De nije gloarje fan Jeruzalem
1Kom oerein, Sion, strielje fan ljocht,
want it ljocht foar dij is kommen,
en de gloarje fan de Heare falt oer dy.
2Al is it dan rûnom nacht op ierde
en sitte de naasjes yn it tsjuster,
op dij lit de Heare syn ljocht falle
en syn gloarje skynt oer dy.
3Heidenfolken sille op dyn ljocht ôfkomme
en keningen op de glâns dy’t oer dy strielet.
4Slach de eagen op en sjoch om dy hinne:
Se komme allegear byinoar en sette op dy ta,
dyn soannen komme fan fierrens,
en dyn dochters wurde hjirhinne droegen.
5Ast dat sjochst, silst opfleurje,
en dy sa ferromme fiele, datst der oars fan wurdst.
De skatten fan ’e see komme yn oerfloed op dy ta,
de rykdommen fan ’e folken komme by dy telâne.
6It sil by dy tille fan kamielen,
dromedarissen fan Midjan en Efa;
dy fan Skeba komme ek allegearre,
hja sille goud en wijreek bringe
en de loflike dieden fan de Heare ferkundigje.
7Alle keppels fee fan Kedar sille foar dy byinoar dreaun wurde,
de rammen fan Nebajot krijsto ta dyn foldwaan;
se komme op myn alter
en wurde troch My oannommen.
Sa meitsje Ik de gloarje fan myn timpel noch grutter.
8Wat binne dat, dy’t dêr oansilen komme as in wolk,
as in kloft dowen nei har tille?
9It binne de fartugen fan ’e lannen oan ’e seekant
dy’t byinoarkomme, mei de skippen fan Tarsjisj foarop;
se bringe fan omfierrens dyn soannen werom,
mei har sulver en goud by harren,
ta eare fan ’e namme fan de Heare, dyn God,
ta eare fan de Hillige fan Israel,
dy’t dyn gloarje sa grut makket.
10Utlanners sille dyn muorren wer opbouwe
en har keningen sille dij tsjinstber wêze;
want yn myn grime haw Ik dy slein,
mar no wol Ik My wer oer dy erbarmje.
11Dyn poarten sille altyd iepen stean,
by nacht geane se likemin ticht as oerdei.
Dan kin de rykdom fan ’e folken dy mar tatôge wurde,
mei har keningen derby.
12Want it folk of it ryk dat dy net tsjinstber wêze wol, sil fergean en sokke folken sille finaal útroege wurde.
13De pronk fan ’e Libanon komt nei dy ta:
de dinnebeam, de esk en de sypres,
om it stee fan myn hillichdom gloarje te jaan,
want it stee dêr’t myn fuotten op rêste, wol Ik eare oandwaan.
14De soannen fan dyn ûnderdrukkers sille mei de holle foardel by dy komme,
oan dyn fuotsoallen ta sille se har bûge,
allegearre dy’t earst op dy delseagen;
en se sille dij stêd fan de Heare neame,
it Sion fan de Hillige fan Israel.
15Wylsto earst in ferlittene wiest,
in frou dy’t hate en skoudere waard,
meitsje Ik no in pronkstik fan dy,
in freugde foar alle tiden.
16Do silst de molke fan ’e heidenfolken drinke,
ja, oan keninklike boarsten fuorre wurde
en do silst witte,
dat Ik de Heare bin, dyn Helper,
dyn Ferlosser, de Machtige God fan Jakob.
17Foar koper bring Ik goud yn ’t plak,
foar izer sulver,
foar hout koper,
foar stien izer.
Ik meitsje, dat frede dy it paad wiist,
en dat gerjochtichheid dyn gongen stjoert.
18Fan geweld sil gjin sprake mear wêze yn dyn lân,
noch fan fernieling en ferneatiging binnen dyn grinzen.
Do silst dyn muorren Heil neame en dyn poarten Lof.
19Oerdei sil de sinne dyn ljocht net langer wêze,
en nachts sil de glâns fan ’e moanne dy net langer byljochtsje;
nee, de Heare sil dyn ivich ljocht wêze
en dyn God dyn gloarje.
20Dyn sinne sil noait wer ûndergean
en dyn moanne net fersitte,
want de Heare sil dyn ivich ljocht wêze
en de dagen fan dyn rouwe nimme dan in ein.
21Dyn folk sil net oars as rjochtfeardigen telle,
en it lân foar ivich yn besit krije.
As in stekling dy’t Ik plante haw,
silsto it wurk fan myn hannen wêze,
dat My ferhearliket.
22De minmachtichsten sille dan tûzen wurde,
de minsten in machtich folk.
Ik, de Heare, sil dat komme litte
sagau as it de tiid derfoar is.