Jesaja 39
De delegaasje út Babel
1Om ’e selde tiid stjoerde kening Merodak-Baladan fan Babel, soan fan Baladan, in brief en in geskink oan Hizkia, want hy hie heard, dat er siik west hie en wer better wurden wie. 2Hizkia wie dêr tige bliid mei en hy liet de gesanten syn skathûs sjen: it sulver en it goud, de krûderijen en de kostlike oalje en ek syn hiele wapenhûs en alles wat yn syn skatkeamers te finen wie; der wie neat yn syn paleis en yn syn hiele ryk, dat Hizkia harren net sjen liet.
3Doe kaam profeet Jesaja by kening Hizkia en frege him: Wat boadskip hienen dy mannen dy’t by jo west hawwe en wêr kamen se wei? Hizkia antwurde: Se kamen út in fier lân, út Babel! 4Hy frege: Wat hawwe se yn jo paleis sjoen? Doe sei Hizkia: Alles yn myn paleis hawwe se sjoen, der is neat yn myn skatkeamers, dat ik harren net sjen litten haw. 5Doe sei Jesaja tsjin Hizkia: Hear it wurd fan de Heare Almachtich: 6Sjoch, der komt in tiid, dat al wat yn jo paleis is en wat jo foarâlden oan hjoed-de-dei ta byinoar garre hawwe, nei Babel brocht wurdt. Der bliuwt neat fan oer, seit de Heare. 7Fan jo bloedeigen soannen sille se guon meinimme en meitsje har hovelingen yn it paleis fan ’e kening fan Babel. 8Doe sei Hizkia tsjin Jesaja: It wurd fan de Heare dat jo sprutsen hawwe, is my goed. Mar hy tocht: Salang as ik libje, hâlde wy noch frede en rêst.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap