1Doe’t Jeremia it folk alles sein hie, dêr’t de Heare, har God, him mei stjoerd hie om tsjin harren te sizzen, 2doe hienen Azarja, de soan fan Hosjaja en Jochanan, de soan fan Karéach, en al har oanhang de euvele moed en sis tsjin Jeremia: Dat lige jo; de Heare, ús God, hat jo net stjoerd om te sizzen, dat wy net nei Egypte gean moatte om dêr as frjemd te wenjen. 3Nee, Barûch, de soan fan Nearia, hat jo tsjin ús opset, om ús oan de Chaldeeërs oer te leverjen, dan kinne dy ús mar fan kant meitsje of nei Babel bringe. 4Sa woenen Jochanan, de soan fan Karéach, en alle ôfdielingskommandanten en al it gewoane folk net om de Heare syn sizzen jaan en net yn it lân Juda bliuwe. 5Jochanan, de soan fan Karéach, en alle ôfdielingskommandanten namen dan ek al wa’t der noch fan Juda oer wie, mei: de lju dy’t by alle folken wei dêr’t se ûnder fersille west hienen, wer nei Juda ta kommen wienen om dêr te wenjen, 6de manlju, de froulju en de bern, de prinsessen en alle lju dy’t Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, by Gedalja, de soan fan Achikam, de soan fan Sjafan, bliuwe litten hie; en profeet Jeremia en Barûch, de soan fan Nearia, likegoed. 7Sa kamen dy dan allegearre yn Egypte, want de Heare syn sizzen hienen se har net oan steurd; se kamen yn Tachpanches oan.
8Yn Tachpanches liet de Heare Jeremia dit wurd takomme: 9Nim in pear grouwe stiennen en set dy mei speesje yn ’e stiennen flier by de yngong fan Farao syn paleis yn Tachpanches. Doch dat, dêr’t de Judeeërs by binne 10en sis tsjin harren: Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Tink der mar om, Ik stjoer der guon op út om myn tsjinner, kening Nebûkadnessar fan Babel, op te heljen en dy sil syn troan sette boppe op de stiennen, dy’t ik hjir ynset haw, en hy sil syn baldakyn dêrboppe útspanne. 11Ja, hy sil komme en Egypte reitsje: wa’t foar de dea opskreaun stiet, de dea yn; wa’t foar de ballingskip ornearre is, de ballingskip yn; en wa’t foar it swurd ornearre is, foar it swurd. 12En hy sil de timpels fan ’e Egyptyske goaden yn ’e brân stekke; de timpels sil er platbrâne en de goaden meitôgje; hy sil Egypte fan ûngemak suverje, sa’t in hoeder syn klean fan ûngemak suveret, en dan ûnbehindere syn wegen gean. 13Hy sil de obelisken fan ’e sinnetimpel yn Egypte fergruzelje en de timpels fan ’e Egyptyske goaden platbrâne.