoening oer him komme. 5Dan sil er de bolle slachtsje foar de eagen fan de Heare. De soannen fan Aäron, de prysters, moatte it bloed oandrage en dat oan alle kanten sprinkelje tsjin it alter dat by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting stiet. 6Hy moat it brânoffer de hûd ôfstrûpe en it dan yn stikken ferdiele.
7Dan sille de soannen fan ’e pryster Aäron fjoer op it alter bringe en it hout boppe it fjoer te plak skikke. 8Dêrop skikke de prysters, de soannen fan Aäron, de stikken, de kop en it fet teplak boppe op it hout dat op it fjoer op it alter leit. 9It yngewand dêrfan en de poaten moat er yn wetter waskje. Dan sil de pryster dat allegearre op it alter yn reek opgean litte as in fjoeroffer, in swietrook foar de Heare.
10As syn offerjefte, dy’t hy as brânoffer bringt, fan it lytsfee is, fan ’e skiep of fan ’e geiten, dan moat er in geef manlik dier offerje. 11Hy moat dat slachtsje oan ’e noardkant fan it alter foar de eagen fan de Heare, en de soannen fan Aäron, de prysters, moatte it bloed dêrfan oan alle kanten tsjin it alter sprinkelje. 12Dan moat er it yn de gewoane stikken ferdiele, mei de kop en it fet. De pryster sil dy dan teplak skikke boppe op it hout dat op it fjoer op it alter leit. 13It yngewand en de poaten moat er dan yn wetter waskje en de pryster sil dat allegearre as in brânoffer offerje en it op it alter yn reek opgean litte; it is in fjoeroffer, in swietrook foar de Heare.
14As syn offerjefte foar de Heare in brânoffer fan fûgels is, dan moat er syn offerjefte bringe fan toarteldowen of fan jonge dowen. 15De pryster sil dy dan nei it alter bringe en de kop derôf knipe en dan lit er dy yn reek opgean op it alter, mar it bloed moat tsjin ’e kant fan it alter útknypt wurde. 16Hy moat it krop mei wat dêr noch ynsit, der ôfdwaan en dat neist it alter delsmite, oan ’e eastkant, op it plak fan ’e jiske. 17Dan moat er se by de wjukken ynskuorre, sûnder dy dêr ôf te skuorren en dan sil de pryster se op it alter boppe op it hout dat op it fjoer leit, as in brânoffer yn reek opgean litte. It is in fjoeroffer, in swietrook foar de Heare.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap