Leviticus 12
Wet foar de kreamfrou
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin ’e Israeliten: As in frou befalle moat en hja kriget in jonkje, dan sil se sân dagen ûnrein wêze, like lang as se ûnrein is wannear’t se de regels hat. 3En de achtste deis moat syn lichem oan ’e foarhûd besnien wurde. 4Trijeëntritich dagen lang sil se dan yn in steat fan reine bloedfloeiing bliuwe. Neat mei se oanreitsje wat hillich is en yn it hillichdom mei se net komme, ear’t de dagen fan har reiniging om binne.
5Hat se in famke krige, dan is se fjirtjin dagen ûnrein, lykas by de regels en seisensechstich dagen sil se dan yn in steat fan reine bloedfloeiing bliuwe. 6En as dan de dagen fan har reiniging foar soan of dochter om binne, moat se as brânoffer in skiep fan in jier en in jonge do of toarteldo as sûnde-offer by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting by de pryster bringe. 7Dy sil it foar de eagen fan de Heare offerje en fersoening foar har bewurkje. Dan is de boarne, dêr’t har bloed út floeid is, wer rein. Dat is de wet fan ’e kreamfrou dy’t in jonkje of in famke krige hat. 8As in laam har net barre mei, dan mei se twa toarteldowen of twa jonge dowen nimme: ien foar in brânoffer en ien foar in sûnde-offer en dan sil de pryster fersoening foar har bewurkje en wurdt se wer rein.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap