Unreinens by manlju en froulju
1De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: 2Sprek de Israeliten ta en sis tsjin har: Elke man, dy’t út syn lichem floeit, sil om syn floeiing ûnrein wêze. 3De ûnreinens fan syn floeiing sil dan hjirút bestean, dat syn lichem de floeiing rinne lit. Mar as it lichem dêrtroch ferstoppe is, sil dy ûnreinens der likegoed wêze. 4Elk bêd dêr’t hy dy’t oan ’e floeiing lijt, op lein hat en ek elk ding dêr’t er op sitten hat, sil ûnrein wêze. 5Alle man dy’t oan syn bêd komt moat de klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 6En wa’t sitten gien is op in ding dêr’t hy dy’t oan ’e floeiing lijt op sitten hat, moat syn klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 7Ek dy’t oan it lichem fan him dy’t oan ’e floeiing lijt komt, moat syn klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 8As ien dy’t oan ’e floeiing lijt, in reine oanspuit, dan moat dy de klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 9Elk seal dêr’t hy dy’t oan ’e floeiing lijt op riden hat, sil ûnrein wêze. 10Elk dy’t oan wat komt dat er ûnder him hat, sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. Dy’t dy dingen fersjout, moat syn klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze.
11As in lijer oan floeiing, sûnder dat er earst de hannen mei wetter ôfspield hat, in oar oanrekket, dan moat dy de klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 12In stik diggelguod, dêr’t de lijer oan floeiing oan west hat, dat moat stikken slein wurde. Alle houten dingen moatte mei wetter ôfspield wurde.
13As hy dy’t floeid hat, wer better is, moat er sân dagen rekkenje foar syn reiniging. Dan moat er syn klean waskje en him yn welwetter baaie en dan sil er wer rein wêze. 14De achtste deis moat er mei twa toarteldowen of twa jonge dowen foar de Heare komme by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting en se oan ’e pryster jaan. 15Dan makket de pryster se klear: ien foar in sûnde-offer en ien foar in brânoffer. Sa bewurket de pryster fersoening foar him oer syn floeiing.
16As in man sied ôfgien is, dan moat er it hiele lichem yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 17Elk stik klean, elk learen ding, dêr’t de siedútstoarting op kommen is, moat yn wetter wosken wurde. It sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze.
18As in man by in frou lein hat en der hat in siedútstoarting west dan moatte se har yn wetter baaie. Hja sille oan ’e jûn ta ûnrein wêze.
19As in frou de regels hat en der floeit bloed út har lichem, dan sil se sân dagen ûnrein bliuwe. Elk dy’t har oanrekket, sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 20Alles dêr’t se, wylst hja ûnrein is, op lein hat, dat sil ûnrein wêze. Sa sil ek alles dêr’t se op sitten hat, ûnrein wêze. 21Elk dy’t oan har bêd komt, moat de klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 22Elk dy’t oan in ding komt dêr’t se op sitten hat, moat syn klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 23Ek as ien oan wat komt, dat op it bêd leit of op it ding dêr’t se op sitten hat, dan sil er oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 24Mar as in man dochs by har sliept, dan sil har ûnreinens ek foar him jilde. Hy sil sân dagen ûnrein wêze en ek elk bêd dêr’t er op lein hat, sil ûnrein wêze.
25As in frou in bloedfloeiing hat dy’t langer duorret as gewoanwei en it is de tiid fan ’e regels net, of as se nei de regels trochfloeit, dan is se, salang’t de floeiing duorret, ûnrein; net oars as hat se de regels, sa sil se dan ûnrein wêze. 26Elk bêd dêr’t hja op lein hat, sil salang’t de floeiing duorret, foar har net oars wêze as it bêd wannear’t hja de regels hat. Elk ding dêr’t hja op sit, sil ûnrein wêze krekt as by de ûnreinens fan ’e regels. 27Elk dy’t oan dy dingen komt sil ûnrein wêze en moat de klean waskje en him yn wetter baaie. Hy sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 28As de floeiing wer oer is, dan moat se foar harsels sân dagen ôftelle en dêrnei sil se wer rein wêze. 29De achtste deis moat se twa toarteldowen of twa jonge dowen nimme en dy by de pryster bringe by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 30De pryster makket dan ien klear foar in sûnde-offer en ien foar in brânoffer. Sa bewurket de pryster foar de eagen fan de Heare fersoening foar har oer de floeiing dy’t har ûnrein makke. 31Sa moatte jimme de Israeliten tebek hâlde fan har ûnreinens, dat se net yn har ûnreinens stjerre, as se myn wenning dy’t yn har fermidden stiet, ferûntreinigje soenen.
32Dat is de wet foar him dy’t in floeiing hat, of wa’t it sied ôfgien is en dêr’t men ûnrein troch wurdt. 33En ek foar de frou dy’t de regels hat en foar de man of de frou dy’t in floeiing hat en foar de man dy’t mienskip hat mei in ûnreine frou.