Belofte foar Israel
1It wurd dat de Heare Jeremia takomme liet. 2Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Skriuw alles wat Ik tsjin dy sein haw, op yn in boek. 3Want tink derom, der komt in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat Ik in kear bring yn it lot fan myn folk Israel en Juda, seit de Heare, en harren werombring yn it lân dat Ik har foarâlden jûn haw; dan sille se it wer yn besit nimme.
4Dit binne de wurden dy’t de Heare oer Israel en Juda sein hat:
5In benearjend lûd krije wy te hearren,
ferskrikking en gjin ein.
6Freegje mar ris en gean it goed nei:
Hat oait in manspersoan in bern te wrâld brocht?
Wêrom sjoch ik dan alle manlju
mei de hannen op ’e heupen as in frou dy’t bernet,
en alle gesichten belutsen
en ynwyt wurden?
7Ja, dy dei is sa geweldich,
syn gelikens is der net:
it is in benearjende tiid foar Jakob,
mar hy komt der goed trochhinne.
8Dy deis – is de godsspraak fan de Heare – slach Ik har it jok fan ’e nekke ôf en skuor Ik har leien stikken; hja hoege langer net mear ûnder frjemden te stean, 9mar se sille de Heare, har God, tsjinje en har kening David, dy’t Ik foar harren komme lit.
10Dêrom, myn tsjinstfeint Jakob, wês net bang –
is de godsspraak fan de Heare –
en wurd net kjel, Israel.
Want Ik kom en helje dy werom, út fiere kriten,
en dyn neiteam út it lân dêr’t se gjin frijheid hienen.
Jakob sil wer rêst krije
en in frede dy’t gjinien fersteurt.
11Want Ik bin by dy – is de godsspraak fan de Heare –
en sil dy rêde.
Ik sil fergoed ôfweve mei al dy heidenfolken
dêr’t Ik dy ûnder fersille haw;
mar mei dij sil Ik net fergoed ôfweve,
al sil Ik dy wol straffe neffens rjocht
en dy wier net gewurde litte.
12Want dit hat de Heare te sizzen:
De klap dyst krigen hast, komst net te boppe
en dyn kwaal giet net wer oer;
13dyn swolm is gjin krûd foar woeksen
en do komst net wer yn in nije hûd.
14Al dyn frijers hawwe dy fergetten,
se tale net mear nei dy.
Want Ik haw dy slein, sa’t in fijân slacht,
dij ûngenedich ôfstraft,
om’t dyn skuld sa swier
en it tal fan dyn sûnden sa grut is.
15Wat beklagest dy oer de klap dyst krige hast,
oer de slach dy’t dij de dea docht?
Om’t dyn skuld sa swier en it tal fan dyn sûnden sa grut is,
haw Ik dy dizze dingen oandien.
16Mar dy’t dij fersline, wurde sels allegearre ferslynd
en dy’t dij benearje, geane mei-inoar de gefangenskip yn;
dy’t dij plonderje, sille sels plondere wurde,
en de lju dy’t dij útrûpelje, sil Ik útrûpelje litte.
17Want Ik wol dy yn in nije hûd hawwe
en dyn wûnen wer hielje – is de godsspraak fan de Heare –
om’t se dij ‘Ferskoveling’ neamd hawwe en sein:
‘Dêr ha je Sion, dêr’t nimmen nei taalt.’
18Dit hat de Heare te sizzen:
Tink der mar om, Ik sil de tinten fan Jakob wer opsette
en My erbarmje oer syn wenten:
op ’e púnfallen sil de stêd wer boud wurde,
de stins komt wer op syn stee.
19Der sille tanklieten út oprize en feestlike klanken.
Ik sil harren oanwinne litte en se sille net ôftakje;
Ik sil har yn oansjen komme litte
en se sille net mear ferachte wurde.
20Har soannen sille wêze, wat se eartiids wienen,
har mienskip krijt ûnder myn tafersjoch in fêst plak;
Ik sil al har ferdrukkers wol fine.
21Immen út eigen folk sil oer har regearje
en ien út eigen fermidden sil harren bestjoere.
Ik stean him ta om foar My te ferskinen.
Want wa soe syn libben weagje en ferskyn
op eigen manneboet foar My? – is de godsspraak fan de Heare.
22Jimme sille myn folk wer wêze
en Ik sil jimme God wêze.
23Sjoch, in fûle stoarm fan de Heare is losbrutsen,
in stoarmwyn dy’t alles meitôget:
op ’e holle fan ’e goddeleazen slacht er del.
24De gleone grime fan de Heare jout him net earder del
as dat Er dien en folbrocht hat,
wat Er fêst fan doel wie.
Yn ’e kommende tiden sille jimme dat ynsjen.