Nei Egypte
1Doe kamen alle ôfdielingskommandanten mei Jochanan, de soan fan Karéach, en Azarja, de soan fan Hosjaja, en al it folk fan heech ta leech, 2en fregen profeet Jeremia: Soenen jo sa goed wêze wolle en bid foar ús ta jo God, de Heare, foar allegear dy’t hjir noch oer binne? Want sa’t jo mei eigen eagen sjogge, wy binne noch mar mei in man of wat oer fan wat in grutte mannichte wie. 3Bid dat jo God, de Heare, ús te witten dwaan wol, wat wei wy gean moatte en wat ús te dwaan stiet.
4Doe sei profeet Jeremia tsjin harren: Goed, ik sil de Heare, jimme God, bidde sa’t jim frege hawwe, en wat antwurd de Heare ek jout, ik sil it jimme te witten dwaan en ik sil gjin wurd ferswije. 5Hja seinen tsjin Jeremia: De Heare mei earlik wier tsjin ús getuge, as wy net krekt dogge, wat it wurd seit, dat de Heare, jo God, jo foar ús takomme lit. 6Oft it goed wiist of min, wy sille om de Heare, ús God, syn sizzen jaan; Jo binne ús boade by Him. Want allinne as wy om de Heare, ús God, syn sizzen jouwe, sil it goed mei ús gean.
It antwurd fan ’e profeet
7Nei ferrin fan tsien dagen krige Jeremia in wurd fan de Heare. 8Doe rôp er Jochanan, de soan fan Karéach, en alle ôfdielingskommandanten dy’t by him wienen, en al it folk fan heech ta leech 9en sei tsjin harren: De Heare, de God fan Israel, by Wa’t ik jimme boade west haw om Him jim fersyk oer te bringen, hat dit te sizzen:
10As jim jim yn dit lân deljouwe,
sil Ik jim bouwe en net ôfbrekke,
jim plantsje en net útskuorre.
Want it ûnheil dat Ik jim oandien haw,
deart My oan.
11Wês net bang foar de kening fan Babel,
dêr’t jim sa foar trilje –
wês net bang foar him –
is de godsspraak fan de Heare –
want Ik bin by jim om jim te rêden
en jim út syn hannen te befrijen.
12Ik soargje, dat der barmhertichheid foar jimme komt,
dat hy barmhertich foar jim wurdt
en jim wer op jim eigen grûn wenje lit.
13Mar as jim net nei de Heare, jimme God, harkje en sizze: Wy bliuwe net yn dit lân, 14nee, wy wolle nei Egypte ta, dêr’t wy net mei oarloch te krijen hawwe, gjin hoarngesketter hearre en gjin breakrapte hawwe sille, en dêr wolle wy bliuwe – 15hear dan it wurd fan de Heare, jimme God, jimme, dy’t noch fan Juda oer binne: Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: As jim it sa fêst yn ’e holle hawwe om nei Egypte ta en dêr as frjemd te wenjen, 16dan sil it swurd, dêr’t jim sa bang foar binne, jim yn Egypte fine en de honger, dêr’t jim hjir sa oer yn sitte, sil jim yn Egypte ynhelje en jim sille dêr stjerre. 17Ja, allegear dy’t it sa fêst yn ’e holle hawwe om nei Egypte ta en dêr as frjemd te wenjen, se sille dêr stjerre troch oarloch, honger of pest: gjinien fan harren sil it ûnheil dat Ik oer harren bring, ûntrinne of oerlibje.
18Want dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Sa as myn grime en myn grammoedigens delstoart is oer it folk fan Jeruzalem, sa sil myn grime op jim delstoarte, wannear’t jim nei Egypte geane; it sil sa wêze, dat de lju fan jim grize en har oer jim besauwe, jim ferflokke en te spot sette, en jim sille dit stee noait wer sjen. 19De Heare seit tsjin jimme dy’t noch fan Juda oer binne: Bliuw út Egypte wei. Tink der goed om, hjoed hawwe jim de warskôging fan My krige. 20Jimme hawwe jimsels slim ferrifele, doe’t jimme my nei de Heare jimme God, ta stjoerden en fregen: Bid foar ús ta de Heare, ús God, doch it ús troch, alles wat de Heare, ús God, seit, en wy sille it dwaan. 21No haw ik it jimme hjoed allegear trochdien, mar jim hawwe net om de Heare, jimme God, syn sizzen jûn, om gjin inkeld boadskip dêr’t Er my mei stjoerd hat. 22Wês der no mar wis fan, dat jim stjerre sille troch oarloch, honger of pest op it plak dêr’t jim sa graach hinne woenen om dêr as frjemd te wenjen.