Brief oan ’e ballingen yn Babel
1No komt de tekst fan ’e brief dy’t profeet Jeremia út Jeruzalem wei stjoerd hat oan de noch oerbleaune âldsten fan ’e ballingen en oan de prysters, de profeten en al it folk dat Nebûkadnessar út Jeruzalem wei as balling nei Babel ta brocht hie. 2It wie nei’t kening Jekonja út Jeruzalem wei rekke wie, mei de keninginne-mem, de hofhâlding, de hege hearen fan Juda en Jeruzalem en de smidden en slotmakkers. 3Jeremia joech dy brief mei oan Elasa, de soan fan Sjafan, en Gemarja, de soan fan Chilkía, dy’t kening Sedekía fan Juda nei Babel ta stjoerd hie, nei kening Nebûkadnessar fan Babel. Dêr stie yn:
4Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen tsjin alle ballingen dy’t út Jeruzalem wei nei Babel ta brocht binne:
5Bou huzen en wenje dêryn,
lis hôven oan en yt der de fruchten fan.
6Nim froulju en soargje foar soannen en dochters,
nim froulju foar jim soannen,
en jou jim dochters oan manlju,
dat se soannen en dochters krije;
soargje dat jim dêr oanwinne yn tal
en net minmachtiger wurde.
7Wurkje derta mei, dat it de stêd goed giet,
dêr’t Ik jim as balling hinnestjoerd haw,
en bid de Heare foar har wolwêzen:
as it har goed giet, giet it jimme ek goed.
8Want dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Lit jim net ferrifelje troch de profeten en de wiersizzers út jim fermidden en harkje net nei de dreamers dy’t foar jim dreame moatte; 9dy profetearje jimme leagens yn myn namme; Ik haw harren net stjoerd – is de godsspraak fan de Heare. 10Want dit hat de Heare te sizzen: Earst as de folle santich jier fan Babel om binne, sil Ik nei jimme omsjen en myn heilsbelofte oan jimme neikomme en jim op dit stee werombringe. 11Want Ik allinne wit, wat Ik mei jim fan doel bin – is de godsspraak fan de Heare – en dat doel is jim wolwêzen en net jim ûngelok; Ik wol jim in hoopfolle takomst jaan. 12Dan sille jimme My oanroppe en yn gebed foar My ferskine en Ik sil nei jim hearre; 13jim sille My sykje en My fine, as jim fan herten om My freegje, 14ja, Ik sil My troch jim fine litte – is de godsspraak fan de Heare – en Ik sil in kear bringe yn jimme lot en jim byinoar bringe út alle folken en út alle plakken dêr’t Ik jim hinne ferdreaun hie – is de godsspraak fan de Heare – en Ik sil jim nei it stee weromgean litte, dêr’t Ik jim as ballingen weistjoerd hie.
15No sizze jimme wol, dat de Heare soarge hat, dat der yn Babel profeten foar jim kamen.
16Mar dan hat de Heare dit te sizzen oer de kening dy’t op Davids troan sit, en oer al it folk dat yn dizze stêd wennet, de lânslju dy’t net mei jim de ballingskip yn gien binne: 17Dit seit de Heare Almachtich: Tink derom, Ik stjoer oarloch, honger en pest op harren ôf en Ik meitsje har as ferrotte figen, dy’t net te iten binne. 18Ik set har achternei mei oarloch, honger en pest, en Ik meitsje, dat alle keninkriken fan ’e ierde derfan grize; dat se in flok, in skande, in spotslach en in bespotting wurde ûnder alle folken dêr’t Ik har hinne ferdreaun haw. 19Dat komt omdat se net nei myn wurden harke hawwe – is de godsspraak fan de Heare – hoewol’t Ik alles deroan dien haw en myn tsjinners, de profeten, nei har ta stjoerd, mar jim woenen der net nei harkje – is de godsspraak fan de Heare.
20Mar jim allegearre, dy’t Ik as balling út Jeruzalem wei nei Babel ta stjoerd haw, harkje nei it wurd fan de Heare! 21Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen oer Achab, de soan fan Kolaja, en oer Sidkía, de soan fan Maäseja, dy’t jim yn myn namme leagens profetearje. Tink derom: Ik leverje harren oer oan kening Nebûkadressar fan Babel; dy sil har foar jim eagen deameitsje. 22Har nammen sille troch alle Judeeske ballingen yn Babel brûkt wurde, as se ien ferflokke; dan sille se sizze: Mei de Heare mei dy dwaan as mei Sidkía en Achab, dy’t de kening fan Babel op it fjoer roasterje litten hat. 23Want wat se dien hawwe, wie in skandlik ûnfoech stik yn Israel: se hawwe mei oarmans froulju omhuorke; se hawwe yn myn namme wurden sein dêr’t Ik har gjin opdracht ta jûn hie; en wat se seinen, wie leagen. Ik wit der alles fan en kin dat getuge – is de godsspraak fan de Heare.
Brief oan Sjemaja
24Tsjin Sjemaja, de Nechelamyt, moatsto sizze: 25Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Do hast op eigen manneboet brieven stjoerd oan al it folk fan Jeruzalem, oan pryster Sefanja, de soan fan Maäseja, en oan alle prysters, dêr’t yn stiet: 26‘De Heare hat jo as pryster steld op it plak fan pryster Jojada om der yn it hûs fan de Heare op ta te sjen, dat elk dy’t sa healwiis is en jou him foar profeet út, yn blok en halsizer set wurdt. 27No dan, wêrom binne jo dan net fanwegen kommen tsjin Jeremia fan Anatot, dy’t him by jim foar profeet útjout? 28Sadwaande hat dy ús hjir yn Babel it boadskip stjoerd:
It sil lang duorje,
bou huzen en wenje deryn,
lis hôven oan en yt der de fruchten fan!’
29– No hie pryster Sefanja profeet Jeremia dy brief foarlêzen. 30Mar Jeremia krige dit wurd fan de Heare: 31Stjoer alle ballingen dit boadskip: Dit hat de Heare oer Sjemaja, de Nechelamyt, te sizzen: Omdat Sjemaja tsjin jim oan it profetearjen west hat sûnder dat Ik him stjoerd hie, en hy makke hat dat jim op leagens betrouwe – 32dêrom hat de Heare dit te sizzen: Ik sil dy Sjemaja, de Nechelamyt, wol fine, him en syn neiteam; net ien fan sines sil syn plak ynnimme ûnder it folk en de goede dingen belibje, dy’t Ik foar dit folk dwaan sil – is de godsspraak fan de Heare – want hy hat opstân tsjin de Heare preke.