Simson te Gaza
1Simson gong ris nei Gaza; dêr seach er in publike frou en hy kaam by har. 2Doe’t de Gaziten ferteld waard: Simson is hjirhinne kommen, sleaten se him yn en loerden de hiele nacht by de stedspoarte op him. Dy hiele nachts lykwols hâlden se har rêstich, want se tochten: As it moarnier ljocht wurdt, dan meitsje wy him dea. 3Mar Simson bleau oant midnacht ta lizzen en doe, healwei de nacht, gong er derôf en pakte de doarren fan ’e stedspoarte en de beide posten beet en skuorde dy mei skoattel en al derút. Doe lei er dy op it skouder en brocht se nei de top fan ’e berch dy’t foar Hebron oer leit.
Simson en Delila
4Dêrnei krige er in frou leaf út ’e delling Soarek. Delila hiet se. 5Doe kamen de foarsten fan ’e Filistinen by har en dy seinen tsjin har: Besykje him oan it praten te krijen en sjoch dan te witten te kommen, wêr’t syn grutte krêft yn leit en wêr’t wy him mei oer kinne om him te binen en him lytsman te meitsjen. Dan krije jo alvehûndert sulverstikken fan elk fan ús. 6Dat sadwaande sei Delila tsjin Simson: Fertel my ris, wêr sit dyn grutte krêft yn en wêr soesto mei bûn wurde kinne, dat se dy lytsman meitsje koenen? 7Simson sei tsjin har: As se my bine soenen mei sân farske snaren dy’t noch net droech binne, dan soe ik swak wurde en krekt as oare minsken wêze. 8Dêrop lieten de Filistynske foarsten Delila sân farske snaren bringe, dy’t noch net droech wienen en dêr bûn se him mei. 9No sieten der guon by har yn it keammerke ferskûle en hja sei tsjin him: Dêr binne de Filistinen om dy, Simson! Doe skuorde er de snaren stikken lykas in teskroeide flaakstried stikken skuord wurde kin. Dat sa bleau it geheim fan syn krêft ferburgen.
10En Delila sei tsjin Simson: Do hast de gek mei my hân en my wat foarliigd. Mar fertel my no dochs ris, wêrst mei bûn wurde kinst. 11Hy sei tsjin har: As se my mar bûnen mei nije koarden dy’t noch net brûkt binne, dan soe ik swak wurde en krekt as oare minsken wêze.
12Doe helle Delila nije koarden en hja bûn him dêrmei. Dêrop sei se tsjin him: Dêr binne de Filistinen om dy, Simson! Der sieten wer guon yn it keammerke ferskûle, mar hy skuorde de koarden as in triedsje fan syn earms.
13Doe sei Delila tsjin Simson: Oant no ta hast de gek mei my hân en my wat foarliigd. Sis my, wêrst mei bûn wurde kinst. Hy sei tsjin har: Ast de sân frissels dy’t ik yn it hier haw, yn it weeftou ynweve soest [en it mei in pinne fêstslaan, dan soe ik swak wurde en krekt as oare minsken wêze. 14Doe liet Delila him sliepe en hja weve de sân frissels dy’t er yn it hier hie yn it weeftou.] Hja sloech se doe fêst mei in pinne en sei tsjin him: Dêr binne de Filistinen om dy, Simson! Doe skuorde er de pinne mei weeftou en allegearre los.
15Mar hja sei tsjin him: Hoe kinst no sizze datst fan my hâldst, wylst der neat fan mienst? Dat is no al de tredde kear datst de gek mei my hast en no hast my noch net ferteld, wêr’t dyn grutte krêft yn leit.
Simson pakt
16Sa siet se alle dagen him wer oan mei har praat. Hja ferge him der sa op, dat er der deawurch fan waard. 17Doe lei er syn hiele hert foar har iepen en sei tsjin har: Der hat my gjin skearmes op ’e holle west, want ik bin in nazireeër fan God fan memme skurte ôf. As ik skeard wurde soe, dan soe myn krêft út my weigean en ik soe swak wurde en as alle oare minsken wêze. 18Doe’t Delila seach, dat er syn hiele hert foar har iepenlein hie, liet se de foarsten fan ’e Filistinen roppe en sei: Kom diskear noch, want hy hat my syn hiele hert iepenlein. Doe kamen de foarsten fan ’e Filistinen by har mei it jild op ’e hân. 19Dêrop liet se him by har op ’e knibbels yn ’e sliep falle en hja rôp in man en liet him de sân frissels fan ’e holle ôfknippe. Doe begûn se him te narjen, mar syn krêft wie út him gien. 20Hja sei tsjin him: Dêr binne de Filistinen om dy, Simson! Hy waard wekker en sei: Ik rêd it wol wer, krekt as de oare kearen. Ik skuor my los. Mar hy wist net, dat de Heare fan him wykt wie.
21Doe pakten de Filistinen him en stieken him de eagen út. Dêrop brochten se him nei Gaza. Hja bûnen him mei twa brûnzen keattings en yn it tichthûs moast er oanienwei troch mealle. 22Mar sadree’t er skeard wie, begûn it hier him wer op ’e holle te waaksen.
Simsons dea
23De Filistynske foarsten kamen byinoar om in grut offer oan har god Dagon te bringen en om feest te fieren. Hja seinen doe: Us god hat Simson, ús fijân, ús yn hannen spile. 24Doe’t it folk him seach, ferhearliken se har god en seinen:
Simson, dy’t ús fijân wie,
dy’t sa mannichien ferdie,
de ferwoester fan ús lân
joech ús god ús yn ’e hân.
25En doe’t se in fleurich sin krigen, seinen se: Rop Simson ris, dan kinne wy wille om him hawwe. Dat se rôpen Simson út it tichthûs en hja fermakken har om him. No hienen se him tusken de pylders delset en 26Simson sei tsjin ’e jonge dy’t him by de hân hie: Lit my efkes útrêste en lit my de pylders ris betaaste, dêr’t it gebou op rêst. Dan kin ik dêr wat tsjinoan hingje. 27No wie it gebou fol mei manlju en froulju en alle foarsten fan ’e Filistinen wienen dêr, en ek noch sa’n trije tûzen manlju en froulju op it dak. Dy seagen ta, wylst Simson har fermakke.
28Mar Simson rôp de Heare oan en sei: Heare God, tink dochs oan my en meitsje my allinne dizze iene kear nochris sterk, o God, en lit my mei ien slach my op ’e Filistinen wreke foar myn beide eagen. 29Dêrop pakte Simson de beide middelste pylders dêr’t it gebou op rêste, beet en hy liet him dêr tsjinoan hingje; tsjin ’e iene mei de rjochter- en tsjin ’e oare mei de linkerhân. 30En Simson sei: Lit my seis mar stjerre mei de Filistinen! Doe sette er mei macht ta en it gebou foel op ’e foarsten en op alle folk dat dêryn wie. Dat by syn stjerren hat er mear deaden makke as by syn libben.
31Doe kamen syn bruorren en syn hiele heite famylje del en hellen him dêrwei. Hja begroeven him tusken Soara en Esjtaöl yn it grêf fan syn heit Manoäch. – Tweintich jier hat er rjochter oer Israel west.