Heil ek foar dy’t derbûten steane
1Dit hat de Heare te sizzen:
Stean noed foar it rjocht en doch gerjochtichheid,
want myn heil is op kommende wei,
en myn gerjochtichheid sil mei gauwens bliken dwaan.
2Gelokkich de minske dy’t dêrneffens docht,
it minskebern dat him dêr krekt oan hâldt,
dy’t derom tinkt en ûnthilligje de sabbat net,
dy’t him te wacht nimt foar alle kweadwaan.
3De útlanner dy’t him by de Heare jûn hat,
moat net sizze:
De Heare sil my foar altyd apart hâlde fan syn folk!
en de eunúch moat net sizze:
Ik bin neat oars as in útdroege beam!
4Want dit hat de Heare te sizzen:
De eunúchen dy’t myn sabbat hâlde,
har sin derop sette om myn wil te dwaan
en har krekt hâldeoan myn ferbûn,
5dy jou Ik yn myn hûs en yn myn stêd
in eareteken en in earenamme,
en dat is mear wurdich as soannen en dochters,
want sokken jou Ik in ivich bliuwende namme,
ien dy’t ûnfergonklik is.
6En de útlanners dy’t har by de Heare jouwe
om Him te tsjinjen, syn namme leaf te hawwen
en sadwaande syn tsjinners te wurden,
ja, allegearre dy’t derom tinke en ûnthilligje de sabbat net
en har krekt hâldeoan myn ferbûn,
7dy bring Ik nei myn hillige berch,
en meitsje Ik bliid yn myn hûs fan gebed.
Har brânoffers en fleisoffers op myn alter sille wêze, sa’t Ik se hawwe wol,
want myn hûs sil hûs fan gebed foar alle folken neamd wurde.
8Dit is de godsspraak fan God de Heare
dy’t Israels fersille folk wer byinoar bringt:
By har dy’t Ik byinoar haw, bring Ik noch oaren.
Warskôging foar ûnbetroubere wachters
9Dieren út fjild en bosk,
kom allegearre en doch jim te goed!
10De wachters fan myn folk binne allegearre blyn,
se fernimme neat,
it binne allegearre stomme hûnen,
blaffe kinne se net,
se lizze yn ’e sûs
en dogge neat leaver as sliepen.
11Roppige hûnen binne it,
dy’t net sêd kinne;
en dat binne no hoeders!
Lju sûnder omtinken,
mar allegearre mei har eigen doel foar eagen
en altiten út op gewin foar harsels.
12‘Kom,’ sizze se, ‘ik helje wyn,
en wy jitte ús fol mei sterke drank.
En moarn giet it krekt sa as hjoed,
ja, noch helte moaier!’