Mozes moat de wenning opsette
1De Heare sei tsjin Mozes: 2De earste deis fan ’e earste moanne moatst de wenning, de tinte fan ’e moeting, opsette. 3Dêr moatst de arke mei de Ferbûnsakte delsette en dan moatst dy arke mei it foarkleed ôfskermje. 4Dan moatst de tafel dêryn bringe en wat dêr op heart, te plak skikke. Bring dan de ljochter binnen en set de lampen dy’t dêr by hearre, dêrop. 5Set dan it gouden alter foar it rookwurk te plak foar de arke mei de Ferbûnsakte en hingje it gerdyn foar de yngong fan ’e wenning. 6Dan moatst it brânofferalter te plak sette foar de yngong fan ’e wenning, de tinte fan ’e moeting. 7Set dan it waskfet te plak tusken de tinte fan ’e moeting en it alter, en doch dêr wetter yn. 8Dan moatst dêromhinne it foarhôf opsette en foar de poarte fan it foarhôf it gerdyn ophingje.
9Nim dan de salvingsoalje en salvje de wenning en alles dat dêryn is. Ast dy mei alle gerei dat dêrby heart wijd hast, dan sil it hillich wêze. 10Do moatst ek it brânofferalter mei alle gerei salvje en it alter wije; dan sil it alter heechhillich wêze. 11Salvje it waskfet mei syn fuotstik en wij dat.
12Dan moatst Aäron en syn soannen nei de yngong fan ’e tinte bringe en har mei wetter waskje. 13Doch dan Aäron de hillige klean oan, salvje him en wij him, dat er My as pryster tsjinje kin. 14Ek syn soannen moatst neier komme litte en har de ûnderklean oandwaan. 15Salvje har dan krekt sasto har heit salve hast, dat se My as pryster tsjinje. Dit moat dien wurde, dat de salving harren foar altyd de prysterlike weardichheid jaan sil, al har geslachten troch.
De wenning wurdt opset
16En Mozes die alles sa’t de Heare it him hjitten hie. Krektsa hat er it dien. 17It wie op ’e earste dei fan ’e earste moanne fan it twadde jier, dat de wenning opset waard. 18Mozes sette de wenning op. Hy lei de fuotstikken te plak en sette dêr de planken op. Doe brocht er de dwersklampen te plak en sette de pylders oerein. 19Dêrop spande er de tinte oer de wenning en lei it tek boppe op de tinte, sa’t de Heare him hjitten hie.
20Doe naam er de Ferbûnsakte en lei dy yn ’e arke. De draachstokken die er oan ’e arke en it soendeksel lei er boppe op de arke. 21Dêrop brocht er de arke yn ’e wenning en hong it ôfskermjende foarkleed op. Sa skerme Mozes de arke mei de Ferbûnsakte ôf, sa’t de Heare him hjitten hie.
22Ek sette er de tafel te plak yn ’e tinte fan ’e moeting, oan ’e noardkant fan ’e wenning, bûten it foarkleed. 23Hy skikte dêrop it brea te plak foar de Heare, sa’t de Heare Mozes hjitten hie. 24De ljochter sette er yn ’e tinte fan ’e moeting, lyk foar de tafel oer, oan ’e súdkant fan ’e wenning. 25Hy stiek de lampen op foar de Heare, sa’t de Heare Mozes hjitten hie.
26Fierders sette er it gouden alter yn ’e tinte fan ’e moeting foar it foarkleed, 27en hy liet dêrop rookwurk fan swietrokige krûden yn reek opgean, sa’t de Heare him hjitten hie.
28Hy hong it gerdyn op foar de yngong fan ’e wenning, 29en it brânofferalter sette er oan ’e yngong fan ’e wenning, de tinte fan ’e moeting, en hy brocht dêrop it brânoffer en it moaloffer, sa’t de Heare him hjitten hie.
30It waskfet sette er tusken de tinte fan ’e moeting en it alter, en hy die dêr waskwetter yn. 31Mozes, Aäron en dy syn soannen wosken har dêr de hannen en de fuotten yn. 32As se de tinte fan ’e moeting yngongen en as se by it alter kamen, wosken se har, sa’t de Heare Mozes hjitten hie.
33Doe sette er it foarhôf op om ’e wenning en it alter hinne en hy hong it gerdyn foar de poarte fan it foarhôf. En sa makke Mozes dien wurk.
De Heare komt del
34En in wolk bediek de tinte fan ’e moeting en de hearlikheid fan de Heare naam de hiele wenning yn beslach, 35dat Mozes koe net yn ’e tinte fan ’e moeting komme, want de wolk hie him dêroer hinne lein en de hearlikheid fan de Heare hie de wenning hielendal yn beslach nommen.
Slot
36En as de wolk omheech gong, boppe de wenning wei, dan gongen de Israeliten wer fierder op al har reizen. 37Mar as de wolk net omheech gong, dan brieken de Israeliten net op, oant de deis dat er wer omheech gong. 38Want op al har reizen stie de wolk fan de Heare boppe de wenning en nachts wie dêr in fjoer yn, dat foar it hiele folk fan Israel te sjen wie.