Jesaja syn earste profesij
1Doe’t kening Hizkia dat hearde, skuorde er syn klean, die de rousek om en gong nei it hûs fan de Heare. 2Hy stjoerde hofmaster Eljakim en skriuwer Sjebna en de âldsten fan ’e prysters mei de rousek om nei profeet Jesaja, soan fan Amoz, 3en se seinen tsjin him: Hizkia hat sein: Dit is in dei fan benearing, straf en skande. (It is mei ús as mei in frou) ‘It bern is oan it kommen ta, mar de krêft om it te wrâld te bringen is der net!’ 4Miskien heart de Heare, jo God, de wurden fan ’e fjildhear, dêr’t syn master, de kening fan Assyrië, him mei stjoerd hat om de libbene God te húnjen. Miskien wol de Heare, jo God, him wol straffe foar dy wurden, dy’t Er heard hat. Wolle jo dan in gebed opdrage foar it folk dat noch oer is?
5Doe’t de tsjinners fan kening Hizkia by Jesaja wienen, 6sei dy tsjin harren: Jimme moatte tsjin jim hear sizze, dat de Heare sein hat: Sit net oer de wurden yn, dy’t jo heard hawwe en dêr’t dy jonges fan ’e kening fan Assyrië My mei lastere hawwe. 7Want Ik sil him sa’n geast ynjaan, dat er by it minste gewach nei syn eigen lân weromgiet en dêr sil Ik him delhouwe mei it swurd.
Sanherib besiket it nochris
8De fjildhear gong werom en trof de kening fan Assyrië yn ’e striid tsjin Libna, want hy hie al heard, dat er foar Lakisj weigien wie. 9Mar doe’t de kening fan Assyrië warskôge waard foar kening Tirhaka fan Etiopië: Tink derom, hy is fan doel om jo oan te fallen, stjoerde er op ’e nij boaden nei Hizkia mei it boadskip, 10dat se tsjin kening Hizkia fan Juda sizze moasten: Lit jo troch jo God, dêr’t jo op betrouwe, net wysmeitsje, dat de kening fan Assyrië Jeruzalem net yn ’e macht krije sil. 11Man, jo hawwe sels wol heard, wat de keningen fan Assyrië mei alle oare lannen dien hawwe. Dy hawwe se folslein útroege. En soenen jo dan rêden wurde? 12Hawwe de goaden fan ’e folken dy’t myn foarfaars útroege hawwe, harren soms rêde kinnen: Gozan, Haran, Rêtsef en it folk fan Eden, dat yn Telassar wenne? 13Wêr binne se keard, de kening fan Hamat, de kening fan Arpad, de kening fan Laïr, fan Sefarvaïm, fan Hena en fan Ivva?
Hizkia syn gebed
14Hizkia naam de brief fan ’e boaden oan en lies dy; doe gong er nei it hûs fan de Heare en lei de brief wiidút foar it antlit fan de Heare del. 15Hizkia spriek dit gebed foar it antlit fan de Heare: 16Heare Almachtich, God fan Israel, Jo dy’t op ’e kearûb-ingels troanje. Jo, Jo allinne binne God fan alle keninkriken op ierde. Jo hawwe himel en ierde makke. 17O Heare, kear jo ear hjirhinne en harkje! O Heare, doch jo eagen iepen en sjoch! Hear it boadskip dat Sanherib stjoerd hat om de libbene God te húnjen. 18It is wier, Heare, de keningen fan Assyrië hawwe alle folken en har lân ferwoeste, 19en har goaden yn it fjoer smiten. Dat wienen ommers gjin goaden, mar neat oars as wurk fan minskehannen, stikken hout en stien, dat dy koenen se ferniele. 20Mar Heare ús God, ferlos Jo ús no út syn macht, dan sille alle keninkriken fan ’e ierde witte, dat Jo, Heare, allinne God binne.
Jesaja syn twadde foarsizzing
21Doe stjoerde Jesaja, soan fan Amoz, dit boadskip nei Hizkia: Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Watsto My bidden hast tsjin kening Sanherib fan Assyrië, haw Ik heard. 22Dit is de útspraak dy’t de Heare oer him dien hat:
Hja laket dy út, se hat de gek mei dij,
de jongfaam, dochter Sion;
skodholjend sjocht se dij achternei,
de dochter Jeruzalem.
23Wa hasto húnd, Wa hasto belastere,
tsjin Wa de mûle iepenskuord
en grutsk de eagen opslein?
Tsjin de Hillige fan Israel!
24Troch dyn feinten hasto de Hear hnd,
do hast sein: ‘Mei myn macht fan weinen
gean ik de hege bergen op,
fier de Libanon yn.
No kapje ik dêr de heechste sederbeammen
en de treflikste sipressen;
ik kom op ’e heechste top,
yn ’e weelderige bosk.
25It wetter yn frjemde lannen
haw ik oanboarre en dronken.
Under myn fuotsoallen traapje Ik alle streamen fan Egypte droech.’
26Mar hasto it dan net heard?
Al lang lyn haw Ik dat taret
en fan âlde tiden ôf beskikt.
No lit Ik it dwaan –
en bisto de man om fersterke stêden yn pún te lizzen.
27De bewenners steane machteleas,
ferslein en beskamme; it giet har
as planten op it fjild,
as jong grien,
en as gers op ’e dakken:
it ferskroeit fan ’e eastewyn.
28Ofsto dy no opjoust of dy deljoust,
en wêrst ek komst of giest, Ik bin mei alles bekend,
en wit hoesto dy tsjin My tjirgest.
29Omdatst dy sa tsjin My tjirge hast
en dyn oermoed oan myn earen ta opstiigd is,
doch Ik dij myn ring yn ’e noas
en myn teame yn ’e mûle,
en Ik lit dy weromgean
de wei dyst lâns kommen bist.
30Mar foar jo, Hizkia, sil dit it teken wêze:
Yt dit jier fan it nôt dat himsels sieddet,
takomme jier fan wat neiwaakst,
mar siedzje en rispje it tredde jiers,
plantsje wynstokken en yt de frucht dêrfan.
31Want wat fan it hûs Juda ûntkommen is, it folk dat noch oerbleaun is,
sil wer woartel sjitte nei ûnderen
en frucht drage nei boppen.
32Want der sil út Jeruzalem noch wat oerbliuwe
en fan ’e berch Sion sille guon rêden wurde.
De neigeande leafde fan de Heare Almachtich
sil dat dwaan.
33Dêrom hat de Heare oer de kening fan Assyrië sein:
Hy komt dizze stêd net yn,
hy sil der gjin pylk yn sjitte,
hy sil der mei gjin skyld op ôfstoarmje,
en der gjin skâns tsjin opsmite.
34De wei dy’t er lâns kommen is,
moat er werom
en dizze stêd komt er net yn, – is de godsspraak fan de Heare.
35Ik sil dizze stêd beskermje en ûntsette
om Mysels en om myn tsjinstfeint David.
De ferlossing fan Jeruzalem
36Doe teach de ingel fan de Heare út en sloech yn it Assyryske leger hûndertfiifentachtich tûzen man del. De oare moarns, doe’t se oerein kamen, wie it dêr allegearre liken. 37Kening Sanherib fan Assyrië briek op, gong werom en bleau te Ninevé. 38Op in kear, dat er him yn ’e timpel fan syn God Nisrok delbûgde, sloegen syn soannen Adrammêlek en Sarêser him dea mei it swurd. Se ûntkamen sels nei it lân Ararat en Ezarhaddon, in oare soan, waard kening yn syn plak.