Jeremia 45
In godswurd foar Barûch
1It wurd dat profeet Jeremia tsjin Barûch, de soan fan Nearia, spriek, doe’t dy op diktaat fan Jeremia al dy wurden te boek stelde. Dat wie yn it fjirde jier fan kening Jojakim fan Juda, de soan fan Josjia, en dat wurd wie sa: 2Dit hat de Heare, de God fan Israel, tsjin dy te sizzen, Barûch: 3Do hast sein: Wat bin ik ûngelokkich, want de Heare hat by al myn lêst noch lijen dien; ik bin ynein fan al myn suchtsjen en kin gjin rêst fine. 4Dit moatsto tsjin Barûch sizze: Dit seit de Heare: Sjoch, wat Ik boud haw, brek Ik wer ôf en wat Ik plante haw, dat skuor Ik wer út. Sa doch Ik de hiele wrâld oer. 5En soesto foar dysels no grutte dingen wolle? Doch dat net, want wier, Ik bring ûnheil oer al wat libbet – is de godsspraak fan de Heare – mar Ik sil soargje datsto it neakene bestean der ôfrêdst, oeral dêrst hinne giest.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap