Simson fynt in frou
1Simson gong ris del nei Timna en dêr yn Timna seach er in frou ûnder de Filistynske fammen. 2Doe gong er werom en fertelde it syn heit en mem. Hy sei: Ik haw yn Timna in frou sjoen ûnder de Filistynske fammen. Nim dy as frou foar my. 3Mar syn heit en mem seinen tsjin him: Is der ûnder de fammen fan dyn eigen stamgenoaten of ûnder ús hiele folk dan gjin frou? Wat moatsto dan hinnegean en nim dy in frou út de Filistinen, dy ûnbesnienen? Simson sei lykwols tsjin syn heit: Nim har foar my, want ik mei har graach lije. 4Syn heit en mem begriepen net, dat de Heare derachter siet en dat er wat socht tsjin ’e Filistinen. Yn dy tiid wienen nammentlik de Filistinen baas oer Israel.
5Doe’t Simson mei syn heit en mem delgong nei Timna en hja oan ’e druvehôven fan Timna ta wienen, kaam him ynienen in jonge liuw âljend yn ’e mjitte. 6Doe waard de Geast fan de Heare feardich oer him, dat hy skuorde mei de bleate hannen it bist midstwa, as wie it in bokje. Syn heit en mem fertelde er lykwols net wat er dien hie. 7Sa gong er del en prate mei de frou en Simson mocht har graach lije.
De brulloft en it riedsel
8In deimannich letter gong er dêr wer hinne om mei de frou te trouwen. Ûnderweis sloech er ôf om nei de deade liuw te sjen. En sjoch, der siet in bijefolk yn it lichem fan ’e liuw en ek hunich. 9Dy helle er derút en naam it yn ’e hannen en al rinnende wei iet er dêrfan. Doe gong er nei syn heit en mem en joech har der ek fan, dat dy ieten ek. Hy fertelde har lykwols net, dat er de hunich út it lichem fan ’e liuw helle hie.
10Doe’t syn heit-en-dy by de frou oankommen wienen, joech Simson dêr in brulloft, want sa plichten de jongfeinten te dwaan. 11Sagau’t se him sjoen hienen, joegen se him tritich maten op side, dy’t him selskip hâlde soenen. 12Simson sei tsjin har: Ik sil jim ris in riedsel opjaan. As jim it my yn ’e sân dagen fan ’e brulloft krekt sizze kinne, dus as jim it antwurd fine, dan sil ik jim tritich linnense himden en tritich pakken ferklaaiersklean jaan. 13Mar as jim it my net fertelle kinne, dan moatte jimme my tritich linnense himden en tritich pakken ferklaaiersklean jaan. Hja seinen tsjin him: Kom op mei dyn riedsel. Lit it ús marris hearre. 14Doe sei er tsjin har:
Iten naam de iter mei,
swietens joech de sterke wei.
Mar yn trije dagen hienen se it noch net fûn. 15Dat de fjirde deis seinen se tsjin ’e frou fan Simson: Helje dyn man oer, dat er ús it riedsel útleit. Oars sille wy dy en jim heite hûs opbaarne. Hawwe jim ús hjir soms hinne roppen om ús ôf te setten? 16Doe skriemde Simsons frou by him en sei: Do koest my wol net lije meie, do hâldst net fan my. No hast oan ’e jonges fan myn folk in riedsel opjûn en hast my net iens ferteld wat it is. Mar hy sei tsjin har: Sjochris, ik haw it ús heit en mem net ienris ferteld en soe ik it dij dan sizze? 17Mar hja skriemde by him oant de sânde deis fan ’e brulloft en op ’e sânde dei fertelde er it har, want se ferge him derop. En hja fertelde it oan ’e jonges fan har folk. 18Dat op ’e sânde dei, ear’t de sinne ûnder wie, seinen de manlju fan ’e stêd tsjin him:
Wat is swieter as hunich
en wat sterker as in liuw?
Hy sei tsjin har:
Hienen jim myn keal net foar de ploege set,
dan hienen jim grif myn riedsel net ret.
19Doe waard de Geast fan de Heare feardich oer him, dat hy gong del nei Asjkelon en fersloech dêr tritich man. Hy naam har klean en joech de ferklaaiersklean oan har dy’t it riedsel ret hienen. Poerlilk gong er wer nei syn âldershûs. 20En de frou fan Simson waard oan syn maat jûn, dy’t him selskip hâlden hie.