Leviticus 18
Seksuele reinheid
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sprek de Israeliten ta en sis tsjin har: Ik bin de Heare, jim God. 3Lykas hja dienen yn Egypte, it lân dêr’t jim wenne ha, meie jim net dwaan. En lykas hja dogge yn Kanaän, it lân dêr’t Ik jim no hinne bring, sa meie jimme ek net dwaan. Neffens har foarskriften meie jimme jim net hâlde en drage. 4Myn wetten moatte jim dwaan en myn foarskriften moatte jim jim oan hâlde, en jim dêrneffens hâlde en drage. Ik bin de Heare, jim God. 5Jim moatte jim oan myn foarskriften en myn wetten hâlde, de minske dy’t dat docht sil dêrtroch yn libben bliuwe. Ik bin de Heare.
6Gjinien mei by ien fan syn famylje komme om de skamte bleat te meitsjen. Ik bin de Heare. 7De skamte fan dyn heit, dat is dyn memme skamte, dy meist net bleat meitsje. Hja is dyn mem. Har skamte meist net bleat meitsje. 8De skamte fan dyn heit syn frou, dy meist net bleat meitsje. It is de skamte fan dyn heit. 9De skamte fan dyn suster, dyn heite of dyn memme dochter, oft se yn it gesin of dêrbûten berne is – dy har skamte meist net bleat meitsje. 10De skamte fan ’e dochter fan dyn soan, of fan ’e dochter fan dyn dochter meist net bleat meitsje. It is dyn eigen skamte. 11De skamte fan ’e dochter fan dyn heite frou, dy’t dyn heit ferwekt hat – hja is dus dyn suster – dy har skamte meist net bleat meitsje. 12De skamte fan dyn heite suster meist net bleat meitsje. It is famylje fan dyn heit. 13De skamte fan dyn memme suster meist net bleat meitsje, want it is famylje fan dyn mem. 14De skamte fan dyn heit syn broer meist net bleat meitsje: by syn frou meist net komme, it is dyn muoike. 15De skamte fan dyn skoandochter meist net bleat meitsje. It is de frou fan dyn soan. Har skamte meist net bleat meitsje. 16De skamte fan dyn broer syn frou meist net bleat meitsje. It is de skamte fan dyn broer. 17De skamte fan in frou en tagelyk dy fan har dochter meist net bleat meitsje. De dochter fan har soan en de dochter fan har dochter meist net mei trouwe, en sa de skamte fan beide bleat meitsje. Hja binne famylje. It is ûntucht. 18In frou meist net mei trouwe, wylst al mei har suster troud bist. Der soe lijen fan komme, ast dy har skamte bleat meitsje soest, wylst de oare noch yn libben is. 19Do meist by in frou dy’t ûnrein is om’t se de regels hat, net komme om har skamte bleat te meitsjen. 20De frou fan dyn folksgenoat meist net besliepe; do soest troch har ûnrein wurde.
21Do meist gjinien fan dyn bern oerleverje om dy oan ’e Moloch te wijen. De namme fan dyn God silst net ûntwije. Ik bin de Heare. 22By in man meist net sliepe lykast by in frou sliepst. Dat is in grouwel. 23Mei gjin inkeld bist meist seksuele mienskip hawwe. Do soest dêr ûnrein fan wurde. In frou mei net foar in bist stean gean en dêrmei pearje. Untaarding is it.
24Net ien fan al dy dingen meist dy mei ûntreinigje. Ommers de folken dy’t Ik foar jimme ferdriuw, hawwe har mei al dy dingen ûntreinige. 25Sa is it lân ûnrein wurden en Ik ferhelje har ûngerjochtichheid op har, dat it lân spuit syn ynwenners út. 26Dat hâld jimme jim no oan myn foarskriften en myn rjochtsregels en doch net ien fan al dy grouwélichheden, de lânsman likemin as de frjemdling, dy’t by jimme tahâldt. 27Want al dy grouwélichheden hawwe de minsken dien fan it lân, dy’t dêr foar jimme wennen en it lân is ûnrein wurden. 28Lit it lân jimme dan net útspuie omdat jimme it ferûntreinigje, lykas it it folk útspuid hat, dat dêr foar jimme wie. 29En mocht der immen wêze dy’t ien fan dy grouwélichheden dwaan soe, dan moat sa’n ien út it fermidden fan syn folk útroege wurde. 30Hâld jim dan oan myn tsjinst en doch net neffens har grouwélige gebrûken, sa’t se dy foar jimme tiid dien hienen en ferûntreinigje jimme dêr net mei. Ik bin de Heare, jim God.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap