Warskôging tsjin ûngerjochtichheid
1Nee, de earm fan de Heare is net te koart om te rêden
en syn earen binne net te staf om te hearren.
2Nee, jimme ûngerjochtichheden hawwe in daam opsmiten tusken jimme en jimme God!
Jimme sûnden meitsje, dat Er Him fan jim ôfkeart om jim mar net te hearren.
3Ommers, jim hannen sitte ûnder it bloed,
jimme fingers ûnder de ûngerjochtichheid;
wat jim oer de lippen komt, is leagen en bedroch
en wat jimme tonge bepreuvelet, is gemienichheid.
4Gjinien dy’t mei rjocht syn beskuldiging ynbringt,
gjinien dy’t in earlik pleit fiert.
Skynfertoanings ha se fedúsje yn en se lige mar ta;
se sitte fol misdiedichheid
en bringe gemienichheid te wrâld.
5Se briede aaien fan fergiftige slangen út
en weve spinreagen;
wa’t fan har aaien yt, giet dea;
knyp der ien fan stikken en der komt in njirre út.
6Har webben kin men gjin klean fan meitsje,
gjin mins krijt klaaiing út wat se beweve;
har wurk is ûnheilswurk
en kleare geweld is it, wat har hannen dogge.
7Se fleane op it kweade ôf, sa hurd as se kinne,
ûnskuldich bloed ferjitten giet har linich ôf.
Har plannen binne ûnheilsplannen,
fernieling en ferneatiging tekenje har paad.
8De wei nei frede witte se net fan,
gjin spoar fan gerjochtichheid is by har te finen;
kronkelpaden, oare nimme se net,
foar wa’t him dêrop jout, is alle frede wei.
9Sadwaande hâldt it rjocht him fier fan ús ôf
en komt de gerjochtichheid net oan ús ta.
Wy sjogge út nei ljocht, mar it bliuwt roettsjuster,
net klearljochte dei, mar wy rinne om yn neare nacht.
10As blinen taaste wy by in muorre lâns
as lju sûnder eagen knoffelje wy om;
wy stroffelje midden op ’e dei as wie ’t al skimerjûn;
wy wenje yn it tsjuster, as wienen wy dea.
11Wy grânzje allegearre as bearen,
en koere klaachlik as dowen;
wy sjogge út nei in rjochtsútspraak,
mar neat dat derop wiist;
nei de befrijing, mar dy is noch fier fuort.
12Ja, wit-hoefaak ha wy dwers foar Jo oer stien
en ús sûnden pleitsje tsjin ús;
ús dwersens stiet ús klear foar eagen
en ús ûngerjochtichheden kenne wy skoan:
13Tsjin de Heare yngean en Him de tsjinst opsizze,
ús God net mear folgje wolle;
prate fan ûnderdrukking en opstân;
en mei wurden fan leagen en bedroch omtôgje.
14Sa wurdt it rjocht oan ’e kant skood
en hâldt de gerjochtichheid har fansiden;
de goede trou stroffelet op it merkeplein
en earlikheid krijt dêr gjin tagong.
15De goede trou rekket te syk
en wa’t it kwea mijt, rûpelje se út.
De Heare seach, dat der gjin rjocht wie
en it wie Him in ôfgriis.
16Hy seach, dat gjinien der wat oan die,
Hy besaude Him, dat nimmen tuskenbeiden kaam.
Doe hat syn eigen earm syn helper
en syn gerjochtichheid syn stipe west.
17As harnas die Er gerjochtichheid oan,
rêding sette Er as in helm op ’e holle,
as klaaiïng keas Er de wraak
en neigeande leafde sloech Er as in mantel om.
18Elkenien jout Er lean nei wurken:
grime oer syn tsjinstanners,
ferjilding oer syn fijannen;
de lannen oan ’e seekant sille it gewaar wurde.
19Dy fan it westen en dy fan it easten krije ûntsach
foar de namme fan de Heare en foar syn hearlikheid;
want Hy komt opsetten as in rivier yn in berchingte,
dêr’t de azem fan de Heare it wetter fan opswypket.
20Mar foar Sion komt Er as Ferlosser,
foar elk fan it Jakobsfolk dy’t fan syn misstappen weromkomt
– is de godsspraak fan de Heare.
21En dit is no myn ferbûn mei harren – seit de Heare: Myn Geast dy’t oer dy is en myn wurden dy’t Ik dy yn ’e mûle lein haw, sille dij net ûntfalle, dyn bern net en dy har bern likemin, fan no ôf oant yn der ivichheid. Dat hat de Heare sein.