De grutte Fersoendei
1De Heare spriek mei Mozes nei de dea fan ’e beide soannen fan Aäron, doe’t dy de Heare te ticht ûnder eagen kommen en stoarn wienen. 2De Heare dan sei tsjin Mozes: Sis tsjin dyn broer Aäron, dat er net op alle tiden yn it hillichdom komt, achter it foarkleed foar it soendeksel dat op ’e arke leit. It soe syn dea wurde. Want yn ’e wolk boppe it soendeksel, dêr ferskyn Ik. 3Hjir sil Aäron mei yn it hillichdom komme: mei in jonge bolle foar in sûnde-offer en mei in raam foar in brânoffer. 4Hy moat klaaid wêze yn hillige linnense ûnderklean en in linnense broek moat er oer syn lichem oan ha, in linnen mulriem moat er om ha en in linnense tulbân om ’e holle. Dat binne hillige klean. Hy moat dus syn lichem yn wetter waskje en se dan oandwaan. 5Dan nimt er fan ’e mienskip fan ’e Israeliten twa geitebokken foar in sûnde-offer en ien raam foar in brânoffer. 6Dêrop moat Aäron de bolle fan syn eigen sûnde-offer offerje en foar himsels en foar syn húshâlding fersoening bewurkje. 7Dan nimt er de beide bokken en set dy del foar de Heare by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 8En Aäron sil oer beide bokken lotsje: ien lot ‘foar de Heare’ en ien lot ‘foar Azazel’. 9Dan hellet Aäron de bok dêr’t it lot ‘foar de Heare’ op fallen is en makket dy klear as sûnde-offer. 10Mar de bok dêr’t it lot ‘foar Azazel’ op fallen is, set er libben foar de Heare del, om dêr fersoening oer te bewurkjen, om him nei Azazel te stjoeren, de woestyn yn. 11Aäron bringt dan de bolle foar syn eigen sûnde-offer en bewurket fersoening foar himsels en foar syn húshâlding en slachtet de bolle foar syn eigen sûnde-offer. 12Hy nimt dan fan it alter foar de Heare in panne fol gleone koallen en twa hanfollen wijreek fan fynmealde swietrokige krûden en bringt dat binnen it foarkleed. 13Hy leit dan de wijreek op it fjoer foar de Heare en de reek fan ’e wijreek sil it soendeksel, dat op ’e Ferbûnsakte leit, bedekke. Oars soed er stjerre. 14Dêrop nimt er wat fan it bloed fan ’e bolle en mei de finger sprinkelet er dat op it soendeksel oan ’e eastkant, en foar it soendeksel moat er sân kear wat fan it bloed sprinkelje.
15Dan slachtet er de bok fan it sûnde-offer, dy’t foar it folk ornearre is. It bloed dêrfan bringt er binnen it foarkleed en mei dat bloed docht er krekt sa’t er dien hat mei it bloed fan ’e bolle. Hy sprinkelet dat op en foar it soendeksel. 16Sa bewurket er fersoening foar it hillichdom foar de ûnreinens fan ’e Israeliten en foar al har sûnden dêr’t se har yn misgien hawwe. Sa docht er ek mei de tinte fan ’e moeting, dy’t by har yn al har ûnreinens in plak hat.
17As Aäron de tinte fan ’e moeting yngiet om fersoening te bewurkjen, dan mei dêr gjin inkeld minske yn wêze, salang’t er der net útkomt. Hy bewurket dan fersoening foar himsels, foar syn húshâlding en foar de hiele gemeente fan Israel. 18As er dêr wer útkomt, giet er nei it alter foar de Heare en bewurket dêr fersoening foar. Hy nimt wat fan it bloed fan ’e bolle en fan ’e bok en strykt dat oan alle kanten op ’e hoarnen fan it alter. 19Dan sprinkelet er dêr mei de finger sân kear wat fan it bloed op. Sa sil er it rein meitsje en hilligje fan ’e ûnreinens fan ’e Israeliten.
20As er klear is mei de fersoening fan it hillichdom fan de tinte fan ’e moeting en fan it alter, dan moat er de libbene bok neier komme litte. 21Aäron leit dan beide hannen op ’e kop fan ’e libbene bok en docht boppe him belidenis fan alle ûngerjochtichheden fan ’e Israeliten en fan al har sûnden, wat se ek mar misdien hawwe, en leit dy op ’e kop fan ’e bok. Dan lit er dy bok troch in man dy’t derfoar klear stiet, de woestyn yn jeie. 22En de bok sil har ûngerjochtichheden allegearre op him drage nei in ûnfruchtber lân. Hy moat de bok loslitte yn ’e woestyn.
23Dan giet Aäron de tinte fan ’e moeting yn en docht de linnense klean út dy’t er oanhie doe’t er it hillige yngong, en hy lit se dêr lizze. 24Dêrop wasket er syn lichem mei wetter op in hillich plak en docht syn eigen klean wer oan. Dan giet er nei bûten en makket syn eigen brânoffer en dat fan it folk klear. Sa bewurket er fersoening foar himsels en foar it folk. 25It fet fan it sûnde-offer lit er op it alter yn reek opgean. 26De man dy’t de bok foar Azazel fuortbrocht hat, moat syn klean waskje en it lichem yn wetter baaie. Dêrnei mei er wer yn it legerkamp komme. 27De bolle en de bok fan it sûnde-offer, dêr’t it bloed fan yn it hillichdom brocht is om fersoening te bewurkjen, moatte bûten it legerkamp brocht wurde. Har hûd, fleis en dong moatte opbaarnd wurde. 28Dy’t it opbaarnd hat, moat syn klean waskje en it lichem yn wetter baaie. Dêrnei mei er wer yn it legerkamp komme.
29Dat is foar jimme in altydduorjend foarskrift. Op ’e tsiende dei fan ’e sânde moanne moatte jim jimsels fernederje en dan meie jim hielendal gjin wurk dwaan, de lânsman likemin as de frjemdling dy’t yn jim fermidden tahâldt. 30Dy deis ommers sil der fersoening foar jimme bewurke wurde om jim te reinigjen. Fan al jim sûnden sille jim rein wurde foar de Heare. 31In folsleine rêstdei sil it foar jimme wêze, dêr’t jimme jimsels op fernederje. In altydduorjend foarskrift is it. 32De pryster dy’t salve is en dy’t yn it plak fan syn heit oansteld is yn it prysteramt en dy’t klaaid is yn linnense klean, de hillige klean, sil de fersoening bewurkje. 33Hy bewurket fersoening oer it alderhillichste en oer de tinte fan ’e moeting. Ek oer it alter bewurket er fersoening, likegoed as oer de prysters en it folk fan ’e gemeente.
34It sil foar jimme in altydduorjend foarskrift wêze, dat ien kear yn it jier fersoening bewurke wurdt foar de Israeliten oer al har sûnden. 35En Aäron die sa’t de Heare it Mozes hjitten hie.