Reinferklearring fan in genêzen melaatske
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Dit sil de wet foar de melaatske wêze, de deis fan syn reiniging: Hy moat by de pryster brocht wurde. 3De pryster sil dan nei bûten gean, út it legerkamp, en as it de pryster dan bliken docht dat de pleach fan ’e melaatskens wer better is, de melaatskens is oer, 4dan moat de pryster hjitte, dat se foar him dy’t reinige wurde moat, twa libbene reine fûgels nimme mei sederhout, karmozynkleurige wol en hizop. 5Dan hjit de pryster de iene fûgel te slachtsjen boppe in stiennen pôt mei welwetter. 6Dêrop nimt er de libbene fûgel en dipt dy mei it sederhout, de karmozynkleurige wol en de hizop en ek de libbene fûgel yn it bloed fan ’e fûgel, dy’t boppe it welwetter slachte is. 7Dan bespat er sân kear him dy’t fan ’e melaatskens rein ferklearre wurde moat en dan makket er him rein. De libbene fûgel moat er dan yn it iepen fjild fleane litte. 8Hy dy’t reinige wurdt, moat dan syn klean waskje, it hier allegearre ôfskeare en him yn wetter baaie en dan sil er rein wêze. Earst dêrnei mei er wer yn it legerkamp komme, mar hy moat noch sân dagen bûten syn tinte bliuwe. 9En as dan de sânde dei oanbrutsen is, dan moat er it hier wer allegearre ôfskeare, fan ’e holle, it burd en de eachteisters, ja alle hier moat er ôfskeare. Syn klean moat er waskje en syn lichem yn wetter baaie. Dan is er rein.
It offer foar de reiniging
10De achtste deis moat er twa geve skiep nimme en ien geef touke, mei trije tsiende efa fyn moal as in moaloffer, mei oalje oanmongen en ien log oalje. 11De pryster, dy’t de reiniging bewurket, moat de man dy’t reinige wurdt mei dat allegearre opstelle foar de eagen fan de Heare by de yngong fan ’e tinte fan de moeting. 12Dan nimt de pryster it iene skiep en hy bringt dat de Heare as in skuldoffer mei de log oalje en hy beweecht dat as in beweechoffer hinne-en-wer foar de eagen fan de Heare. 13Hy moat it skiep slachtsje op it plak dêr’t ek it sûnde-offer en it brânoffer slachte wurde, op it hillich plak, want krekt as it sûnde-offer is ek it skuldoffer foar de pryster; it is heechhillich. 14Dêrop nimt de pryster wat fan it bloed fan it skuldoffer en docht dat op it rjochter earlapke fan him dy’t reinige wurdt en ek op syn rjochter tomme en de rjochter grutte tean. 15Dan nimt de pryster wat fan de log oalje en hy jit dat himsels yn ’e linkerhân. 16Dêrop dipt de pryster syn rjochterfinger yn ’e oalje dy’t er yn ’e linkerhân hat en hy sprinkelet sân kear mei dy finger wat fan dy oalje foar de eagen fan de Heare. 17Fan wat der oer is fan ’e oalje yn syn hân, docht de pryster dan wat op it rjochter earlapke fan him dy’t reinige wurde moat en op syn rjochter tomme en rjochter tean, oer it bloed fan it skuldoffer hinne. 18Wat der dan noch oer is fan ’e oalje yn ’e hân fan ’e pryster, moat er him dy’t reinige wurdt, op ’e holle strike. Sa sil de pryster foar de eagen fan de Heare fersoening foar him bewurkje.
19De pryster makket dan it sûnde-offer klear en bewurket fersoening foar him dy’t fan syn ûnreinheid reinige wurde moat. En dêrnei sil er it brânoffer slachtsje. 20De pryster moat it brânoffer en it moaloffer op it alter offerje en bewurket dan sa fersoening foar him en dan sil er rein wêze.
It reinigingsoffer fan ’e earme
21Is er sa earm, dat him dat net barre mei, dan mei er ien skiep as skuldoffer nimme en dat hinne-en-wer bewege om fersoening foar him te bewurkjen en in tsiende efa fyn moal, oanmongen mei oalje foar in moaloffer en in log oalje. 22Ek twa toarteldowen of twa jonge dowen, al nei’t it him barre mei, de iene sil sûnde-offer en de oare brânoffer wêze. 23De achtste deis moat er dat foar syn reiniging by de pryster bringe, nei de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting, foar de eagen fan de Heare. 24De pryster nimt dan it skiep foar it skuldoffer mei de log oalje en beweecht dat as beweechoffer hinne-en-wer foar de eagen fan de Heare. 25Dêrop slachtet er it skiep foar it skuldoffer en de pryster nimt wat fan it bloed fan it skuldoffer en docht dat him dy’t reinige wurde moat op it rjochter earlapke, op ’e rjochter tomme en op ’e rjochter grutte tean. 26En fan ’e oalje jit de pryster himsels wat yn ’e linkerhân. 27Dan sprinkelet de pryster mei de rjochter finger sân kear wat fan ’e oalje, dy’t er yn ’e linkerhân hat, foar de eagen fan de Heare. 28Dêrop docht de pryster him dy’t reinige wurde moat wat fan ’e oalje dy’t er yn ’e hân hat, op it rjochter earlapke en op ’e tomme fan ’e rjochter hân en op ’e rjochter grutte tean, op it plak dêr’t it bloed fan it skuldoffer sit. 29Wat der dan noch oer is fan ’e oalje dy’t er yn ’e hân hat, dat strykt de pryster him dy’t reinige wurde moat op ’e holle om fersoening foar him te bewurkjen foar de eagen fan de Heare.
30Dan makket er ien fan ’e toarteldowen of fan ’e jonge dowen, wat dy man mar barre mei, klear, 31al nei’t it him barre mei, ien foar in sûnde-offer en ien foar in brânoffer mei it moaloffer. En de pryster bewurket foar him dy’t reinige wurde moat fersoening, foar de eagen fan de Heare.
32Dat is de wet foar him dy’t mei melaatskens oanhelle wie en net genôch hat foar syn reiniging.
Melaatskens fan huzen
33De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: 34As jimme yn Kanaän komme, it lân dat Ik jimme yn besit jou, en Ik bring in pleach fan melaatskens oer in hûs yn it lân dat jimme yn besit nommen hawwe, 35dan moat hy, waans hûs it is, by de pryster komme en meidiele: It wol my foarkomme, dat ik de pleach yn ’e hûs ha.
36De pryster jout dan befel dat hja it hûs rom meitsje moatte, ear’t de pryster komt om it oantaaste plak te besjen, dat net alles dat yn ’e hûs is, ûnrein wurdt. Earst dêrnei komt de pryster om nei it hûs te sjen. 37Hy besjocht dan it oantaaste plak en docht it dan bliken dat der kûltsjes yn ’e muorren sitte, dy’t út ’en grienens of út ’en readens skine en dy’t har djipper oanjouwe as de muorre, 38dan moat de pryster it hûs útgean nei de yngong fan it hûs. Hy lit dan it hûs sân dagen ticht sitte. 39De sânde deis komt de pryster werom. As hy it dan besjoen hat en it docht bliken dat de pleach him oer de muorren fan it hûs útwreide hat, 40dan jout de pryster befel om de oantaaste stiennen der út te brekken en dy op in ûnrein plak bûten de stêd del te smiten. 41Dan moat er it hûs fan binnen yn it rûn ôfbikje litte en it liem dat der ôfbikke wurdt, moatte se bûten de stêd op in ûnrein plak útstoarte. 42Hja moatte dan oare stiennen nimme en dy foar de útbrutsen stiennen yn it plak oanbringe en mei oar liem it hûs berape.
43As dan de oandwaning weromkomt en fierder rint oer it hûs, nei’t de stiennen útbrutsen binne en nei’t it hûs ôfbikke en beraapt is, 44dan moat de pryster wer komme en it besjen. Blykt it dan dat de oandwaning him oer it hûs útwreide hat, dan is it in kwea gefal fan melaatskens oan it hûs. It is ûnrein. 45Hja moatte it hûs ôfbrekke en de stien, it hout en alle liem dat oan it hûs sit, moatte se bûten de stêd bringe op in ûnrein plak. 46Dy’t yn it hûs komt yn ’e tiid dat it ôfsletten is, sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 47Dy’t yn it hûs sliept, moat syn klean waskje en ek dy’t yn it hûs yt, moat syn klean waskje.
48Mar as de pryster komt en it besjocht en it docht bliken dat de pleach him net oer it hûs útwreide hat, nei’t it beraapt is, dan moat de pryster it hûs rein ferklearje, want de pleach is oer. 49Dan nimt er, om it hûs fan ’e sûnde te suverjen, twa fûgels, sederhout, karmozynkleurige wol en hizop. 50Hy slachtet de iene fûgel boppe in stiennen pôt mei welwetter. 51Dan krijt er it sederhout, de hizop en de karmozynkleurige wol mei de libbene fûgel en dipt dat yn it bloed fan ’e slachte fûgel en yn it welwetter en dan sprinkelet er sân kear oer it hûs. 52Sa suveret er it hûs fan ’e sûnde mei it bloed fan ’e fûgel, mei it welwetter, de libbene fûgel, it sederhout, de hizop en de karmozynkleurige wol. 53Dan lit er de libbene fûgel bûten de stêd op it iepen fjild fleane. Sa docht er fersoening oer it hûs en dan sil dat wer rein wêze.
54Dat is de wet op elke pleach fan ’e melaatskens, op rude, 55op melaatskens fan klean en huzen, 56op knobbeltsjes, útslach en ljochte plakken, 57om te learen wannear’t wat ûnrein of wannear’t it rein is. Dat is de wet op ’e melaatskens.