Rjochters 17
Micha makket in eigen godshûs
1Der wie in man yn it berchlân fan Efraïm, dy’t Micha hiet. 2Hy sei tsjin syn mem: Dy alvehûndert sulverstikken dy’t mem ûntnadere binne en dêr’t ik mem in flok om útsprekken heard haw, sjoch, dat jild haw ik. Ik hie it nommen. En syn mem sei: De Heare mei myn soan segenje! 3Doe joech er de alvehûndert sulverstikken oan syn mem werom. Mar syn mem sei: Ik draach de hiele som op oan de Heare. Ik stean it ôf foar myn soan om dêr in byld, en wol in getten byld, fan te meitsjen. No dan, ik jou it dy werom. 4Mar hy joech it jild wer oan syn mem werom en syn mem naam dêr twahûndert sulverstikken by wei en dy joech se oan in goudsmid. Dy makke dêr in byld, en wol in getten byld, fan en dat stie yn Micha syn hûs. 5Dy man, Micha, hie nammentlik in godshûs. Hy hie in efod makke en tearafim en ien fan syn soannen hied er oansteld as syn pryster. 6Yn dy dagen wie der gjin kening yn Israel. Elk die mar sa’t it him goedtocht.
7No wie der in jonge man út Betlehem yn Juda, út in Judeeske famylje. Hy wie in Levyt en hâlde dêr as frjemd ta. 8Dy man wie út ’e stêd Betlehem yn Juda gien, om him as frjemd nei wenjen te setten dêr’t mar plak foar him wie. Op syn reis kaam er yn it berchlân fan Efraïm by it hûs fan Micha. 9En Micha sei tsjin him: Wêr komme jo wei? Hy sei tsjin him: Ik bin in Levyt út Betlehem yn Juda en ik bin ûnderweis om as frjemd ta te hâlden dêr’t mar plak foar my is. 10Doe sei Micha tsjin him: Bliuw by my en wês in heit en in pryster foar my. Ik jou jo dan jiers tsien sulverstikken, amtsklean en de kost. 11De Levyt naam oan by de man te bliuwen en Micha behannele de jonge man as wied er ien fan syn soannen. 12Sa stelde Micha de Levyt as pryster oan, dat de jonge man waard syn pryster en hy wenne by Micha yn. 13Doe sei Micha: No wit ik dat de Heare goed foar my wêze sil. Ik haw no ommers in Levyt as pryster.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap