1De rjochtfeardige ferkomt,
en gjinien dy’t it him neinimt;
fromme minsken wurde samar ombrocht
en gjinien dy’t der omtinken oan jout;
foar it geweld fan it kwea moat de rjochtfeardige it plak romje.
2Mar dy’t it rjochte paad holden hawwe,
kinne har fredich deljaan,
as it heil komt.
Warskôging foar it ûntrouwe folk
3Mar jimme, kom hjir mar ris,
heksebern dat jim binne,
ûntuchtich en huorkerich skaai.
4Mei wa hawwe jim de gek?
Op wa hawwe jim sa’n soad te sizzen?
Tsjin wa stekke jim de tonge út?
Binne jim sels gjin bern fan ’e sûnde,
skaai fan leagen en bedroch?
5Jimme dy’t geil binne ûnder de terebinten,
ja, ûnder elke griene beam,
jimme dy’t bern ôfslachtsje yn ’e dellings,
ûnder oan de rotskleauwen.
6De glêde stiennen yn ’e delling,
dat is wat foar dij,
dêr hast alles by opset;
dêr hast drankoffers foar útgetten
en moaloffers foar opdroegen.
En dêr soe Ik frede mei hawwe?
7Op in hege berchtop hasto dyn bêd makke;
dêr bist hinneklommen om fleisoffers te bringen.
8En achter de stilen fan ’e doar hast dyn ûnhuer byld delset.
Yn dyn ôfkear fan My hast dy neaken útklaaid
en bist lizzen gien op it bêd datst goed rom makke hast.
Do hast akkoarte mei harren dêrst graach by sliepe woest
en dêrst graach de manlikheid fan seachst.
9Do hast dy opmakke
en bist nei de Moloch gien,
dyn rûkersguod hast net sunich mei west;
dyn boaden hast wit-wêr hinnestjoerd.
Ja, dysels weismiten oant yn it deaderyk.
10Ofmêde fan dyn útspattings sûnder ein
hast noch net sein: ‘It jout my neat!’
Nee, do bist hieltyd wer op ferhaal kommen
en dêrom hast dyn nocht noch net.
11Do wiest foar neat en nimmen bang,
want do hingest gear fan bedroch
en it is net iens by dy opkommen ris oan My te tinken.
Haw Ik My net tiden stil hâlden
wylsto gjin ûntsach foar My hiest?
12Mar no sil Ik dyn eigengerjochtichheid iepenbier meitsje.
Alles watst dien hast,
jout dij allegear neat.
13Ast ropst lit dyn santekream fan ôfgoaden dy dan helpe!
De wyn nimt se allegear mei,
in sigentsje blaast se fuort.
Mar dy’t op My betrout, hy krijt it lân en myn hillige berch yn erflik besit.
Treast foar fersleinen
14Der klinkt in stim:
Heegje de wei goed op, meitsje de baan sljocht,
romje alles út ’e wei dêr’t myn folk oer stroffelje kin!
15Want dit hat de heech Ferhevene te sizzen,
Hy dy’t yn ’e ivichheid troanet en waans namme hillich is:
Ik troanje yn it hege en hillige,
mar likegoed by wa’t ferslein is en dimmen fan geast;
want Ik wol de dimmenen wer opfleurje
en de fersleinen wer moed jaan.
16Ik wol net altyd stride
en net ivich fergrime wêze,
oars soe de geast fan ’e minsken,
dy’t Ik sels makke haw, foar myn eagen weikwine.
17Om har sûndige begearigens wie Ik op dy fan Israel fergrime,
en yn myn grime sloech Ik harren en hâlde Ik My ferburgen;
mar se wienen dwerstrieddich en gongen eigensinnich har wegen.
18Ik haw wol sjoen, wat wegen se gongen,
mar Ik wol har derôf helpe, te plak bringe
en har alle fertreasting jaan.
19Dy’t om harren rouje, lis Ik wer in lofliet op ’e lippen,
frede, ja frede foar minsken fier en hein;
sa help Ik Israel wer op fuotten,
seit de Heare.
20Mar de ferkearden binne as in see yn ûnstjoer
dy’t him mar net deljaan kin,
en wêrfan de weagen slyk en modder oppolskje.
21Nee, foar de ferkearden is der gjin heil, seit myn God.