Simsons wraak
1It wie in skoft letter, yn ’e tiid fan ’e weetrispinge, dat Simson syn frou wer opsocht. Hy naam har in geitebokje mei en sei: Lit my by myn frou yn ’e keamer. Mar har heit liet him der net yn. 2Har heit sei: Ik tocht ferfêst, datsto wol foargoed dyn nocht fan har ôf hieste, dat ik haw har oan dyn maat jûn. Mar har jongere suster is ommers kreazer as hja. Nim dy foar har yn ’t plak. 3Mar Simson sei tsjin har heit-en-dy: Diskear kinne de Filistinen my neat ferwite, as ik har kwea oandoch. 4Dêrop gong Simson hinne en fong trijehûndert jakhalzen. Doe naam er fakkels, bûn sturt oan sturt en sette hieltyd ien fakkel tusken twa sturten yn. 5Doe stiek er de fakkels oan en jage de bisten it nôt fan ’e Filistinen yn, dat op stannen stie. Sadwaande rekken net allinne de nôtstûken, mar ek it nôt op stannen en de druvehôven en olivebeammen yn ’e brân.
6Doe seinen de Filistinen: Wa hat dat útheefd? Hja seinen: Simson, de skoansoan fan ’e Timnyt, omdat dy syn frou nommen hat en har oan syn maat jûn. Doe setten de Filistinen dêrop ta en ferbrânden har en har heit. 7Mar Simson sei tsjin har: As jim sà dogge, dan hâld ik net op, ear’t ik wraak op jimme nommen haw. 8Dat hy hat it har goed yndruid en har fiks tramtearre. Doe gong er del nei de rotshoale fan Etam en dêr hâlde er ta.
De Filistinen wolle Simson ophelje
9Doe kamen de Filistinen opsetten en sloegen har kamp op yn Juda, en se rûnen hiele Lêchy oer. 10De mannen fan Juda seinen: Wêrom komme jim sa op ús tasetten? Hja seinen: Wy binne kommen om Simson yn ’e boeiens te slaan en mei him krektsa te dwaan, as er mei ús dien hat.
11Doe kamen trije tûzen man út Juda del nei de rotshoale fan Etam en hja seinen tsjin Simson: Jo wisten dochs wol dat de Filistinen baas oer ús binne? Wêrom hawwe jo ús dit dan oandien? Hy sei tsjin har: Lykas hja mei my dien hawwe, sa haw ik mei har dien. 12Dêrop seinen se tsjin him: Wy binne delkommen om jo yn ’e boeiens te slaan en dan oan ’e Filistinen oer te leverjen. Simson sei tsjin har: Swar my, dat jimme my net oanfalle sille. 13Hja seinen tsjin him: Nee, wy binne inkeld kommen om jo yn ’e boeiens te slaan en dan oan har oer te leverjen, mar wy meitsje jo yn gjin gefal dea. Dêrop boeiden se him mei twa nije einen tou en brochten him op út ’e rots.
Simson ferslacht de Filistinen
14Doe’t er by Lêchy oankaam, kamen de Filistinen him mei jûchhei yn ’e mjitte. Doe waard de Geast fan de Heare feardich oer him en de touwen om syn earms waarden net liker as teskroeide flaakstriedsjes en de boeiens raanden him fan ’e hannen. 15Hy fûn in farsk kakebien fan in ezel, stiek de hân út, pakte it op en fersloech dêr tûzen man mei. 16En dêrop sei Simson:
Mei it kaakbien fan in ezel
haw ik se op bulten lein.
Mei it kaakbien fan in ezel
haw ik tûzen man ferslein.
17Doe’t er útsprutsen wie, smiet er it kakebien fuort en neamde dat plak: Kakebienshichte. 18Doe krige er slim toarst en hy rôp de Heare oan en sei: Jo binne it, dy’t troch de hân fan jo tsjinstfeint dizze grutte ferlossing jûn hawwe. En moat ik no stjerre fan toarst en de ûnbesnienen yn hannen falle? 19Doe spjalte God de hoale dy’t yn Lêchy is en dêr kaam wetter út, dat hy koe drinke en kaam wer ta himsels. Dêrom neamde er dy welle: Oanropperswelle. Dy is no noch altyd yn Lêchy.
20Hy hat yn ’e tiid fan ’e Filistinen tweintich jier lang rjochter oer Israel west.