De grutte omkear
1Treast, treast myn folk dochs,
seit jimme God.
2Sprek Jeruzalem moed yn
en rop har ta,
dat it dien is mei har slavetsjinst,
dat har skuld lykmakke is;
Jeruzalem hat út ’e hân fan de Heare de straf foar al har sûnden dûbeld-en-dwers hân.
God komt yn hearlikheid
3Der ropt in stim:
Meitsje yn ’e woestyn in wei ree foar de Heare,
meitsje yn ’e steppe in rom en rjocht paad foar ús God.
4Alle delten moatte ophege wurde,
alle bergen en hichten sljochte,
hulterige steeën moatte plat makke wurde,
en berchrichels feroare yn flak lân.
5Dan sil de gloarje fan de Heare him iepenbierje
en al wat libbet sil it sjen;
dat hat de Heare sels sein.
De minske hâldt it net út
6Der klinkt in stim: Rop!
Ik freegje: Wat moat ik dan roppe?
(It antwurd is:)
Al wat libbet is as gers,
en net sterker as in fjildblomke.
7It gers ferdroeget,
de blom ferwilet,
as de azem fan de Heare deroer giet.
Sa is ’t, de minsken binne as gers!
8It gers ferdroeget,
de blom ferwilet,
mar it wurd fan ús God hâldt ivich stân.
It blide nijs
9Klim op in hege berch,
boade mei bliid nijs foar Sion!
Set dyn lûd goed út,
boade mei bliid nijs foar Jeruzalem!
Set it lûd mar út en wês net skruten,
sis it de stêden fan Juda oan:
Hjir is jimme God!
10Sjoch, hjir komt de Heare God,
yn al syn krêft, Hy hat alles yn ’e macht.
It lean dat Er útbetellet, hat Er by Him,
de beleanning dy’t Er jout, giet foar Him út.
11As in hoeder sil Er syn keppel weidzje,
mei syn earm hellet Er de lammen byinoar,
Hy draacht se oan syn hert
en driuwt de skiep dy’t lamme ha,
hoeden nei de wetterkant.
De Hear fan ’e skiednis
12Wa hat it wetter fan ’e see mei de holle hân ôfmetten,
wa hat de grinzen fan ’e himel ôfbeakene mei in span,
de grûn fan ’e ierde mei in amer opmetten,
de bergen ôfwoegen op in waachbrêge
en de heuvels op ’e skealjes?
13Wa wiist de Geast fan de Heare de wei,
wat riedsman soe Him ûnderrjochtsje?
14Wat riedjouwer hat Er oan west
om Him ynsjoch te jaan,
om Him te learen hoe’t Er rjocht dwaan moat,
om Him kennis by te bringen
en Him te learen mei ferstân te wurk te gean?
15Och, de folken binne as in drip oan ’e amer,
net mear as in tûchje oan ’e skealjes;
de lannen oan ’e seekant wage net mear as in moalkerltsje.
16De Libanon kin noch gjin branhout genôch leverje
en hat te min wyld foar it brânoffer.
17Alle folken binne neat foar Him,
by Him telle se as neat mei neat.
Israels God net te fergelykjen
18Mei wa soenen jim God dan fergelykje kinne,
hokker gelikenis soe op Him slaan kinne?
19De hantwurksman jit in ôfgodsbyld,
de goudsmid beklaait it mei goud
en smeit der sulveren keattings oan.
20Hy sjocht om hout dat net rottet,
hy siket in kundich hantwurksman
om it byld sa fêst te setten,
dat it net wankel komt te stean.
21Witte jimme it dan net?
Hawwe jim it dan net heard?
Is it jimme fan begjin ôf oan net te witten dien?
Hawwe jim, sûnt de fûneminten fan ’e wrâld lein waarden, net ynsjoen,
22dat God boppe de ierdske rûnte troanet?
Dy’t dêrop wenje, binne as sprinkhoannen.
Hy spant de himel út as in kleed,
Hy teart him út as in tinte om yn te wenjen.
23De lju fan oansjen bringt Er op neat werom,
de ierdske hearskers op minder as neat.
24Amper binne se plante,
amper binne se siedde,
amper is har stâle yn ’e ierde bewoartele,
of Hy blaast derop en se ferdroegje,
in stoarm nimt har mei as tsjêf.
25Mei wa wolle jimme My dan fergelykje,
wa is myn gelikenis? seit de Hillige.
26Slach de eagen omhegens en sjoch!
Wa hat al dy stjerren skepen?
Wa oars as Dy’t har leger útgean lit en telt?
Hy ropt se allegearre by de namme;
syn krêft is sa grut en syn macht sa sterk,
dat der mist net ien.
Krêft foar de wurgen
27Wêrom klagest dan, Jakob,
en seisto, Israel:
Myn lot wit de Heare net fan,
myn saak is myn God ûntkommen?
28Mar witst it dan net?
Hast it net heard?
In ivige God is de Heare,
Skepper fan de hiele wide wrâld.
Noait wurdt Er wurch of rekket Er ynein,
en syn ferstân kin nimmen net bedjipje.
29De wurge jout Er nije krêft,
dy’t net mear kin, makket Er sterker en sterker.
30Jongfeinten wurde wol wurch en reitsje ynein,
jongkeardels kinne stroffelje en falle.
31Mar dy’t nei de Heare útsjogge,
winne nije krêften,
se krije wjukken as earnfûgels;
hoe’t se ek rinne, se wurde net wurch,
hja geane troch en reitsje net ynein.