Hizkia syn sykte en betterskip
1Yn dy dagen waard Hizkia deasiik. Doe kaam profeet Jesaja, soan fan Amoz, by him mei it boadskip: Dit hat de Heare te sizzen: Stel oarder op saken, want do moatst stjerre, do wurdst net wer better! 2Doe kearde Hizkia it gesicht nei de muorre en die dit gebed ta de Heare. 3Hy sei: Och Heare, ferjit dochs net, dat ik earlik en mei in tawijd hert foar jo antlit libbe haw en dien wat Jo goedachtsje. En Hizkia skriemde lûd.
4Doe krige Jesaja dit wurd fan de Heare: 5Gean hinne en sis tsjin Hizkia: Dit hat de Heare, de God fan jo foarfaar David, te sizzen: Ik haw dyn gebed heard en Ik haw dyn triennen sjoen. No dan, Ik doch noch fyftjin jier by dyn libbenstiid. 6En Ik sil dij mei dizze stêd út ’e macht fan ’e kening fan Assyrië ûntsette; en Ik sil dizze stêd beskermje. 7Dit sil it teken foar dy wêze fan de Heare, dat Er dwaan sil, wat Er tasein hat: 8Ik lit op ’e sinnewizer fan Achaz it skaad, dat mei de sinnestân delgien is, tsien streken werom komme. En de sinne kaam tsien streken werom op ’e streken dy’t er delgien wie.
De psalm fan Hizkia
9Dit gedicht hat kening Hizkia skreaun, doe’t er siik wie en wer opknapte.
10Ik tochte: Op ’e middeishichte fan myn libben
sil ik hjirwei moatte;
wat ik noch oan jierren te goede haw, ûntfalt my;
ik wurd oproppen nei de poarten fan it deaderyk.
11Ik tocht: No sil ik yn it lân fan ’e libbenen
de Heare noait wer sjen
en de minsken net langer opnimme
en wat fierder op ’e wrâld libbet.
12Myn wente is opbrutsen en my ôfnommen
as wie ’t in hoederstinte.
Ik rôlje myn libben op as in wever syn doek;
se snije my los fan it weeftou.
By nacht en by dei binne Jo dwaande mei my ôf te weven,
13al rop ik oan ’e moarntyd ta.
Sa’t in liuw syn proai de bonken brekt, sa dogge se mei my.
14Ik piipje as in swel, as in draainekke,
ik koer earmoedich as in do.
Myn eagen litte it sitte, as ik omhegens sjoch,
o Hear, ik sit der sa ta, wês Jo myn boarch!
15Wat moat ik nei foaren bringe en tsjin de Heare sizze?
Hy hat it ommers sels dien?
Al myn libbensdagen rin ik om mei dat bittere lijen.
16Hear, sokke dingen libbet men mei,
sa libbet myn geast jier-út jier-yn.
Meitsje my sûn en lit my libje!
17Myn bitter lijen is yn heil feroare;
ja, Jo hawwe my fol leafde yn ’e earmen nommen
en út ’e ôfgrûn fan ’e ûndergong tild.
Want Jo hawwe al myn sûnden achter Jo smiten.
18Nee, it deaderyk lovet Jo net,
de dea sjongt jo lof net,
dy’t yn ’e tsjustere kûle delsinke
hawwe gjin hoop mear op jo trou.
19Mar de libbene, de libbene, dy lovet Jo,
sa’t ik hjoed-de-dei doch;
heiten fertelle har soannen,
hoe trou Jo binne.
20De Heare stie ree om my te helpen,
dêrom sjonge wy dit liet fan my
en poene de snaren
al ús libbensdagen
foar it hûs fan de Heare.
Taheakke
21Jesaja hie sein: Lit har in klute figen nimme en dy as pleister op ’e swolm lizze, dan sil er better wurde. 22En Hizkia hie frege: Wat is it teken dat ik wer nei it hûs fan de Heare opgean mei?