It nije ferbûn
1Yn dyselde tiid – is de godsspraak fan de Heare – sil Ik foar alle geslachten fan Israel God wêze en hja sille myn folk wêze. 2Dit hat de Heare te sizzen:
It folk dat oan it swurd ûntkommen is,
hat yn ’e woestyn genede fûn,
Israel op wei nei syn honk.
3Fan fierren is de Heare my ferskynd:
‘Mei in ivich duorjende leafde haw Ik dy leaf,
dêrom helje Ik dij genedich wer oan.
4Op ’e nij sil Ik dy opbouwe, jongfaam Israel,
en silst wer opboud wurde;
op ’e nij silst dy oppronkje mei hântrommen
en fleurich mei yn ’e govert gean.
5Op ’e nij silsto wyngerds oanlizze op ’e bergen fan Samaria,
en dy’t plante hawwe, krije de frucht derfan.
6Want de dei is nei-oan,
dat de wachters op ’e bergen fan Efraïm roppe sille:
Kom, lit ús nei Sion ta gean nei de Heare, ús God!’
7Want dit hat de Heare te sizzen:
Jubelje fan blidens om Jakob,
gean mei jim kleare rop de folken foar,
sjong jim lof út en sis:
De Heare hat syn folk ferlost,
en rêden wat fan Israel oerbleaun is.
8Sjoch, Ik bring har werom út it Noarderlân,
Ik bring har wer byinoar fan ’e úthoeken fan ’e wrâld:
blinen en lammen binne derûnder,
froulju dy’t swier binne en dy’t in bern krije;
allegear mei-inoar
komme se as ien grutte gemeente werom.
9Skriemend sette se wer op hûs oan,
mar Ik treast harren op har thúsreis;
Ik bring har nei wetterlopen,
in sljochte wei lâns, dêr’t se net stroffelje.
Want ik bin in heit foar Israel wurden;
en Efraïm, dat is myn earstlingssoan.
It boadskip oan ’e folken
10Hear it wurd fan de Heare, jim heidenfolken,
ferkundigje it yn ’e fiere lannen oan see en sis:
Hy dy’t Israel earst fersille hat,
hellet harren wer byinoar
en Hy past op har as in hoeder op syn keppel.
11Want de Heare hat Jakob frijkocht
en ferlost út ’e macht dy’t harren oermânsk wie.
12Se komme mei bliid gerop de Sionshichte op
en sette hastich ta op it goede dat de Heare jout:
nôt, jonge wyn, oalje,
lammen en keallen.
It is mei har as mei in tún dy’t op ’e tiid wetter krijt,
se sille nearne ferlet fan hawwe.
13Dan giet de jongfaam wer fleurich yn ’e govert,
jongfeinten en âlderen hawwe der nocht oan.
Ik feroarje har rou yn blydskip,
Ik jou har treast en fleur nei al har leed en lijen.
14Ik beskik de prysters de romte fan offers
en myn folk sil him te goed dwaan
oan it goede dat Ik jou
– is de godsspraak fan de Heare.
Rachels klacht en Gods antwurd
15Dit hat de Heare te sizzen:
Hark, yn Rama klinkt in lûde klacht,
in bitter skriemen:
Rachel skriemt om har bern,
hja wol har net treaste litte,
want se binne wei.
16Dit hat de Heare te sizzen:
Hâld op mei dyn geskriem,
en fei dyn eagen ôf,
want dyn lijen wurdt fergoede – is de godsspraak fan de Heare –
dyn bern komme werom út it lân fan ’e fijân.
17Der is wer takomst foar dyn neikommelingen – is de godsspraak fan de Heare –
se sille weromkomme yn har eigen lân.
18Wier, Ik haw Efraïm wol kleien heard:
‘Jo hawwe my yn ’e beage slein, as in ûnbelearde keallebolle
en ik haw de beage oan krige;
kear my om, dat ik my bekear,
want Jo binne de Heare, myn God.
19Ja, no’t ik ta ynkear kommen bin,
haw ik berou;
no’t ik ta ynsjoch brocht bin,
slach ik mysels foar it boarst.
Ik skamje my en bin mei mysels oan,
de skande fan myn jonge jierren sit my yn ’e wei.’
20Mar is Efraïm net myn ynleave soan,
is dit bern myn alles net?
Elke kear dat Ik him hurd oansprek,
docht wol bliken, dat Ik noch oan him tink.
Dêrom haw Ik inerlik mei him te dwaan,
Ik bin ien en al barmhertichheid –
is de godsspraak fan de Heare.
De wei werom
21Set dyn wei mei merkstiennen út,
set paadwizers del;
tink goed om ’e wei,
it paad dêrst lâns gien bist.
Kom werom, jongfaam Israel,
kom wer yn dyn eigen stêden!
22Hoelang silst noch ommale,
dwers fanke datste bist?
Want de Heare hat wat nijs op ierde skepen:
in frou dy’t har man yn ’e earmen nimt.
Nij libben yn it hillige lân
23Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: As ik in kear bring yn har lot, sille se yn it lân Juda en yn syn stêden dit wer sizze:
‘Mei de Heare dy segenje,
do lânsdouwe fan heil,
do hillige berch!
24Juda en al syn stêden sille dêr har plak hawwe,
de boeren op ’e bou en dy’t mei de keppel omswalkje.
25Want Ik haw de toarstige folop drinken jûn
en dy’t omfoelen fan ’e honger, mear as sêd jûn.
26Dêrom – wurdt der sein –
Ik waard wekker en die de eagen op,
de sliep hie my goed dien.’
27Ja, der komt in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dan besiedzje Ik Israel en Juda mei sied fan minsken en fan fee. 28Sa’t Ik der earst op út wie om har út te roegjen, del te heljen, ôf te brekken, te fernielen en kwea te dwaan, sa sil Ik der dan op út wêze om har te bouwen en te plantsjen – is de godsspraak fan de Heare.
29Yn dy dagen sil der net mear sein wurde:
‘De heiten hawwe soere druven iten
en no hawwe de bern stroefe tosken.’
30Nee, elk sil om syn eigen skuld stjerre en elk dy’t soere druven iten hat, dy sil seis stroefe tosken krije.
It nije ferbûn
31Ja, der komt in tiid, dat Ik mei it folk fan Israel en mei it folk fan Juda in nij ferbûn slút. 32Dat sil net sa wêze as it ferbûn dat Ik mei har foarâlden sletten haw, doe ’t Ik har by de hân krige om har út Egypte wei te heljen: dat ferbûn, myn ferbûn mei harren, hawwe sij fan har kant ferbrutsen, alhoewol’t Ik har ûnder myn hoede nommen hie – is de godsspraak fan de Heare. 33Mar it ferbûn dat Ik nei dizze dagen mei harren slút, is sa – is de godsspraak fan de Heare: Ik set myn wet yn har binnenst en skriuw har dy yn it hert; dan wurd Ik har God, en wurde sij myn folk. 34Dan hoecht de iene de oare net mear te learen: Tink derom, datst de Heare kenste; nee, allegearre, fan ’e heechsten oan ’e leechsten ta, sille se My kenne – is de godsspraak fan de Heare. Want Ik ferjou har wat se misdien hawwe, en har sûnden tink Ik net mear oan.
Duorjend heil
35Dit hat de Heare te sizzen,
dy’t de sinne jout as deiljocht
en de fêste oardering fan moanne
en stjerren as ljocht by nacht;
dy’t de see yn ûnstjoer bringt, dat de weagen brûzje,
Heare Almachtich is syn namme:
36Likemin as dy fêste oardering My ûntfalle sil
– is de godsspraak fan de Heare –
likemin sil de neiteam fan Israel ophâlde
by My foar altyd in naasje te wêzen.
37Dit hat de Heare te sizzen:
Likemin as de himel dêrboppe te bemjitten is
en it fûnemint fan ’e ierde derûnder te bedjipjen,
likemin sil Ik de hiele neiteam fan Israel ferstjitte
om alles wat se útrjochte hawwe,
– is de godsspraak fan de Heare.
Jeruzalem wurdt wer opboud
38Der komt in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat dizze stêd wer opboud wurdt foar de Heare, fan ’e Chananel-toer ôf oan ’e Hoekpoarte ta. 39Boppedat sil de mjitline rjochtút-rjochtoan rinne, oer de heuvel Gareb hinne en dan ombûge nei Góa ta. 40En de fjilden by de Kidronslinke lâns oant by de hoeke fan ’e Hynstepoarte nei it easten op sille oan de Heare wijd wêze. Dêr sil noait mear wat útskuord of ôfbrutsen wurde.