It earme folk wurdt noege
1Kom om wetter, allegearre dy’t toarst hawwe,
ek jimme sûnder jild, kom hjirhinne
en keapje nôt en yt, ja kom en keapje mar,
sûnder jild, samar fergees, wyn en molke.
2Wêrom jim jild út te jaan foar wat gjin brea is
en jim arbeidslean foar wat net sêdzje kin?
Harkje ynmoedich nei My, dan hawwe jimme wat goeds te iten,
dan kinne jim te gast gean oan it fette fan ’e ierde.
3Hear skerp ta en kom by My,
harkje en jim sille libje:
Ik slút in ivich ferbûn mei jimme,
as bewiis fan de trouwe leafde dy’t Ik David tasein haw.
4Him haw Ik as getuge foar de naasjes set,
en as foarst en gebieder oer de folken steld.
5Do silst in folk roppe datst net koest
en in folk dat dij net koe, sil op dy tafleane,
omdat de Heare, dyn God,
de Hillige fan Israel, dij dy gloarje jûn hat.
In lêste ropstim
6Sykje de Heare, no’t Er te finen is,
rop Him oan, no’t Er deunby is.
7Lit dy’t ferkeard is, it ferkearde paad ferlitte,
wa’t kwea docht, ta oare gedachten komme;
lit him by de Heare weromkomme
en Dy sil barmhertich foar him wêze;
lit him weromgean nei ús God,
want Dy ferjout kear op kear.
8Want myn tinken is oars as jimmes
en jimme dwaan is mines net – is de godsspraak fan de Heare.
9Nee, want safier as de himel útgiet boppe de ierde,
sa fier giet myn dwaan út boppe jimmes
en giet myn tinken jimmes te boppen.
10Want sa’t rein en snie út ’e loft delkomme
en dêr net wer hinnegeane
ear’t se de ierde wetter jûn
en fruchtber makke en útsprute litten hawwe,
om de siedder sied en de iter brea te jaan, –
11sa stiet it ek mei it wurd dat Ik útgean lit:
it sil net sûnder útwurking by My weromkomme;
nee, it docht wat Ik wol
en folbringt alles dêr’t Ik it foar útstjoerd haw.
12Ja, mei blydskip sille jimme ôfreizgje
en yn frede te plak brocht wurde.
Bergen en heuvels sille foar jim yn blide jubel útbrekke
en de beammen dy’t der binne, sille allegearre yn ’e hannen klappe.
13Dêr’t earst toarnebosken wienen,
sjitte no sypressen op,
en mirtebeammen komme foar stikels yn ’t plak.
Dêr sil de Heare namme mei meitsje,
in ûnfergonklik teken foar alle tiden.