Leviticus 17
It offerplak
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sprek Aäron en syn soannen en ek alle Israeliten ta en sis tsjin har: Dit is it wat de Heare hjitten hat: 3Alle man fan it folk Israel dy’t in kobist, in skiep of in geit slachtet, oft er dat no yn of bûten it legerkamp docht, 4en dy’t it net nei de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting bringt om it as wijjefte de Heare te offerjen foar de wenning fan de Heare, dy man sil dat as bloedskuld oanrekkene wurde. Hy hat bloed fergetten en dy man moat útroege wurde út it fermidden fan syn folk. 5Dat is hjirom, dat de Israeliten har fleisoffers dy’t se op it iepen fjild plichten te offerjen, no nei de Heare bringe moatte by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting, by de pryster, en dat se har fleisoffers de Heare as frede-offers bringe. 6De pryster sprinkelet dan it bloed op it alter fan de Heare by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting en it fet lit er as in swietrook foar de Heare yn reek opgean. 7Hja meie net langer har fleisoffers oan ’e fjildgeasten bringe, dêr’t se no achteroan huorkje. Dat sil foar har, de geslachten troch, in altydduorjend foarskrift wêze. 8Do moatst tsjin har sizze: Alle man fan it folk Israel of fan ’e frjemdlingen dy’t yn jimme fermidden tahâlde, dy’t in brân- of fleisoffer bringt, 9en dat net by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting brocht hat om it foar de Heare klear te meitsjen, dy man sil útroege wurde út syn folksgenoaten.
Gjin bloed of ies ite
10Alle man fan it folk Israel of fan ’e frjemdlingen dy’t ûnder jim tahâlde, dy’t ek mar wat bloed nuttiget, tsjin dy persoan, dy’t it bloed nuttiget, sil Iksels fanwegen komme en Ik sil him ôfsnije út it fermidden fan syn folk. 11Want it libben fan it lichem sit yn it bloed. Ik sels haw it jimme op it alter jûn om fersoening te bewurkjen foar jim libben. It bloed bewurket ommers fersoening troch it libben dat dêryn is. 12Dêrom haw Ik tsjin ’e Israeliten sein: Gjin inkeld persoan ûnder jimme mei bloed nuttigje. Ek de frjemdling dy’t ûnder jimme tahâldt, mei gjin bloed nuttigje.
13Alle man fan de Israeliten en fan ’e frjemdlingen dy’t yn jimme fermidden tahâlde, dy’t op ’e jacht in bist fangt of in fûgel dy’t wol iten wurde mei, dy moat it bloed dêrfan fuortrinne litte en it mei moude bedekke. 14Want wat it libben fan elk lichem oangiet: syn bloed is syn libben en Ik haw tsjin ’e Israeliten sein: It bloed fan hokfoar fleis ek meie jim net ite. It libben fan elk lichem sit ommers yn syn bloed. Elk dy’t dat nuttiget sil útroege wurde.
15Elk persoan, fan ’e lânslju likegoed as fan ’e frjemdlingen, dy’t ies yt of wat dat ferskuord is, dy moat syn klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze en dan is er wer rein. 16As er dy net wasket en syn lichem net baait, dan komt syn ûngerjochtichheid op himsels del.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap