Reine en ûnreine lândieren
1De Heare spriek mei Mozes en Aäron en sei tsjin har: 2Sis tsjin ’e Israeliten: Fan alle lândieren binne dit de bisten dy’t jimme ite meie: 3Alle fee mei spjalte kleien, mar dan ek hielendal spjalt, en dat wjerkôget, meie jimme fan ite.
4Fan ’e dieren dy’t wjerkôgje of dy’t spjalte kleien hawwe, meie jimme lykwols dizze net ite: de kamiel, want dy wjerkôget wol, mar hat gjin spjalte kleien. Dy is jimme ûnrein. 5Ek de klipdas net, want dy wjerkôget wol, mar hat gjin spjalte kleien. Dy is ûnrein foar jimme. 6Ek de hazze net, want dy wjerkôget wol, mar hat gjin spjalte kleien. Dy is ûnrein foar jimme. 7Ek de baarch net, want dy hat wol spjalte kleien, ja sels folslein spjalte kleien, mar dy wjerkôget net. Dy is ûnrein foar jimme. 8Fan har fleis meie jim net ite en har ies net oanreitsje. Hja binne ûnrein foar jimme.
Reine en ûnreine wetterdieren
9Fan alles dat yn it wetter libbet meie jimme dit ite: Alles yn it wetter, yn ’e seeën en de rivieren, dat finnen en skobben hat, meie jim ite. 10Mar alles yn ’e seeën en de rivieren dat gjin finnen en skobben hat ûnder al it lytsguod dat yn it wetter krioelet, ja ûnder alle libbene wêzens yn it wetter, dat moat jimme in ôfgriis wêze. 11Ja, in ôfgriis sille se jim wêze. Fan har fleis meie jim net ite. Ek fan har ies sille jim grize. 12Alles yn it wetter dat gjin finnen of skobben hat, dat moat jimme in ôfgriis wêze.
Reine en ûnreine fûgels
13Under de fûgels sille jimme fan dizze in ôfgriis hawwe; hja meie net iten wurde, in ôfgriis binne se: de earn, de see-earn, de burdgier, 14de wou, alle soarten fan gieren, 15alle soarten fan ravens, 16de strúsfûgel, de ûle, de seekob, alle soarten sparwers, 17de stienûle, de ielgoes, de oehoe, 18de wite ûle, de pilekaan, de iesgier, 19de earrebarre, alle soarten fan reagers, de hûpe en de flearmûs.
20Alle lytsguod dat wjukken hat en op fjouwer poaten rint, sil jimme in ôfgriis wêze. 21Dizze lykwols meie jim fan alle lytsguod dat op fjouwer poaten giet wol ite: dy’t boppe syn poaten krinkels hat om dêrmei oer de grûn te springen. 22Dizze meie jim dêrfan ite: alle soarten fjildsprinkhoannen, alle soarten gershippers, alle soarten treksprinkhoannen en alle soarten lytse sprinkhoannen. 23Mar alle oare soarten lytsguod dat wjukken hat en op fjouwer poaten giet, sille jimme in ôfgriis fan hawwe.
Unrein troch dieren
24Dizze dieren sille jimme ûnrein fan wurde; elk dy’t har ies oanrekket, sil ûnrein wêze oan ’e jûn ta 25en elk dy’t wat fan har ies draacht, moat syn klean waskje en sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze: 26fan alle bisten dy’t wol spjalte kleien hawwe, mar net folslein spjalt en dy net wjerkôgje. Dy sille ûnrein foar jimme wêze. Elk dy’t har oanrekket sil ûnrein wurde. 27Ek alles dat ûnder de fjouwerfuottige dieren op ’e soallen giet, sil ûnrein foar jimme wêze. Elk dy’t har ies oanrekket, sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 28Dy’t har ies droegen hat, moat syn klean waskje en sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. Unrein sille se jimme wêze.
29En dizze sille jim ûnrein wêze ûnder it lytsguod dat oer ’e grûn krûpt: de mol, de mûs en alle soarten podden, 30de stikelbaarch, de lânkrokodil, de hagedis, de slak en it kameleön. 31Dy sille fan alles dat krûpt jimme ûnrein wêze. Elk dy’t har oanrekket as se dea binne, sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 32Alles dêr’t ien fan dizze bisten op falt as se dea binne, oft it no in ding fan hout is, kleanguod, lear of in sek of hokker stik ark ek dat by it wurk brûkt wurdt, dan moat dat yn it wetter set wurde. It is ûnrein oan ’e jûn ta en dan is it wer rein. 33Falt sa’n dea bist yn in ierden pôt, dan sil alles dat dêryn is, ûnrein wêze en de pôt moatte jimme stikken slaan. 34Alle itenswaar dêr’t wetter by dien is, sil dan ûnrein wêze en sa ek alle drinken, yn hokfor-krûk it ek mar sit, it sil ûnrein wêze. 35Alles dêr’t wat fan har ies op falt, sil ûnrein wêze. In oven of in stookpôt moat stikken slein wurde. Dy binne en bliuwe jimme ûnrein. 36Mar in saad of in put dêr’t it wetter yn gearrint, sil rein wêze. Dy’t lykwols in ies dêryn oanrekket, sil ûnrein wurde. 37En as der wat fan har ies falt op sied dat foar it siedzjen ornearre is, dan bliuwt dat rein. 38Mar as der wetter by it sied dien is en dêr falt dan wat fan har ies op, dan sil it jimme ûnrein wêze.
39As der fan fee, dat jimme ite meie, in bist deagiet, dan sil hy dy’t it ies dêrfan oanrekket, oan ’e jûn ta ûnrein wêze. 40Dy’t fan syn ies yt, moat syn klean waskje en sil oan ’e jûn ta ûnrein wêze. En dy’t syn ies draacht, moat syn klean waskje en dy sil ek oan ’e jûn ta ûnrein wêze.
Nochris it lytsguod
41Alle lytsguod dat oer de grûn krûpt, is in ôfgriis. It mei net iten wurde. 42Alles dat him op it liif beweecht en alles dat op fjouwer of mear poaten giet ûnder alle lytsguod dat oer de grûn krûpt, meie jim net ite. Hja binne ommers in ôfgriis. 43Meitsje net in ôfgriis fan jimsels troch it iene of oare krûpend lytsguod. Ferûntreinigje jimme dêr net mei. Jim wurde dêr ûnrein fan.
Slot
44Want Ik, de Heare, bin jim God. Soargje derfoar dat jimme hillich binne. Jimme moatte hillich wêze, want Ik bin hillich. Ferûntreinigje jimme net troch it lytsguod dat him oer de grûn beweecht. 45Want Ik, de Heare, haw jim út Egypte helle, dat Ik jimme God wêze soe. Wês dan hillich, want Ik bin hillich.
46Dat is de wet fan it fee, de fûgels en alle libbene wêzens dy’t har yn it wetter bewege en alle libben dat oer de grûn krûpt, 47om skieding te meitsjen tusken ûnrein en rein, tusken dieren dy’t wol en dy’t net iten wurde meie.