Hûdsykten. a. ûndersyk nei melaatskens
1De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: 2As in minske oan syn lichem op it fel, in knobbeltsje hat, of útslach of in ljocht plak, en dat soe oan syn lichem op it fel de pleach fan ’e melaatskens wurde kinne, dan moat er by de pryster Aäron of by ien fan syn soannen, de prysters, brocht wurde. 3De pryster besjocht dan it oantaaste plak op it fel. Is it hier op it oantaaste plak wyt wurden en jout it plak him djipper oan as it oare fel, op syn lichem, dan is it de pleach fan ’e melaatskens. As de pryster dat sjoen hat, moat er him ûnrein ferklearje. 4As it ljochte plak op it fel wol wyt is, mar it jout him net djipper oan as it oare fel en it hier dêrop is net wyt wurden, dan moat de pryster de sike sân dagen opslute. 5Op ’e sânde dei moat de pryster dêr wer nei sjen. As it him dan foarkomt dat it plak ta stean kommen is, it plak hat him dus net útwreide oer it fel, dan moat de pryster him nochris sân dagen opslute. 6Op de sânde dei moat de pryster dêr dan nochris nei sjen en blykt dan dat it plak him deljout en him net oer it fel útwreide hat, dan moat de pryster him rein ferklearje; it wie útslach. Hy moat de klean waskje en dan sil er wer rein wêze.
7As lykwols de útslach him dochs oer it fel útwreidet neidat er him oan ’e pryster sjen litten hat om rein ferklearre te wurden, dan moat er op ’en nij foar de pryster ferskine. 8En as de pryster der dan nei sjocht en it docht bliken dat de útslach him oer it fel útwreide hat, dan moat de pryster him ûnrein ferklearje. It is melaatskens.
b. De diagnose fan melaatskens
9As in minske oanhelle is mei de pleach fan ’e melaatskens, dan moat er by de pryster brocht wurde. 10De pryster sjocht der dan nei en blykt der in wite knobbel op it fel te sitten, dy’t it hier wyt makke hat en der groeit fûl fleis yn dy knobbel, 11dan is it in ferâldere melaatskens op it fel en de pryster moat him ûnrein ferklearje. Hy hoecht him net op te sluten, want hy is al ûnrein.
12As de melaatskens sa slim oer it fel útrûn is, dat alle fel fan ’e melaatske, fan ’e holle ôf oan ’e fuotten ta, ûnder de melaatskens sit, foarsafier’t de pryster dat sjen kin, 13en docht it dan bliken, nei’t de pryster him besjoen hat, dat de melaatskens syn hiele lichem bedutsen hat, dan moat er de melaatske rein ferklearje. Hy is hielendal wyt wurden. Hy is rein. 14Sagau’t der lykwols fûl fleis oan him te sjen is, is er ûnrein. 15As de pryster dat fûl fleis sjocht, moat er him ûnrein ferklearje. It fûle fleis is ûnrein. It is melaatskens. 16Is lykwols it fûle fleis wei wurden en hy is wer wyt wurden, dan moat er nei de pryster ta. 17As de pryster him dan besjocht en it docht bliken, dat it plak wer wyt wurden is, dan moat de pryster de sike rein ferklearje. Hy is rein.
Swolms
18As immen op syn fel in swolm hat en dy is wer better wurden, 19mar op it plak fan ’e swolm komt in wyt knobbeltsje of in ljocht plak dat út ’en readens skynt, dan moat er dat de pryster sjen litte. 20As de pryster him dan besjocht en it docht bliken dat dat plak him djipper oanjout as it oare fel en it hier dêrop is wyt wurden, dan moat de pryster him ûnrein ferklearje. It is de pleach fan ’e melaatskens, dy’t yn ’e swolm útbrutsen is.
21Mar as de pryster dernei sjoen hat en der blykt gjin wyt hier op te sitten, it leit net djipper as it oare fel en it hat him deljûn, dan moat de pryster him sân dagen lang opslute. 22Hat it him dan oer it fel útwreide, dan moat de pryster him ûnrein ferklearje. It is de pleach. 23Mar as it ljochte plak ta stean kommen is en it hat him net útwreide, dan is it de groede fan ’e swolm en de pryster moat him rein ferklearje.
Brânplakken
24As ien op syn fel in brânplak hat en it nije fleis yn dy wûne is in ljocht plak dat út ’en readens skynt, of it is wyt, 25dan moat de pryster dêr nei sjen. Docht it dan bliken dat it hier op it ljochte plak wyt wurden is en it plak jout him djipper oan as it oare fel, dan is it melaatskens, dy’t yn it brânplak útbrutsen is en de pryster moat him ûnrein ferklearje. It is de pleach fan ’e melaatskens. 26Mar as de pryster dêr nei sjoen hat en it docht bliken dat der op it ljochte plak gjin wyt hier sit, it jout him ek net djipper oan as it oare fel en it hat him deljûn, dan moat de pryster him sân dagen lang opslute. 27Dan moat de pryster de sânde deis dêr wer nei sjen. As it him oer it fel útwreide hat, dan moat de pryster him ûnrein ferklearje. It is de pleach fan ’e melaatskens. 28Mar as dat ljochte plak ta stean kommen is, it hat him net útwreide oer it fel en it hat him deljûn, dan is it knobbeltsje fan it brânplak kommen. De pryster moat him dan rein ferklearje, want it is de groede fan in brânplak.
Plakken yn it hier
29As in man of frou in oandwaning hat yn it hier of yn it burd, 30dan sil de pryster nei it oantaaste plak sjen. Blykt dan dat it him djipper oanjout as it oare fel en der sit gielich tin hier op, dan moat de pryster him ûnrein ferklearje. It is rude, melaatskens op ’e holle of yn it burd. 31Mar as de pryster nei it troch rude oantaaste plak sjoen hat en it blykt dat it him net djipper oanjout as it oare fel, mar it hier dêrop is net swart, dan sil de pryster him dy’t mei rude oanhelle is, sân dagen opslute. 32As dan de pryster op ’e sânde dei nei it oantaaste plak sjocht en it docht bliken dat de rude him net útwreide hat en der sit gjin gielich hier op, wylst de rude him ek net djipper oanjout as it oare fel, 33dan moat er him skeare litte. It rudige plak lykwols mei er net skeare. De pryster moat him dy’t de rude hat, dan nochris sân dagen opslute. 34As de pryster op ’e sânde dei dan nei it rudige plak sjoen hat en it docht bliken dat de rude him net oer it fel útwreide hat en it plak jout him ek net djipper oan as it oare fel, dan moat de pryster him rein ferklearje. Hy moat syn klean waskje en dan sil er rein wêze.
35Mar as it rudige plak, neidat er rein ferklearre is, him dochs oer it fel útwreidet, 36en de pryster besjocht him en it docht bliken dat it rudige plak oer it fel útwreide is, dan hoecht de pryster net mear te sykjen nei gielich hier; hy is ûnrein. 37As lykwols, foar sa fier’t er sjen kin, de rude stean bleaun is en der groeit wer swart hier op, dan is de rude wer better; hy is rein en de pryster moat him rein ferklearje.
Utslach
38As in man of frou ljochte plakken op it lichem hat, ljochte wite plakken, 39dan moat de pryster der nei sjen. Blykt dan dat de ljochte wite plakken dof binne, dan is it in gewoane útslach dy’t op it fel útbrutsen is. Hy is rein. 40As in man it hier op ’e holle útfalt, dan is er gewoan keal; hy is rein. 41En as er fan foaren keal wurdt, dan hat er in hege foarholle; hy is rein. 42Mar as der op ’e keale plasse of op ’e hege foarholle in wyt plak komt, dat út ’en readens skynt, dan is dat melaatskens, dy’t op ’e keale plasse of op ’e hege foarholle útbrutsen is. 43De pryster moat him dan besjen. Docht it dan bliken dat der op ’e keale plasse of op ’e hege foarholle op it oantaaste plak in wyt knobbeltsje sit, dat út ’en readens skynt, krekt sa’t melaatskens op it fel fan it lichem der útsjocht, 44dan is it in man dy’t mei melaatskens oanhelle is. Hy is ûnrein. De pryster moat him ûnrein ferklearje. De pleach sit him op ’e holle.
De hâlding fan ’e melaatske
45De melaatske, dy’t mei de pleach oanhelle is, moat skuorde klean oanhawwe en it hier los hingje litte. De snor moat er bedekke en hy moat ‘ûnrein, ûnrein’ roppe. 46Salang’t er mei de pleach oanhelle is, bliuwt er ûnrein. Unrein is er. Hy moat allinne wenje. Bûten it legerkamp sil er syn wente ha.
Oandwaning fan weefsel en lear
47As op in stik klean de pleach fan melaatskens sit, oft it no klean fan wol of fan linnen is, 48of op weef- of frisselwurk fan linnen of fan wol, of op lear of op it ien of oar dat fan lear makke is, 49en as it oantaaste plak op klean of lear, op weef- of frisselwurk of op it iene of oare ding dat fan lear makke is, út ’en grienens of readens skynt, dan is it de pleach fan ’e melaatskens en dan moat it de pryster sjen litten wurde.
50As de pryster it oantaaste plak sjoen hat, moat er it sân dagen opbergje. 51De sânde deis moat er it oantaaste plak wer besjen, en as it plak him dan útwreide hat op it stik klean, op it weef- of frisselwurk, of op it lear, foar hokker doel dat ek mar ornearre is, dan is it in kwea gefal fan melaatskens. It is ûnrein. 52Hy moat dan dat stik klean of it weef- of frisselwurk fan wol of linnen, of alle dingen fan lear, dy’t oantaast binne, ferbaarne, want it is in kwea gefal fan melaatskens. It moat opbaarnd wurde.
53Mar as de pryster it besjocht en it docht bliken dat it oantaaste plak him net oer it stik klean, it weef- of frisselwurk of oer ien of oar learen ding útwreide hat, 54dan moat de pryster hjitte dat hja, wat oantaast is, waskje, en dan moat er it op ’en nij sân dagen opbergje. 55Besjocht de pryster it oantaaste plak nei’t it wosken is, en it docht bliken dat it oantaaste plak net fan oansjen feroare is en it hat him net útwreide, dan is it ûnrein. Hja moatte it opbaarne. It is oan ’e achterkant of oan ’e foarkant ynfretten. 56Besjocht de pryster it en it docht bliken dat it oantaaste plak nei’t it wosken is, dof wurden is, dan moat er dat plak út it stik klean, it lear of it weef- of frisselwurk skuorre. 57Komt it dochs noch wer te sjen yn it stik klean of yn it weef- of frisselwurk of yn it iene of oare learen ding, dan rint it dochs fierder en dêr’t dan it oantaaste plak yn sit, dat moat opbaarnd wurde. 58Mar as út it stik klean, it weef- of frisselwurk of it iene of oare learen ding as dat wosken is, it oantaaste plak weiwurden is, dan moat it op ’en nij wosken wurden en dêrnei is it rein.
59Dat is de wet op ’e pleach fan ’e melaatskens fan linnense of wollen klean, of fan weef- of frisselwurk of fan ien of oare learen ding, hoe’t dy rein of ûnrein ferklearre wurde moatte.