Jona wurdt rêden
1No liet de Heare in grutte fisk komme om Jona op te slokken. En Jona siet trije dagen en trije nachten yn it fiskeliif.
Jona syn gebed
2Doe bidde Jona út it fiskeliif wei ta de Heare, syn God. 3Hy sei:
Yn myn benaudens rôp ik de Heare oan
en Hy hat my antwurd jûn;
út ’e skurte fan it deaderyk kriet ik om help
en Jo hawwe my heard.
4Doe’t Jo my yn ’e djipte smiten hienen, midden yn ’e wide see,
en it wetter om my hinne wâle,
– al jo baren en jo weagen gongen oer my hinne –
5tocht ik net oars as:
Jo wolle my net mear sjen.
Hoe sil ik oait in kear it each wer slaan
op jo hillige timpel?
6It wetter stie my oan ’e hals ta, myn libben wie faai,
de ûndergrûnsee hie my hielendal omsletten,
it seewier siet my om ’e holle;
7by de ûndergrûn fan ’e bergen wie ik delsonken,
de skoattels fan it deaderyk soenen my foar ivich opslute.
Mar Jo hawwe myn libben út ’e grêfkûle oplutsen,
Heare, myn God.
8Doe’t ik fernaam, dat it libben him yn my bejoech,
rôp ik de Heare oan,
en myn gebed is oan Jo takommen yn jo hillige timpel.
9Dy’t goaden-fan-neat tsjinje,
jouwe har Taferlit priis.
10Mar ik foar my: lûd loovjend wol ik Jo offers bringe:
wat ik tasein haw, folbring ik;
de Heare allinne kin rêding jaan.
11Doe spriek de Heare de fisk oan en dy spuide Jona út op ’e fêste wâl.