It oardiel oer de Judeeërs yn Egypte
1It wurd dat Jeremia krige foar alle Judeeërs dy’t yn Egypte wennen: yn Migdol, yn Tachpanches, yn Nof en yn it lân Patros. 2Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Jim hawwe sels it ûnheil sjoen, dat Ik oer Jeruzalem en oer de stêden fan Juda brocht haw – se lizze der hjoed-de-dei ommers foar wyld hinne, der wennet gjin mins mear, 3en dat allegearre fanwegen har min dwaan, dêr’t se myn grime mei geande makke hawwe: se binne hinnegien en hawwe oare goaden rûkoffers brocht, goaden dy’t sysels noait kend hawwe en jimme foarâlden likemin. 4Wol haw Ik der alles oan dien en myn tsjinners, de profeten, nei jim tastjoerd om te sizzen: Doch dochs net sokke groulike dingen dy’t Ik haatsje; 5mar se woenen net harkje en hawwe it net achtslein en kearden har sadwaande net fan har ferkeardens ôf en hâlden net op mei rûkoffers te bringen oan frjemde goaden. 6Dêrom is myn grime en myn grammoedichheid útstoart oer de stêden fan Juda en de strjitten fan Jeruzalem en dy lizze der as ferlittene púnfallen hinne, sa’t hjoed-de-dei it gefal is.
7No dan, dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Wêrom soenen jimme jimsels sa’n grut ûnheil oandwaan en roegje it folk fan Juda út: manlju, froulju en bern oan ’e lytsten ta, dat der neat fan jim oerbliuwt? 8Dat komt derfan, as jim My tergje mei jimme gedoch: rûkoffers bringe oan oare goaden yn dat lân fan Egypte, dêr’t jim kommen binne om as frjemd te wenjen. Sa roegje jimme jimsels út en sille alle oare folken op ierde jim ferflokke en te spot sette. 9Is it jimme fergetten, it minne dwaan fan jim foarâlden, fan ’e keningen fan Juda en jim hege lju, fan jimsels en jimme froulju yn it lân Juda en op ’e strjitten fan Jeruzalem? 10Oan hjoed-de-dei ta binne se net lytsman wurden, hawwe se gjin ûntsach toand en binne se myn wet en myn foarskriften net neikommen, dy’t Ik jimme en jim foarâlden jûn haw.
11Dêrom hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, dit te sizzen: It is safier, dat Ik My tsjin jim kear en hiele Juda útroegje. 12Wat der fan Juda noch oer is, de lju dy’t it yn ’e holle hienen om nei Egypte ta en dêr as frjemd te wenjen, dy krij Ik ek wol: se sille allegearre yn Egypte oan har ein komme troch oarloch of troch honger: fan heech ta leech sille se yn ’e oarloch falle of fan ’e honger omkomme; it sil sa wêze, dat de lju derfan grize en har deroer besauwe, derom flokke en der de spot mei driuwe. 13Dy’t yn Egypte wenje, Ik sil har fine, krekt sa’t Ik it dien haw mei Jeruzalem: mei oarloch, honger en pest. 14En de oerbleaune Judeeërs, dy’t yn Egypte kommen binne om dêr as frjemd te wenjen, dêr sil gjinien fan ûntkomme en it rêde om wer yn it lân Juda te kommen, dêr’t se sa bittere graach wer hinne woenen te wenjen; nee, se sille net weromkomme, op in stikmannich nei, dy’t it rêde.
15Doe joegen alle manlju dy’t wisten, dat har froulju rûkoffers brochten oan frjemde goaden, en alle froulju dy’t derby wienen – in hiele kloft mei-inoar – en it folk dat te Patros yn Egypte wenne, Jeremia dit as antwurd: 16Wat it wurd oanbelanget, dat jo ús út namme fan de Heare oansein hawwe, dêr steure wy ús net oan; 17nee, wy dogge deagewoan, wat wy tasein hawwe: de keninginne fan ’e himel rûkoffers bringe en drankoffers foar har útjitte, krekt sa’t wy en ús foarâlden, ús keningen en ús hege lju dien hawwe yn ’e stêden fan Juda en yn ’e strjitten fan Jeruzalem; doe hienen wy brea genôch om ús sêd te iten, wy hienen it goed en wisten fan gjin ûnheil. 18Mar sûnt wy ophâlden binne de keninginne fan ’e himel rûkoffers te bringen en drankoffers foar har út te jitten, sitte wy mei alles yn ’e krapte en komme om yn ’e oarloch en fan ’e honger. 19En de froulju seinen deroerhinne: Wannear’t wy de keninginne fan ’e himel rûkoffers brochten en drankoffers foar har útgeaten, dan wisten ús manlju mâle skoan, dat wy offerkoeken foar har bakten mei har byld derop en dat wy drankoffers foar har útgeaten.
20Doe’t Jeremia fan al it folk, de manlju en de froulju, ja fan allegearre, sa’n antwurd krige, sei er tsjin harren: 21Dat is it him no krekt: dat jim yn ’e stêden fan Juda en yn ’e strjitten fan Jeruzalem sokke rûkoffers brocht hawwe, jimsels en jimme foarâlden, jimme keningen, jim hege lju en de lânadel, dat is de Heare net fergetten, it is Him hieltyd wer yn ’t sin kommen. 22Op ’t lêst koe Er it net langer úthâlde, sa min wie jimme dwaan, sa ôfgryslik wat jim dienen; dêrom is jimme lân in ferlittene oarde wurden, dêr’t in flok op leit en dêr’t gjinien mear wennet, sa’t hjoed-de-dei it gefal is. 23Dat hawwe jim derfan, dat jim dy rûkoffers brocht hawwe en sûndige tsjin de Heare, dat jim net om de Heare syn sizzen jaan woenen en syn wet, syn foarskriften en syn útspraken net neikommen binne; dêrom is dit ûnheil oer jim kommen, sa’t hjoed-de-dei it gefal is.
24Fierder sei Jeremia tsjin al it folk en benammen tsjin alle froulju: Hear it wurd fan de Heare, jimme allegearre, Judeeërs yn Egypte! 25Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Jim hawwe sein: Wy hâlde ús oan ús tasizzings: de keninginne fan ’e himel rûkoffers bringe en drankoffers foar har útjitte. Dat kom jim wurden no mar nei en meitsje jimme tasizzings wier! 26Mar hear dan ek it wurd fan de Heare, jim allegearre Judeeërs, dy’t yn Egypte sitte: Ik swar by myn grutte namme, seit de Heare, noait sil yn hiel Egypte ek mar ien Judeeër myn namme yn ’e mûle nimme en sizze: Sa wier as God de Heare libbet! 27Tink derom, Ik bin op myn iepenst ta har ûngelok en net foar wat goeds; alle folk fan Juda dat yn Egypte tahâldt, sil omkomme yn ’e oarloch of fan ’e honger, oant se finaal útroege binne. 28Inkelden sille it swurd ûntrinne en út Egypte wer yn it lân Juda komme, dat binne lykwols mar in stikmannich. Dan sille alle oerbleaune Judeeërs dy’t yn Egypte kommen binne om dêr as frjemd te wenjen, gewaar wurde, waans wurd útkomt: Mines of harres. 29Dat is it bewiis – is de godsspraak fan de Heare – dat Ik jim op dit stee wit te finen. Sa sille jim gewaar wurde, dat myn wurden oer jimme útkomme, ta jim ûngelok. 30Dit hat de Heare te sizzen: Tink der mar om, Ik leverje Farao Chofra, de kening fan Egypte, oan syn fijannen oer, dy’t him nei it libben steane, krekt sa’t Ik kening Sedekía fan Juda oerlevere haw oan syn fijân, kening Nebûkadnessar fan Babel, dy’t him nei it libben stie.