Jeremia en Chananja
1Datselde jiers, yn it begjin fan kening Sedekía fan Juda syn regear, en wol yn ’e fyfte moanne fan it fjirde jier, wie profeet Chananja, de soan fan Azzûr, dy’t út Gibeön kaam, yn it hûs fan de Heare. Wylst de prysters en al it folk derby stienen, sei er tsjin my: 2Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Ik haw it jok fan ’e kening fan Babel stikken slein. 3Noch binnen de twa jier bring Ik al it guod út it hûs fan de Heare werom, dat kening Nebûkadnessar fan Babel hjirwei helle hat en nei Babel ta brocht. 4En kening Jekonja fan Juda, de soan fan Jojakim, en alle ballingen fan Juda dy’t nei Babel rekke binne, bring Ik ek op dit stee werom – is de godsspraak fan de Heare – want Ik slach it jok fan ’e kening fan Babel stikken.
5Doe sei profeet Jeremia tsjin profeet Chananja, dêr’t de prysters en alle lju dy’t yn it hûs fan de Heare stienen, by wienen: 6Amen, mei de Heare sa dwaan, mei de Heare neikomme, al wat jo profetearre hawwe, en it guod út it hûs fan de Heare en alle ballingen op dit stee werombringe. 7Mar hear goed nei dit wurd, dat ik jo en al it folk te sizzen haw: 8De profeten dy’t der foar jo en my west hawwe fan âlde tiden ôf, hawwe foarsein, dat der oarloch, ûnheil en pest wankte foar machtige lannen en grutte keninkriken. 9Mar as in profeet goede tiden foarseit en syn profesij komt út, dan docht bliken, dat er fan de Heare stjoerd wie.
10Doe naam profeet Chananja profeet Jeremia it jok fan ’e nekke en sloech it stikken. 11En Chananja sei, dêr’t al it folk by wie: Dit hat de Heare te sizzen: Sa sil Ik alle naasjes it jok fan kening Nebûkadnessar fan Babel fan ’e nekke slaan en binnen twa jier tiid. Dêrnei gong profeet Jeremia syn wegen.
12Mar nei’t Chananja it jok dat profeet Jeremia om ’e nekke hân hie, stikken slein hie, krige Jeremia dit wurd fan de Heare: 13Gean hinne en sis tsjin Chananja: Dit hat de Heare te sizzen: Do hast no wol in houten jok stikken slein, mar do makkest dat der in izeren foar yn ’t plak komt. 14Want dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: In izeren jok lis Ik al dizze naasjes op ’e nekke om se oan kening Nebûkadnessar fan Babel ûnderhearrich te meitsjen. Se sille him ûnderhearrich wêze, ja sels de wylde bisten.
15Doe sei profeet Jeremia tsjin profeet Chananja: Harkje goed, Chananja. De Heare hat jo net stjoerd en jo hawwe dit folk derta brocht op leagens te betrouwen. 16Dêrom hat de Heare dit te sizzen: Tink derom, Ik lit dy fan ’e ierdboaiem ferdwine; do stjerst fan ’t jier noch, omdatsto de opstân tsjin de Heare preke hast. 17En profeet Chananja stoar datselde jiers, yn ’e sânde moanne.