1Wurden oer de folken, dy’t de Heare tsjin Jeremia spriek.
Oer Egypte: de slach by Karkemisj
2Oer Egypte. Tsjin it leger fan Farao Neko, de kening fan Egypte, dat oan ’e rivier de Eufraat stie, by Karkemisj; it leger dat troch kening Nebûkadnessar fan Babel ferslein waard yn it fjirde jier fan kening Jojakim fan Juda.
3Hâld it lytse en it grutte skyld ree,
en gean de striid oan.
4De hynders yn it túch,
ruters, en spring derop,
yn ’e rige, de helmen op,
de spearen skerp,
it harnas oan!
5Mar wat sjoch Ik no?
Alhiel ferbjustere litte se har tebek driuwe,
har striders binne ferslein;
hja slagge allegearre op ’e flecht,
se doare net iens achterom te sjen,
it is ien grutte panyk
– is de godsspraak fan de Heare.
6Ek de fluchste ûntkomt net,
de moedichste rêdt him der net út.
Yn it noarden, oan ’e kant fan ’e Eufraat,
binne se stroffele en fallen.
7Wa kaam ek wer opsetten lykas de Nyl
mei syn brûzjende en kolkjende wetterstream?
8Ja, Egypte kaam opsetten lykas de Nyl
mei syn brûzjende en kolkjende wetterstream
en sei: Ik kom opsetten en set de ierde derûnder,
ik sil de stêd mei folk en al ferdylgje.
9Fuort, hynders!
Weinen, sto derop yn!
Soldaten, derop los!
Etiopiërs en Pûteeërs, de skylden ree!
Lydiërs, span de bôgen!
10Dit is de dei fan de Heare, God Almachtich,
in dei fan wraak, fan wraak op syn bestriders.
It swurd sil fersline, oant it sêd is
en dronken fan har bloed,
want de Heare, God Almachtich, hâldt offerdei
yn it Noarderlân oan ’e Eufraat.
11Gean nei Gileäd en helje balsem,
jongfaam, folk fan Egypte.
Om ’e nocht pielsto mei doktersguod,
it wol net heelje by dy.
12De folken hawwe fan dyn skande heard,
it ropt de hiele ierde oer;
de iene soldaat is oer de oare stroffele
en se binne tegearre fallen.
De tocht fan Nebûkadnessar tsjin Egypte
13It wurd dat de Heare tsjin Jeremia sprutsen hat, doe’t kening Nebûkadnessar fan Babel der oankaam om Egypte te ferslaan.
14Meitsje it yn Egypte bekend en sis it Migdol oan,
sis it ek Nof en Tachpanches oan.
Sis: Set dy te skoar en hâld dy ree,
want it oarlochsswurd fret oeral om dy hinne.
15Wêrom is dy Machtige-fan-dy omtruzele,
en koed er it net hâlde?
De Heare hat him in dúst jûn
16en it hiele Egyptyske gefal is dêrhinne knoffele,
de iene foel oer de oare, en doe seinen se:
Gau oerein en werom nei ús eigen folk,
nei ús heitelân, by dat ôfgryslike swurd wei!
17Neam kening Farao fan Egypte:
Sweeslagger, dy’t net op ’e slach past!
18Sa wier as Ik libje – is de godsspraak fan de Kening,
waans namme is Heare Almachtich:
As de Tabor ûnder de bergen
en as de Karmel heech boppe de see út, sa komt er.
19Ris dy mar út foar de ballingskip,
do dochter Egypte, sa skoan ast dêr wennest!
Want Nof wurdt in ferlittene oarde,
ferrinnewearre, dat der gjin mins mear wennet.
20Egypte wie in skoander rier,
mar út it noarden wei is in brims op har delstrutsen.
21De hiersoldaten dy’t hja hie
wienen as fetmeste keallen;
mar dy hawwe allegear
rjochtsomkeart makke en de hakken opnommen;
se koenen it net hâlde,
want de dei fan har ûngelok is oer har kommen,
de oere fan ’e ôfrekken.
22Egypte har lûd is as dat fan in fuortslûpende slange,
want mei mannemacht komt de fijân opsetten;
mei bilen komme se op har ôf,
net oars as wienen it houthakkers.
23Al is har wâld net troch te kommen
– is de godsspraak fan de Heare –
se slagge it del,
want se binne sa machtich as de sprinkhoannen
en net te tellen.
24Mei skande oerdutsen stiet dochter Egypte dêr,
oerlevere oan in folk út it noarden.
25De Heare Almachtich, de God fan Israel, hat sein:
Amon, de god fan No, sil Ik wol fine,
Egypte mei syn goaden en syn keningen,
Farao en al wa’t op him fertrouwe.
26Ik sil har oerleverje oan dy’t har nei it libben steane,
oan kening Nebûkadnessar fan Babel en syn tsjinners.
Mar neitiid sil it wer bewenne wurde as yn earder dagen
– is de godsspraak fan de Heare.
27Dêrom, tsjinstfeint Jakob, wês net bang
en wurd net kjel, Israel,
want Ik kom en helje dy werom út fiere kriten
en dyn neiteam út it lân dêr’t se gjin frijheid hienen.
Jakob sil wer rêst krije
en in frede dy’t gjinien fersteurt.
28Dêrom, tsjinstfeint Jakob, wês net bang
– is de godsspraak fan de Heare –
want Ik bin by dy;
Ik sil foargoed ôfweve mei al dy heidenfolken
dêr’t Ik dy ûnder fersille haw,
mar mei dij sil Ik net foargoed ôfweve,
al sil Ik dy wol straffe neffens rjocht
en dy wier net gewurde litte.